Auke Klapper |
|
|||||||||||||||||||
De Warkumer weesjonge Auke Klapper (1853-1910)
Goudsmidsfeint tsjin wil en tank
Jean-Pierre van Rijen
Fryske oersetting: Gerrit Twynstra
|
|||||||||||||||||||
Ta de seldsume egodokuminten fan feinten fan goud- en sulversmidden yn de 19de ieu heart dy fan de weesjonge Auke Klapper (1853-1910). (1) Yn syn memoires neamt er de Warkumer goud- en sulversmid Tjeerd Hendriks Rekers (1838-1915) as syn learmaster. Tjeerd Rekers wie in soan fan in izersmid yn Balk. Hy hie him yn 1864 yn Warkum te wenjen set, nei't er earst as goudsmidfeint it fak leard hie. (2) Auke kriget in oplieding, behearsket it fak, mar wol syn wjukken útslaan. Fergees sille Rekers en oare goudsmidsbazen besykje om de weesjonge yn Fryslân te hâlden. | |||||||||||||||||||
![]()
It yn 1619 boude Warkumer Steds Weeshûs yn 1724 tekene troch J.H. Stellingwerf
Auke Klapper en syn twa bruorren kamen hjir yn 1866. Yn 1869 waard it ferfongen troch in nij weeshûs
Auke sil yn 1872 it weeshûs ferlitte.
kolleksje Frysk Museum
|
|||||||||||||||||||
Boadskiprinders- en learjonge Ferskate kearen wierret it Auke yn syn jongereintiid tsjin. Alderearst ferstjert syn mem IJbeltje at er fiif jier âld is. Syn heit Jan nimt dêrnei de út Snits ôfkomstige Justina Hubee as húshâldster yn tsjinst, mei wa't er al gau trout. In twadde besiking is de slúting fan it stiselfabryk, dêr't syn heit wurket. De heit komt sûnder wurk te sitten, mei as gefolch dat de bern fan skoalle moatte om te wurkjen. Godtsjinstige benyptens is him frjemd: Aukes heit is protestant, syn twadde mem katelyk. 'Daar ik noch heel klein zijnde mij om geen Godsdienst bekommerde ging ik getrouw met haar ter kerke en deed alles wat zij deed als knielen enz. die pracht en weelde daar beviel mij dan ook veel beter, dan die koude stijve boel in de Protestantsche kerken, en Vader zag er zeker geen kwaad in....' Op 26 juny 1866 ferstjert heit Jan Klapper oan de pokken. Trije wike letter wurde Auke en syn twa bruorrenyn it Boargerweeshûs opnommen. It oantal wezen giet yn dy perioade dernei omheech fan likernôch tweintich nei fjirtich as gefolch fan in goalera-epidemy, dy't op dat stuit Warkum teheisteret. Al earder hie Auke de skoalle ferlitte moatten om te wurkje 'teneinde het huishouden te schragen'. Syn âldste broer wie bestimd om kûper te wurden, syn twadde broer ferver en hysels koperslagger. Dat lêste fak befalt net en nei in heal jier stapt er oer nei in goudsmid. 'Reeds tijdens mijn vader nog leefde was ik natuurlijk al bij een goudsmit met name Tjeerd Rekers in de leer gekomen, en derhalve bleef dat zoo, ook in 't weeshuis, daar al de kinderen iets moesten leeren om zich op 18e jarigen leeftijd zelf te kunnen redden daar men tot zoolang maar in 't gesticht mogt blijven, en het alsdan zonder vorm van proces moest verlaten, waaruit gevolgelijk voor ieder onzer was af te leiden dat hij zich moest beijveren bij zijn vak, daar een jongeling van 18e jaren welke een knap vak leert nog niet veel bijzonders is voor een handwerksman'. Eins leit Aukes hert by de see. It goudsmidsbaantsje befalt him wol, mar folle leaver hie er op in skip de wrâldseeën befearn. Warkum, dan noch lizzend oan de iepen Sudersee, hat in seehaven. Troch 'het dagelijksche zeegezicht' en de bulte reisferhalen dy't er lêst, lôket it sâlte wetter, mar syn takomstdreamen bliuwen in yllúzje. 