 |
Latynske skoalle 1962 |
 |
 |
fotokolleksje Stichting Stadsherstel Warkum |
 |
 |
Yn Fryslân hat Warkum njonken stêden as bygelyks Ljouwert, Snits, Harns en Dokkum al ier in Latynske skoalle hân. (1) Yn Warkum wie dy skoalle yn 't earstoan ferbûn oan de gewoane of `duytsche' skoalle, dy't beide ûnderholden waarden út it geastlik besit. De opbringst wie mar lyts dat de rektor fan de Latynske skoalle koe der op 'en doer net mear behoarlik fan libje. Yn 1632 fûnen dêrom de `magistraat en gesworenen' it dan ek it bêste om de beide skoallen fan elkoar te `separeren' en op alhiel nije betingsten waard yn 1633 magister Hartvelt ta rektor fan de stêd `tot dienste van de latijnsche jeucht' oannommen. (2) Letter waard it amt fan rektor troch ien fan de beide dominys fan de grutte tsjerke beset. Neffens Keninklik beslút fan 6 maaie 1843 moast de skoalle by it ûntstean fan in fakatuere opdûkt wurde en dat barde al in jier letter doe't ds. L.M. de Boer kaam te ferstjerren. (3) |
 |
 |
. |
 |
 |
It doel fan it learen wie foarhinne yn it foarste plak rjochte op it godstsjinstich libben. De inge relaasje tusken (Latynske) skoalle en tsjerke is sels sa grut dat yn Warkum it skoalgebou tsjin it koar fan de tsjerke oanboud is en troch in doar dermei yn ferbining stiet. It prachtich bewarre gebou wurdt no ûnder oaren brûkt foar it hâlden fan tsjerkeriedsgearkomsten. Ek de lettere relaasje dominy-rektor wiist op dy bân. |
 |
 |
Dêrneist hat men de Latynske skoalle te sjen as in tariedingsynstitút ta de Hege Skoalle of Akademy. Dêrmei komme wy fuortdalik op in belangryk punt, te witten de learstof en de learmiddels dy't brûkt waarden. |
 |
 |
It sprekt fansels dat it foar studinten en professoaren fan it grutste belang wie, dat de ûndergrûn by it begjin fan de akademyske stúdzjes foar alle studinten op ûngefear deselde hichte lei. Der hat in tiid west dat der op dat gebiet in grutte `disordre' bestie. Dat hat der ûnder oaren yn Hollân ta laat, dat de Steaten dêr yn 1625 in `School-ordre' opsteld hawwe, in program kinne we sizze, dêr't de Latynske skoallen yn dat gewest harren nei rjochtsje moasten. Dat program hat ek grutte ynfloed hân op ferskate Latynske skoallen bûten Hollân. (4) Lykwols wie Hollân net it earste gewest dat oarder op saken stelde. Fryslân komt de eare ta as earste yn de Republyk in `School-ordre' ynsteld te hawwen. Al yn 1588 wiene de Steaten fan Fryslân dêrta oergien. Dat program jout oan wat der yn alle klassen (yn 't earstoan wiene dat sân) behannele wurde moast en út hokker klassike skriuwers de rektoaren in kar dwaan moasten. |
 |
 |
Latynske skoalle 1962 |
 |
 |
fotokolleksje Stichting Stadsherstel Warkum |
 |
 |
Wierskynlik op in fersyk út Ljouwert om ynljochtingen oer de Latynske skoalle skriuwt de magistraat fan Warkum op 18 maart 1737 in brief oan `de Heeren Curatoren van 's Lands universiteit tot Franequer, residerende binnen Leeuwarden'. (5) Dêr wurdt yn meidield dat Bernardus Lemstra rektor is en tagelyk dominy. Ûnder syn rektoraat is de skoalle gâns ferbettere. Fierders wurdt yn dat skriuwen opjûn dat Lemstra, foarsafier't hja witte, in man `van onberispelijke levenswandel' is en dat hy `tot institutie der discipelen frequenteert nae volgende autheuren'. |
