It libben yn it weeshús

Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31




It libben yn it weeshús
W.T. Beetstra
Ut de Friso fan 21 novimber 1968 oant en mei 6 febrewaris 1969
Dielen I oant en mei VII (Slot)

Okkerdeis krige ik fan immen te hearren: ,Hoe stiet it mei jo stikjes fan ,Warkums Erfskip'? Ik hie al wer ris wat ferwachte'. No is it sa dat men stof hawwe moat om oer te skriuwen en boppedat ek tiid, sawol om dy stof te garjen as om der oer te skriuwen. Oan beide hat it my de lêste tiden ûntbrutsen: men hat ommers ek noch wol wat oars te dwaan. Dat ik op dit stuit neat ha foar dizze rubryk, is lykwols net wier.

It is al hast wer trije jier ferlyn, dat ik nei oanlieding fan in rige artikels ûnder it opskrift: ,Ut `e skiednis fan it weeshús' in brief krige fan in âld-Warkumer. Hy skreau my der yn, dat hy as weesjonge yn it Warkumer weeshús wenne hie. Hy gyng yn syn brief wat neier yn oer de wize fan straffen yn dizze ynrjochting (ik hie der nammentlik ek oer skreaun). Op myn fraach oft hy my ek wat mear fertelle koe oer it libben yn it weeshús sa as hy dat meimakke hie, krige ik in hiel ferhaal tastjoerd, dêr't ik tige wiis mei wie. Ik leau dat der grif ek genôch lêzers fan de Friso binne, dy't belangstelle binne yn dit stikje skiednis fan in ynstelling dy't ienris sa'n belangrike taak hân hat yn ús stêd. Mei foarbygean fan inkelde privee-meidielingen, jou ik dan hjir it fernaamste út dy brief wer.

it weeshús (1955)

fotokolleksje Willem D. Hengst

Lit ús ris sjen, hoe't de yndieling fan it weeshús wie. As men troch de foardoar it gebou binnen kaam, dan stie men yn in hal, dêr't in doar oan de rjochter kant tagong joech ta de regintekeamer. Der tsjinoer wie de reservekeamer, dy't ienris brûkt is as kantoarromte fan de Nutssparbank. De kelder ûnder dizze keamer tsjinne as berchromte foar brânje, soms ek as strafplak. Efter dizze reservekeamer wie de waskgelegenheid mei in berchromte foar de wurkklean en de klompen. Hjir efter wie noch in fertrek: dat wie it waskersplak fan it gesin en de hiele (wees)húshâlding. Efter de hal wie in ferbiningsgong mei it - no ôfbrutsen - efterstik. Oan de rjochterkant fan de gong wie de tagong ta in berchromte foar de keuken en de húshâlding mei der efter de eigenlike keuken. Efter de waskersromte oan de linker kant fan de gong hie men dan noch in binnenpleats mei de ,húskes'.

It ôfbrutsen efterste stik bestie links út de jongesseal mei der boppe de sliepseal foar de jonges. Hielendal rjochts wie dan de famkesseal en der boppe allyksa de sliepseal foar de famkes. Yn `e midden tusken de jonges- en famkesseal yn hie men de wenkeamer foar de weesheit en -mem (se waarden mei ,fader' en ,moeder' oansprutsen). Foar dizze keamer wie dan noch in portaal mei in treppen dy't tagong ta de sliepseal joech.

de efterkant fan it weeshûs sa't it der yn 1951 noch út seach

part fan in foto út de kolleksje fan Pieter Haijtema, Snits

It wie fansels in hiele feroaring en belibbenis foar in bern as er út syn ein smûk en beskermjend miljeu, faak út in lyts wenhúske ynienen yn in grut gebou kaam, dêr't it allegear hiel oars ta gyng as hy wend wie. Sa'n nij weesbern waard op `e binnenpleats, rjochts fan it weeshús ûntfongen. Der stie in grutte badkûp foar him klear en krige er syn earste waskbeurt troch him flink yn it wetter te dompeljen en mei griene sjippe danich te himmeljen (It like wol dat se tochten dat dy bern harren tefoaren noait wosken!). Dêrnei krige er nije klean en waard er troch syn tasjend fâd en weesfader foarsteld oan de reginten en opnommen ûnder de oare wezen. Sa gie it ek mei de âld-Warkumer, dy't my dit meidielde, de hear Frederik Walthuis, doe't er yn 1897 mei syn beide bruorren en susters yn it weeshûs opnommen waard. Dermei kaam it tal bern op 18.
Der wachte de bern no in hiel oar libben. Se moasten stadichoan wenne oan de oarder en regels, dy't se thús ornaris net wend wiene.