'Mijn wensch werd nooit verwezenlijkt daar de heeren voogden daartoe geen permissie gaven, ik zag mij dus gedoemd mijn vak te blijven beoefenen bij welk besluit ik mij dan ook kalm en gelaten gedroeg, met het vaste voornemen als ik groot was en mijn vak magtig was, dan toch te reizen op mijn vak'. Spitigernôch neamd Auke de oare goudsmidsfeinten net by namme. Hy makket ien útsûndering, foar Auke Zwanenburg út Harns, dy't de weesjonge tagedien is. 'Hoe dan ook, in elk geval, hij zette mij geducht aan den arbeid, en daar hij een zeer knap werkman was, kon het niet anders of ik moest goede vorderingen maken, wat mij te gemakkelijker viel, wijl ik mij uit eigen beweging had voorgenomen met ijver en volharding me op mijn vak toe te leggen, want was ik eenmaal een degelijk werkman geworden alsdan stond de wereld voor mij open'. Nijsgjirrich binne de fertsjinsten dy't Auke fermeld. Oant syn sechtjinde jier bliuwt er boadskiprinners- en learjonge. Yn dy seis jier fertsjinnet er respektivelik f 0,30, f 0,40, f 0,50, f 0,60, f 0,75 en ta eintsje beslút in grouwe gûne yn de wike. 'Met de 16 jaar werd ik loopjongen af en bleef voortdurend op de winkel tot dat ik mijn achttiende jaar bereikte'.(3) |
It Weeshûs Troch in folkstelling witte wy dat der oan de ein fan 1859 yn Nederlân likernôch 30.000 bern sûnder âlden wienen, fan wa't in tredde part yn in gesticht siet. Trochstrings sieten der yn sa'n gesticht mear as fjirtich weesbern, in oantal dat troch epidemyen yn in koart skoftke tiid oprinne koe. Yn 1866 bedarren Auke Klapper en syn bruorren Douwe en Sjirk yn it Warkumer Boargerweeshús, trije wike nei it ferstjerren fan harren heit. Heit stoar oan de pokken, mar koart nei syn dea briek de goalera út en waard it tal, dat oan it begjin tweintich weesjonges en -famkes wie, ferdûbele. Yn totaal rekken tusken 24 juny en 13 augustus 32 persoanen yn Warkum ynfektearre. Yn de stêd beswieken 21 persoanen oan de epidemy, yn hiel Nederlân net minder as 21.000.1 Hoe ellindich de sitewaasje ek wie, doch wienen de trije bruorren der net rouwich om, dat sy yn it weeshûs opnommen waarden. Nei alle misêre wie it in seine, sa skreau Auke, 'daar we weer beter gevoed en gekleed werden, zoodat ons smart en rouw allengs begon te heelen'. Wol joech it kolossale gebou út 1619 him eangst oan, foaral nachts. Sels de dúvel spile in rol yn de ferhalen dy't rûngienen. Yn Aukes heugenis wienen de sealen sa goed as sûnder meubels: 'Het was zelfs zoo erg, dat wij des avonds bij het naar bed gaan ons kleeren op de steenen vloer neer moesten gooien, wijl nog bank nog stoel of dergelijks voorhanden was.' It iten en drinken wie ienfâldich, mar foldwaande: moarns en jûns twa stikken brea mei bûter en raspe kominetsiis (krûdsjetsiis), middeis snert of brune beanen, grôt op rys, en ienris yn `e wike jirpels en in heal pûn spek it bern. Fleis kaam der net op `e tafel, kofje en tee allikemin, wol molke, al wie it oanlinge mei wetter. Kommen wienen der net, der wurdt sein dat der om barren dronken waard út in sleef 'of wat men ook maar bij de hand had'. ![]()
de sleef dy't yn it Warkumer weeshûs brûkt waard
kolleksje Warkums Erfskip
|
||||||||||||||||||
![]()
it strafizer
kolleksje Warkums Erfskip
|
![]()
de narremûtse
kolleksje Warkums Erfskip