 |
 |
En dan folget in listke fan de learmiddels. Dat sjocht der sa út: |
 |
 |
De figura van Hilarides |
 |
 |
Colloquia Scholastica Corderii |
 |
 |
Seu formulae Tullianae |
 |
 |
Corn. Nepos de vitis excell. Impp. |
 |
 |
Disticha Catonis |
 |
 |
Epistolae Cic.: ad familiares |
 |
 |
Terentius |
 |
 |
Suetonius |
 |
 |
Ovidii Tristia |
 |
 |
in 't Griex |
 |
 |
Testamentum Graecum |
 |
 |
Gramatica Valen (?) |
 |
 |
Lucianus |
 |
 |
It tal klassen dêr't de stof yn behannele wurde moast, wurdt yn it skriuwen net meidield. Likemin witte wy wat fan de dei-yndieling ensafh. ôf. |
 |
 |
Wy sille no de brûkte learmiddels ris neier besjen. Dan hawwe wy yn it foarste plak `de figura van Hilarides'. Johannes Hilarides wie yn de súdwesthoeke fan Fryslân gjin ûnbekende. Hie hy net fan 1671-1682 rektor west oan 'e Hylper Latynske skoalle en fan 1699-1725 deselde funksje beset yn Boalsert? (6) Út de `figura' sille yn it earste learjier wol de begjinsels, de grammatika, fan it Latyn dosearre wêze. Fan dat boek is my fierders neat bekend. Wol bestiet der fan Hilarides in `Mysterium docendi latinum' (7), mar oft dat itselde is moat ik dochs betwivelje. Yn oare plakken wurdt dat boek, foarsafier't my bekend, net neamd. |
 |
 |
Itselde jier sil ek in begjin makke wêze mei de `Colloquia Scholastica Corderii', de gearspraken fan Corderius. It giet by dy `colloquia' benammen om de wurdôflieding, it ferbûgjen ensafh. Warkum sleat hjir oan by de oare Latynske skoallen. (8) |
 |
 |
Yn it twadde jier kamen frij wis de `Epistolar selectar Cicereonis ad familiares' yn behanneling, in karlêzing fan de ienfâldichste brieven. Yn 1588 wurde hja noch net neamd. Letter frij algemien, ek yn Hollân. Isaac Valckenaer, dy't fan 1697-1719 rektor yn Ljouwert west hat, hat dy útjefte fersoarge. (9) |
 |
 |
Yn deselde útjefte stiene ek de `formulae Tullianae', de troch Valckenaer út 'e brieven fan Cicero sammele útspraken en siswizen dy't foar in part útjûn binne, foar in part yn hânskrift bewarre bleaun binne. (10) |
 |
 |
It wurk fan Cornelis Nepos `de vitis excellentium imperatorum' (it libben fan romrofte fjildhearen) fine wy ek werom yn Ljouwert (11), wylst bûten Fryslân Leiden (1766) en Haarlem (1782) dat wurk op it program hawwe. (12) |
 |
 |
Tige bekend wiene ek de `Disticha Caonio', de sedespreuken fan Cato, dêr't it âldste eksimplaar fan yn 1594 te Frjentsjer printe is. (13) It boek wie sawol yn as bûten Fryslân algemien yn gebrûk, meastal yn it twadde en tredde jier. |
 |
 |
In wat dregere karlêzing fan de brieven fan Cicero fine wy ek yn de hegere klassen op de measte oare skoallen. |
 |
 |
Itselde kin sein wurde fan Terentius. `De Fabulae Terentii' waarden op de ûnderskate skoallen yn tige útinoar rinnende jierren besprutsen.(14) |
 |
 |
In skriuwer dy't, foarsafier't ik neigien haw, nearne oars as yn Warkum behannele waard, wie Suetonius. Fan him bekend de `Vitae imperatorum', libbensbeskriuwingen fan de Romeinske keizers. |
 |
 |
Tige yn 'e smaak foel doetiids blykber yn it hiele lân ek it lêstneamde Latynske wurk, de `Tristia' fan Ovidius. |
 |
 |