Bewenners fan it weeshûs yn 1898
Efterste rige f.l.n.r.: Anske Brouwer, Willem Brouwer, Feike Brouwer, Willem Middel, Hielkje Stegenga, Afke Bootsma, Otje Strak, Siebrigje Gaastra, Franskje Strak, Sjoukje Walthuis, Catharina Middel en Pietertje Walthuis
Foarste rige f.l.n.r.: Johannes Brouwer, Uilkje Brouwer, Frederik Walthuis, Weesmoeder Hoekstra, Weesvader Hoekstra, Eelke Walthuis en Foppe-Floris Walthuis

fotokolleksje: Warkums Erfskip

No wie it ynienen: moarns betiid - om 7 oere - fan `t bêd ôf! De moarnsbrogge bestie út twa stikjes roggebrea en in stikje brúnbrea belein mei raspte Fryske nageltsiis. Hja dronken der by molke - mei ryklik wetter fertinne - út saneamde stoerske koppen. Faaks wie it wol mei oan dit sobere en evenredige libben te tankjen, dat de measte weesbern sa sûn as in fisk wiene.
De moarnsbrogge, lyk as ek it middeis- en jûnsmiel krigen de weesbern yn de jongesseal. Se sieten der oan blankskjirre houten tafels op dito houten banken sûnder leuningen; op elke bank koenen fiif sitte en ûndertusken seach de weesfader tige krekt op alles ta. Alles wie like sober: de muorren fan de seal wiene wyt kalke, wylst it ûnderste stik ta in hichte fan ± 1.20 meter swart optarre wie. It ferfwurk hie in goare fealreade kleur, de flier siet alhiel gjin ferve of bedekking op, wylst der giel-grize lancastergerdinen foar de grutte finsters hongen. Al mei al in tige ûngesellige romte dus.
Nee, gesellich wienen dy sealen fan it weeshús net. De wezen lieten harren der net troch beynfloedzje en fûnen fan alles út yn harren frije tiid. Der waard oan gymnastyk dien (yn de ringen), oan muzyk - in inkelde jonge wie lid fan ,Concordia' - en der waard ek songen. Fansels dienen se oan spultsjes. Benammen yn `e winter waard der by de hege kolomkachel damme en ek in protte lêzen.

Doe't der inkelde jierren letter in nije weesfader kaam, krige it blank houten meubilêr in ferfke, in dofbrune flierkleur. Die hie fan gefolch, dat der hiel wat minder ûnderhâld oan fêst siet en dat stie de famkes, dy't de meubels tefoaren blank skirje moasten, fansels wol oan. Der bleau lykwols noch genôch wurk foar harren oer. De blanke flier moast nl. geregeld wer bjind, skrobbe en dweild wurde. Dat hearde no ienris ta de oplieding ta tsjinstfaam of ta de oansteande earsume húsfrou. Want yn al dat wurk waarden se tige ûnderjochte troch de weesmoeder, dêr't se fan alles by learden oer itensiede, it dwaan fan de wask, breidzjen en naaie. It stopjen fan hoazzen, sokken en it wollen ûnderguod wie oan `e oarder fan de dei. Dat alles barde folslein as de legere skoalle efter de rêch wie en foar in part al yn de perioade dat men noch op skoalle siet. Det men frij gean en stean koe wêr't men woe, wie der praktysk net by. Datselde jilde ek foar de jonges mei dit ferskil, dat hja harren oplieding yn in bepaald fak by in baas of patroan yn Warkum krigen. Hja mochten sels kieze wat fak it wurde soe. By dy fakoplieding krigen de patroans fan de reginten of weesfâden te hearren: ,de jonges moatte it fak goed leare, mar de fertsjinst komt der net op oan!' Dat betsjutte dan in lyts lean en mannich baas, dy't der troch in goedkeap feintsje krigen hie, miende folstean te kinnen mei int soarte fan foai, sa yn de geast fan ,hjir jong, dat is foar dy'. De hear Walthuis sels hie op dit punt in minder goede ûnderfining. De weesfâden bedoelden it allegearre fansels wol goed, mar alhiel sûnder foaroardiel wienen se net, sadat se him net in oplieding - ek sûnder dat it weeshús der foar hoegde te beteljen - folgje litte woenen ta boukundich opsichter. It motyf wie: ,syn heit wie in goed fakman (bedoeld waard: arbeider), as hy dat ek wurdt, dan is dat genôch.' Sa wie doe de mentaliteit, al moat der by sein wurde, dat ik wol mooglik wie, nei te ambachtskoalle yn Snits te gean. Afyn, de hear Walthuis hat it, nettsjinsteande dat, goed makke.