|
||||||||||||||||||
Feint en masterfeint Op 12 maaie 1872 mei er lyk as de oaren dy't der foar yn oanmerking komme it gesticht ferlitte, al hat er dan 'een half jaar overwinst' omdat hy al yn oktober achtjin jier wurden is. 'Op eigen wieken drijven, in eigen behoefte voorzien, niemand meer rekening en verantwoording te doen van zijn daden en handelingen eigen heer en meester dus, ziedaar! wat vooruitzicht, daarbij nu werd mijn noeste vlijt beloond wijl ik in staat was met mijn handwerk zooveel te verdienen dat ik mij goed kon redden en niet zoals vele andere der confraters verpligt was dienst te nemen als militair'. Wiidweidich ferhellet Auke hoe't er syn fâlden en weesheit en -mem betanket en ôfskie nimt fan syn bruorren en susters yn it weeshûs. Lykwols ûntrint er op syn lêste dei it middeismiel yn it gesticht omdat er al wit dat er wat fierder yn de strjitte oanskowe kin. Hy ferfart nei in kosthûs, dreaun troch Jentje de Vreeze, ien fan de oare goudsmidsfeinten, dy't deun nêst it weeshûs wennet. Hiel krekt heuget Auke him it nije gefoel fan frijheid: 'Thans was ik zo vrij als een vogel in de lucht, en ademde die vrijheid met volle teugen in, wijl ik de eerste avond noch om elf ure gansch alleen op straat dwaalde door de stad als iemand die niet goed weet waar hij zijn moet of naar toe wil, het ging mij even als een bandhond die losgerukt zijnde door de straten der stad scharrelt alles met verwondering gade slaande'. Auke fertsjinnet dan f 3,75 yn `e wike dêr't f 2,75 fan reservearre is foar it kostjild. Sa hâld er ien gûne oer om himsels te klaaien en te fermeitsjen. De jongfeint is op himsels en troch de ynbakte weeshûs dissipline hâldt er him fier fan de wille fan de jingen fan syn jierren, 'die naar cafe liepen, biljard speelden of vrijden'. |
De tucht waard neffens Auke hânhavene mei in tsjok kabeltou en mei it opsluten yn in hok. De klabats, in út lear flochten swipe wie blykber yn ûnbrûk rekke. Yn 1848 skriuwt de weeshúsheit dat ''t ons zwaar valt aldoor de tuchtroede te gebruiken', mar ûndúdlik is hoe letterlik ynstrumint én frekwinsje opfette wurde moatte. It hok wie trouwens in net te ûnderskatten strafmaatregel: fjirtich jier letter betreurje se yn it Warkumer weeshûs nei opsluting sels in deade.2 Nêst fiergeande straffen as it kastijen en opsluten waarden wezen ek te skande set. Oant hjoed de dei wurde in narremûtse en in strafizer yn Museum Warkums Erfskip bewarre, al moat men jin ôffreegje oft dy yn Aukes tiid noch brûkt waarden. De fluwielen mûtse, ea yn fûle tinten, mei oan in de sturt hingjende beltsjes en it earizer dat wier fan izer is, moasten foar straf droegen wurde troch it weesbern, jonge respektivelik famke, dat him of har misdroegen hie.3
Yn de tiid fan Auke wie it Warkumer weeshûs al lang twongen om ek net-herfoarme bern op te nimmen. Tagelyk wienen de fâlden ferplichte om neffens de winsken fan de tsjerken te soargjen foar tsjerkegong en kategisaasje. De herfoarme wezen - lykas Auke - gienen ûnder lieding fan de weeshúsheit en -mem nei tsjerke, de oaren besochten - sûnder begelieding - de minniste , grifformearde of katolike tsjerke.4 De rjochtings binnen de protestantske lear rûnen sterk útinoar en dat soarge foar in nuveraardige fersnippering fan it godstsjinstûnderrjocht. Omdat der fan sawol otterdokse as liberale kant út jeften ûntfongen waarden, kaam der om 'e wike in oare predikant. 'Wat den een derhalve vandaag er in preekte; prate den ander de volgende keer er weer uit'. De wezen gienen eltse snein twaris nei tsjerke, dêr hienen sy no net echt in soad nocht oan en oan teologyske striidfragen hienen sy fansels al hielendal gjin boadskip. Of lykas Auke it koart formulearret: 'Ons kon het natuurlijk niet schelen of ze ons tot Turken of heidenen wilden opleiden'. |