It mei bekend wêze dat op de Latynske skoalle it Latyn fierwei it grutste plak ynnaam. Sa bygelyks yn de Fryske `School-ordre' fan 1588 foar plm. 73%, yn it Ljouwerter reglemint fan 1638 plm. 86%. (15) It tal oeren dat oan Gryksk wijd waard wie respektyflik 11,5% en 7,5%. (16) Meastal kaam it Gryksk net earder oan bar as yn it tredde jier. De oeren dy't oerbleaune (op in totaal fan 30-34 oeren yn 'e wike) wiene ornearre foar fakken as Rhetorica, Logica en Godstsjinst, soms noch Musica en Arithmetica. (17) Hoe't it mei dy `restfakken' yn Warkum stie, wit ik net. |
 |
 |
By Gryksk stiet boppe-oan it `Testamentum Graecum', it Nije Testamint dus. Dat fine wy op alle skoallen, allinnich yn de `School-ordre' fan 1588 wurdt it noch net neamd. |
 |
 |
Wat mei de `grammatica Valen' bedoeld wurdt, is my net dúdlik. Wol hat der in Petrus Valens west, in Grinzer dy't letter professor yn it Gryksk west hat yn Frankryk (stoarn yn 1648), mar it is my net bekend dat dy in Grykske grammatika skreaun hat. Ik kom der net út. |
 |
 |
Lucianus is de iennige Grykske skriuwer dy't yn Warkum neamd wurdt. Dy syn dialogen stiene fierders allinnich yn Ljouwert (18) en Haarlem (19) op it program. |
 |
 |
Gearfetsjend kin ik sizze dat fierwei de measte `Warkumer' auteurs ek op oare Latynske skoallen behannele waarden. Gjin parallel haw ik fine kind foar de figura fan Hilarides en de skriuwer Suetonius. |
 |
 |
Ta beslút wol ik prof. dr. J.H. Brouwer tige tank sizze foar de ynljochtingen dy't hy my jûn hat. |
 |
 |
Noaten: |
 |
 |
1 J.C.G. Boot, De Historia Gymnasii Leovardiensis. Ld. prima, Leovardiae, 1854, p. 53 |
 |
 |
2 T.H. Siemelink, Geschiedenis van de stad Workum. Workum 1903, p. 125 |
 |
 |
3 N.J. Waringa yn `Buiten' 1919, p.460 |
 |
 |
4 E.J. Kuiper, De Hollandse `Schoolordre' van 1625. Groningen 1958 |
 |
 |
5 Missiveboek fan Warkum 1728-1750 p.99. Stedsargyf |
 |
 |
6 Dr. G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid. Boalsert 1926, p.295 |
 |
 |
7 Joh. Hilarides, Mysterium docendi latinum, in phrasiologia ex Cornelio Nepote etc. Leov, G. Koumans, 1722. Stedsbiblioteek Ljouwert. |
 |
 |
8 Kuiper p.8, 165 en 215. Boot p.100. |
 |
 |
9 Boot p. 71: M. Tulii Ciceronis epistolae selectae in tres libros deseriptae et notis quibusdam illustratae ad expediendam pueritiae lectionem earum et interpretationem. Leovardiae 1709 |
 |
 |
10 Boot p. 29 en 72 |
 |
 |
11 Kuiper p. 163, Boot p. 103 |
 |
 |
12 Kuiper p. 154 |
 |
 |
13 Kuiper p. 213: Disticha de Moribus, vulgo Catoni adseripta, cum Graeca Planudis versione, et D. Erasmi Roterod. Scholiis. In usum scholarum Frisiae. Omnia de novo recognita et mendis innumeris repurgata, quaedam immutata. Reliqua sequens pagina indicabit. Franekerae, apud Aegidium Radaeum Ordinum Frisiae Typogr. in Academia Franekerana 1594. kl. 8e. |
 |
 |
14 Boot p. 29 en 102. Kuiper p. 165. Fergelykje: Thom. Wopkes, Formulae Terentianae en quarta comoedia, quae dicitur Adelphi. Enplicatae ab Isaaco Valckenaer, Leovardiae. Seripsit et amplificavit Thomas Wopconides, 1719. |
 |
 |
15 Kuiper p. 72 |
 |
 |
16 Kuiper p. 80 |
 |
 |
17 Kuiper p. 71 |
 |
 |
18 Kuiper p. 166. Boot p. 104 |
 |
 |
19 Kuiper p.155 |
 |
|