Yn de skoaljierren moasten de jonges, benammen yn de simmer, yn harren frije tiid yn de tún arbeidzje, it wjudden en by de rispinge. Fierders moasten se skuonpoetse, ek de toffels fan de famkes. Foar it middeismiel moasten it protte jirpels skyld wurde, it hiele jier troch, mar allinnich de grutte jonges, dy't by in baas wurken, wiene der frij fan.

Ja, it middeismiel, dat optsjinne waard yn de jongesseal, wie wol sadanich fan kwaliteit en kwantiteit, dat it mear as goed makke, wat der moarns en jûns op tafel kaam en dat de skriele kant it neist wie (soms in board brij - echte Warkumer kost - mei ien stikje roggebrea belein mei raspte Fryske nageltsiis). De ,fader' (hy waard altyd sa oansprutsen) troande dan op in stoel mei foar him in saneamde cam melle, lyk as yn de militêre tsjinst en joech elk mei in houten sleef syn poarsje. Jirpels ferwurke ta potiten en ek oare kost lyk as snert, rys, groat en beannen, alles goed fet, mei spek of fleis, dat foel der altyd tige yn.

Mar earst spriek ien fan de jonges of famkes, elk op syn bar, steande in formuliergebed út en nei it iten allyksa in formuliertankgebed. Alles fansels ûnder it tasjend each fan de weesfader. It itensreau besteande út djippe boarden en izeren foarken en leppels, waard nei''t de famkes it ôfwosken hienen, dan wer yn de kasten opburgen.

Oan de geastlike- of godstsjinstige opfieding waard likefolle oantinken jûn as oan de lichaamlike. Yn hoefier der foar ynstruksjes bestiene foar de weesfader en -moeder wie de wezen net bekend. Mar dat ek hjir oarder en regels yn acht nommen waarden wie wol dúdlik, benammen op snein en tsjerklike feestdagen. Kreas yn `e rige stean op de grutte binnenpleats waard troch ien fan de jonges of famkes in formuliergebed opsein wêrnei de groep splitst waard neffens de godstsjinst fan de froegere húshâlding. In part gyng dan mei de weesmoeder foarop en de weesfader efteroan nei de grutte tsjerke en de oaren fan de saneamde lytse tsjerke teagen sûnder lieding, mar ek yn folsleine oarder nei harren tsjerke.

Wy gean wer fierder mei it ferhaal fan de hear F. Walthuis.

Fan twang wie alhiel gjin sprake mear, mar de wezen namen it as fanselssprekkend oan, dat hja geregeldwei nei tsjerke gienen. Ek op oar gebiet moast der oarder en regel wêze, dat koe net bêst oars by sa'n mingd selskip. Sa wie it bygelyks ek mei it besykjen fan it fraachlearen, it sjongkoar of de jongfeinteferiening. Men wie der al hiel frij yn, mar as men gie, dan ek trou elke kear. Datselde jilde ek foar it besykjen fan de jûnsskoalle, of, sa as yn it gefal fan de hear Walthuis, it folgjen fan tekenlessen en boukundich ûnderrjocht. Gelegenheid ta it folgjen fan wat dreger ûnderwiis bygelyks de saneamde Frânske skoalle yn Warkum of de H.B.S. yn Snits wie net mooglik, ek al hienen guon bern dêr de kapasiteiten ta. Doch koe men de ,fader' en ,moeder' der gjin ferwyt fan meitsje. Hja dy `t sels net segene wienen mei bern, pasten oer `t algemien tige goed op de weesbern.