||||||||||||||||||
![]()
Lofts it Weeshûs boud yn 1869
foto: A. Molenaar, Boalserd, Dijlakker
fotokolleksje Warkums Erfskip
|
|||||||||||||||||||
Syn baas, de sulversmid Tjeerd Rekers, hat grutte plannen mei Auke. Hy wol him net yn tsjinst as feint, mar as fertsjintwurdiger, dy't de streek ôfreizget om it sulverguod te ferkeapjen, lykas hy dat sels ek docht. Auke ken de hiele súdwesthoeke fan Fryslân al en hat dêr de measte klanten al besocht. Blykber hat er in tige goede kondysje want neffens eigen sizzen reizget er meastal geandefoet. Mar it is net de takomst dy't Auke foar him sjocht en dat lit er de baas witte. 'Hij kon bij mij met zijn plannen niet vorderen daar ik volstrekt geen zin had in het koopmansvak met een mars op de rug alle boeren bezoeken en met een zoetsappig gezicht op de nederigste wijze te vragen of ze ook iets van nooden hadden, zoiets lag in mijn karakter niet, wijl ik den persoon niet was om alles voor lief te nemen wat ze een koopman soms naar het hoofd slingeren daar was mijn temperement veel te vurig van aard van'.(4) Mei in soad selskennis foarsjocht er dat er mei syn koarte kop net geskikt is de baan en ta eintsje beslút berêst syn patroan dêryn. 'Bovendien', sa heakket Auke der selsbewust oan ta, 'was ik op de winkel ook onmisbaar wijl het zware smeedwerk steeds voor mij was, wijl de overige beide gezellen die met mij op de winkel werkten daartoe geen kracht genoeg bezaten'. Auke kiest noch efkes foar de smidderij, net foar it bestean fan in reizgjend keapman, al bliuwt de wide wrâld him wol talaitsjen. By in beskriuwing fan syn berteplak Warkum memorearret er: 'Spoortreinen of stoombooten kenden we alleen bij naam, of van verre, daar men van den zeedijk zoo nu en dan een stoomer zag op een afstand...'. Op 6 maaie 1873 giet Auke Klapper, tweintich jier âld, noch yn militêre tsjinst. Goed in jier letter swaait er ôf, al sil er noch trije kear foar in skoftke yn it leger gean. At er yn 1874 mei grut ferlof yn Warkum weromkomt, is dat fan needs ek in werom kommen yn de smidderij fan Tjeerd Rekers. Auke wurket der mei tsjinsin: 'Dat stilzittende goudsmitsleven, altijd in zulk een nare atmosfeer vertoeven, beviel mij hoegenaamd niet meer.' Mei in fertsjinste fan f 4,25 en in kostjild fan f 3,- yn `e wike giet er der lykwols finansjeel op foarút. Nei goed fjouwer moanne giet er wer foar in heal jier ûnder de wapens, om dêrnei in oare wurkjouwer te kiezen, de goud- en sulversmid Paulus van der Beek (1829-1909) yn Frjentsjer. It is gjin lokkige kar. 'Dat alle verandering geen verbetering was, ondervond ik ook daar mijn nieuwe baas een driftkop was van 't eerste soort, en ik niet minder zoo dat we al spoedig elkaar de tanden lieten zien.' In tekoart oan wurk soarge allinnich mar foar mear spannings op de wurkflier, al wurke it lean as 'een zalfje op de wond': f 5,50 yn `e wike, by in kostjild fan f 3,50. At Auke yn augustus 1875 wer ûnder de wapens roppen wurdt, binne der sa'n bytsje opdrachten dat Van der Beek al lang bliid is. Hy stjoert al nei in wike in ûntslachbrief, dy't sa loovjend opsteld is dat dy tagelyk as tsjûchskrift tsjinnet. Mei dy referinsje yn `e hân begjint Auke yn septimber by de goud- en sulversmid Jan Schaafsma (1850-1892) yn Dokkum. Hy moetet in goeie patroan en in prima kosthûs mei noflike kostgongers. 'Ik verdiende wel wat minder dan te voren maar gaf ook minder kostgeld, en wat de zaak heelemaal goed maakt, was dat we wel voor vier man schik hadden, we hadden bijkans altijd pleizier, en nooit kon ik later Dokkum vergeten'. It útgongslibben lonket yntusken. Fan de sparsin yn it begjin is noch mar in bytsje oer. Mar nei de tredde en lêste ûnderbrekking yn kriichstsjinst begjint de soarch om de takomst te toarnjen. 'In Dockum teruggekomen ging ik maar weder stilletjes op mijn driebeen zitten in de goudsmidwinkel en verhaalde aan de metgezellen de wonderen mijner dapperheid in de grote veldslag zonder dooden, doch eenmaal raakte ik daarover weer uitgepraat, en had weer alle tijd over mijn verdere positie na te denken'. Hyltiten mear is Auke der wisser fan dat it roer om moat: 'Goudsmid blijf 'k in geen geval.' At de kostfrou ferstjert, de kostbaas nei it gasthûs ferfart en twa kostgongers trouwe, ferlit er Dokkum. Hy hat him troch syn âlde baas Tjeerd Rekers ferliede litten om wer nei syn berteplak Warkum te kommen, dêr't er no as masterfeint begjinne kin. Auke giet net fan herte, mar genietet wol fan syn nije status. As 'volslagen werkman' en masterfeint fielt er him net langer twadde of tredde rang ûnder de hantwurkslju. 'Daarbij was ik op dat oogenblik ook premier der goudsmitsknechten wijl 'k in alle zaken thuis was, als: smeden, gieten, draaien, draadwerken en graveur, wat men weinig aantrof.' Troch al it oerwurk wurket Auke neffens eigen sizzen fan moarns fjouweren oant jûns njoggenen, dêrtroch giet er eltse sneon mei tsien gûne nei hûs. Likernôch trije jier bliuwt Auke yn Warkum foar't er hast letterlik de grinzen fan it lân opsiket. Letter libbenspaad Nei in yn Amsterdam ôflein eksamen wurdt Auke yn 1879 dûanebeamte, 'Commies bij de Directe Belastingen', hy begint yn Princenhage, in doarp súdlik fan Breda. Der is gjin tel fan twifel. 'Het was naar ik meen op Dinsdagmorgen toen ik het heugelijke nieuws ontving smorgens 7 ure, twee uur later verliet ik de goudsmidswinkel om naar ik hoopte dezelve nimmer weder te betreden altans niet als gezel, mijn gereedschappen en teekenboeken enz. verdeelde ik onder mijn confraters op de winkel'. Yn syn lettere wurksume libben hâldt Auke each foar sieraden, foar goud en sulver. Yn de provinsje Seelân sjocht er by de manlju 'gouden knoopen op den halsdoek; zilveren ter groote van een rijksdaalder aan de broek', by de froulju 'de noodige sieraden als 5 a 6 strengen bloedkoralen aan een gouden slot, de onmisbare groote bellen in de ooren enz'; yn de Brabânske Meierij sjocht er froulju mei 'onmisbare lange gouden oorbellen hun tot aan de schouder reikend'. Mar fan ûnwennigens nei it goud- en sulversmidsfak is nea sprake. It is dúdlik dat Auke Klapper nei Warkum nea mear yn him omgean litten hat om it buro yn te wikseljen foar in "stavelij", de kroantsjepin foar in "ciseleer"-pûns, gravearstift of soldearbout. |
Oerdeis wie Auke as boadskip- en learjonge yn tsjinst by in goudsmid. Syn heit hie dat al regele, mar oars soe it weeshûs grif in ambachtsbaas oanwiisd hawwe. It brocht jild yn it laadsje en soarge foar in takomstige breawinning. De edelsmidderij wie op rinôfstân fan it weeshûs, fierderop yn deselde strjitte. Op oare plakken waarden wezen ek bûten de eigen stêd pleatst. Fan it weeshûs yn Boalsert bygelyks fûnen jonges in master yn Harns, Frjentsjer, Ljouwert, Snits, Starum of yn Warkum, somtiden sels yn Amsterdam.5 It goudsmidsfak stie trouwens fier fan Aukes dreamde takomst . Hy lange nei wat er it 'zeemanswezen' neamde. De jonge mimere by de Warkumer seehaven en siet him te fergriemen oan de reisferhalen: 'Ziedaar mijn ideaal, dit was het eigenlijk wat mij tegenlachte, bij welks gedachte ik mijn bloed sneller voelde vloeien, reizen, zwerven, de wereld en hare bewoners leeren kennen van nabij, dat was iets wat mijn hart deed kloppen van verlangen.' Mar de fâlden joegen him gjin tastimming om oan te meunsterjen, eat dat Auke teloarstelde mar tagelyk ek motivearre om yn de sulversmidderij it jild fertsjinje te kinnen, 'want was ik eenmaal een degelijk werkman geworden alsdan stond de wereld voor mij open.' Yn seis jier tiid rûn syn wyklikse fertsjinste op fan tritich sinten nei in gûne; op syn sechtjinde wie er boadskiprinner ôf.![]()
de stoel fan de weeshúsmem is ekstra heech om goed tafersjoch op de bern te hâlden
efter op de rêchleuning stiet: 'Wees Moeder 1859'
kolleksje Warkums Erfskip
Yn 1868 waard it âlde weeshûs sloopt en in nije boud en waard fan doe ôf 'Stads Burger Weeshuis' neamd. It soe oant 1913 funksjonearje. Troch de jongste fan de weesjonges, Otto Elzinga, wie de earste stien lein. It bakstiennen gebou mei in kelder- en souderferdjipping is der noch altiten (Noard 44). It gebou falt op troch de sintrale yngongspartij mei dêrboppe in dakhûs mei in balkon. Oan de strjitkant ferwiisd no allinnich it reliëf yn it bôgefjild fan it rjochter poartsje nei de âlde funksje. It stelt in memmefiguer foar mei trije bern, de weeshúsmem sa liket it, wjerjûn as in `caritas'-personifikaasje. Neffen Auke wie it 'prachtige nieuwe gebouw naar de eischen des tijds ingericht'. Der wienen ûndermear twa sliepsealen foar 24 bêden beskikber, en ek twa sikesealtsjes, in keamer foar de heit en mem, kompleet mei bedstee, en twa deiferbliuwen.6 Yn it iepeningsjier waarden der ek oare fâlden oansteld, 'zoodat alles een beter aanzien kreeg en veel ordelijker werd bestuurd'. Sawol yn it âlde as it nije weeshûs soe Auke trije jier ferbliuwe. Snein 12 maaie 1872 wie in dei dêr't Auke in skoft nei útsjoen hie. Hast sân moarnne earder wie er achttjin jier wurden, mar neffens wizânsje ferlieten de krekt folwoeksen op âlde maaie, 12 maaie, it weeshûs. Op de ôfskiedsdei wie Auke út 'e skroeven: 'Wat een schoon vooruitzicht vrij te zijn; op eigen wieken drijven, in eigen behoefte voorzien, niemand meer rekening en verantwoording te doen van zijn daden en handelingen, eigen heer en meester dus, ziedaar!' Hy achte him lokkich dat er in fak leard hie en himsels rêde koe, lykas syn earder ûntsleine bruorren. In soad oare weesjonges moasten min of mear twongen yn militêre tsjinst. Nei de moarnstsjinst naam er earst ôfskied fan de fâlden, dêrnei fan de weesheit en -mem en nei harren fan wa't er syn bruorren en susters neamde. 'Het was dan ook bepaald een aandoenlijk oogenblik dat afscheid, alle haat en wrok was voorbij, met een mengeling van vreugd en leed zagen ze mij heengaan'. Nei al dizze eufory foel de bûtewrâld slim ôf. Jierrenlang hie Auke fol bewûndering nei de seeskippen yn de haven sjoen, lêzen en fantasearre oer lange reizen en fiere oarden. 'Reizen, zwerven, de wereld en hare bewoners leeren kennen van nabij, dat was iets wat mijn hart deed kloppen van verlangen.' De realiteit pakte oars út. De sulversmidsfeint soe de lânsgrinzen net oer komme, mar socht se wol op. Yn 1879 naam Auke in definityf beslút. Hy naam byles yn skriuwen, lêzen en rekenjen en reizge yn augustus in pear kear nei Amsterdam om it eksamen foar 'Commies bij de Directe belastingen' ôf te lizzen. Mei súkses: mei yngong fan oktober koe yn it Brabânske Princenhage begjinne. Syn averzje tsjin syn âlde bestean die op 22 septimber bliken, doe't er om sân oere moarns it nijs hearde oer syn baan by it ryk: 'twee uur later verliet ik de goudsmidswinkel om naar ik hoopte dezelve nimmer weder te betreden'. |
||||||||||||||||||
![]()
Yn it noch altiten besteande hûs mei de klokgevel yn Warkum (Noard 188) wurke Auke Klapper yn de sulversmidderij fan Tjeerd Rekers.
fotokolleksje Stifting Stedsherstel Warkum
|
|||||||||||||||||||
Noaten Auke Klapper: 1 Auke Jans Klapper waard berne op 22 oktober 1853 yn Warkum as soan fan Jan Douwes Klapper (1818-1866) en IJbeltje (Ybeltje) Sjierks van der Meulen (1820-1859). Hy troude op 23 maart 1886 yn Ubbergen mei Geertrui Vierboom (berne 1866). De transkripsje fan de memoires fan Auke Klapper troch Mark Woltering is te finen op de troch Gerrit Twynstra ûnderholden thússide fan Warkums Erfskip (http://www.warkumserfskip.nl/id183.htm, 3 augustus 2013). Oare biografyske gegevens fan Klapper op dy side binne by elkoar brocht troch Sibbele Postma: 'Genealogy Klapper' en 'Fragmint kertiersteat Auke Jans Klapper'. 2 Foar biografyske gegevens fan Rekers sjoch de yn noat 1 neamde side: Gerrit Twynstra (mei tank oan Jan Schipper en J.D.Th. Wassenaar), 'Tjeerd Rekers'. 3 Sjoch kadertekst 'De termen "mars" en "winkel'''. 4 Idem. |
Noaten It Weeshûs: 1 Marita Mathijsen, De gemaskerde eeuw, Amsterdam 2002, p. 119. 2 Gerrit Twijnstra, 'De dood van een armhuismannetje ...den moast Ynte mar yn 't hok...'. De 57-jarige Ynte Haringa, dan met andere armen ondergebracht in de noordvleugel van het weeshuis, overlijdt door verstikking als hij in een kast wordt opgesloten. 3 S. Groenveld, J.J.H. Dekker, Th.R.M. Willemse, Wezen en boefjes. Zes eeuwen zorg in wees- en kinderhuizen, Hilversum 1997, p. 224, afb. 117; J.E. Bazuin, Wezen van Workum. Geschiedenis van het Stadsburgerweeshuis, z.p. 1994, p. 86-87; http://www.workuminbeeld.nl/page93.php: 'Een stuk geschiedenis van het Workumer Weeshuis'; Watze Tjebbes Beetstra, 'Het weeshuis' (overgenomen uit: Friso. Nieuws- en advertentieblad voor Friesland, 1968; vertaald door Henk Gorter). 4 Bazuin 1994 (zie noot 3), p. 100. 5 A. Hallema, Vier eeuwen weeshuisgeschiedenis, 1553-1953. Een overzicht van de geschiedenis van het weeshuis te Bolsward, Bolsward 1953, p. 121. 6 Bazuin 1994 (zie noot 3), p. 61. |
||||||||||||||||||