By it grut bringen fan de bern moast der ek wol ris straft wurde. As straf kaam dan meastal yn oanmerking húsarrest op ien of mear frije sneintemiddeis. Oer it algemien waard der op in redelike wize straft, mar oft it altyd rjochtfeardich wie, betwifelet de hear Walthuis. Sa waard hy in kear feroardiele, om foar de saneamde Hege Rie (dat is de byienkomst fan de reginten) te ferskinen. Ien fan de reginten dy't him bestraffend taboldere, sei ûnderoaren: ,jonge man, betink dat der yn de Hilliege Skrifte stiet: het is beter onrecht te lijden dan onrecht te doen. Yn ferbân mei dit foarfal seit de hear Walthuis: ,Ik bin noch altyd tankber, dat de Hillige Skrift foar my neat oan wearde ferlern hat troch sa'n ûnweardich gebrûk der fan, nammentlik, om in weesbern, dy't gjin oare minsklike helper har op sa'n wize op `e knibbels te krijen.'

Nee, wat dat oangiet gyng it yn earder tiid al oars ta mei straffen. Ferskate wurktugen, dy't der by te pas kamen, binne noch lang yn it weeshús bewarre bleaun sûnder dat se letter mear brûkt waarden. Doch is der ek út dy tiid by oerlevering noch it ien en oar oer de wize fan straffen bekend.

Yn de foarige (19e) ieu kamen liifstraffen noch wol foar yn it weeshús. Ien fan de ,martelwurktugen' wie in foatplanke mei skerpe útsteksels. Fierders wie der in karwats, dat wie in stôk mei riemen fan lear, dy't in tsjok útein hienen. Letter waarden de bern der noch wol ris bang mei makke, mar der bleau it dan ek by. Bekend binne noch de izeren earizers en narremûtsen as strafmiddels, mar ek dy waarden al lang net mear brûkt. De straf foar bêdpisjen nammentlik mei it wiete lekken de tún yn `t rûn rinne oant it droech wie, waarden letter met komselden mear tapasse. In froegere weesfader, in âld koloniaal, strafte in ûndogenske bern net allinnich mei liifstraffen, mar hâlde ek de fertsjinsten yn. It bûsjild fan sokke wezen - wyks in stoer oant in kwartsje - waard dan troch de fader yn drank omset en opsûpt. It betsjutte foar de strafte wezen in hiel ferlies, omdat dit ferplichte minimale sparjild it iennige kaptaal wie, dat hja by it ferlitten fan it weeshús meinimme koenen.

It bûsjild mochten se sneintemiddeis wol by harren hawwe, mar net útjaan. Wat in ferantwurdlikens! De jûns moast it nammentlik wer ynlevere wurde. Oant 12 jier ta krigen de wezen in stoer wyks, oant 14 jier in dûbeltsje, fan 14-18 jier waard dat twa dûbeltsjes en oant tweintich jier in kwartsje. Sa wie it dus mooglik mei in hiel lyts kaptaaltsje it weeshús te ferlitten. Der by kaam dan yn dizze ieu noch twa kear in erfskip fan in Warkumer notabele, dêr't de wezen fan profitearje mochten. Sa gienen de wezen dan, tweintich jier âld, de grutte minskemaatskippij yn. Behalve it bûsjild mochten hja ek harren kleankiste - goed fersjoen - meinimme. Foar de hear Walthuis kaam der dan noch in rejale timmerkiste by. It giet dan faak letter sa dat it goede it langst yn it ûnthâld bliuwt neffens sizzen: as de roede fan `t gat is, is it slaan fergetten.
Ald, mylde bylden komme dan wer boppe, sa as op prachtige simmerjûnen de weesbern yn de grutte tún by in inkeld muzykynstrumint it iene lied nei it oare songen. Oandachtich harke dan it publyk by it panwurk, dêr't de weeshússtege op ta rûn. Dan wie it faak: ,wat sjonge dy weesbern wer moai!'

Ien fan de moaie dingen, dêr't de wezen letter mei nocht op werom sjen koene, wie de hurdsyldei. Dan waard der altyd mei Jabik en Margje in syltocht makke op de prachtige Fryske marren. In oare heechtijdei wie Sinteklaas. Dan soargen golle minsken, dy't wat foar de wezen oere hienen, der foar, dat der yn it weeshús tige feest fierd wurde koe. Elke jierdei fan de weeshúsbewenners wie in grut feest. Op sa'n dei waard der traktearre op lekkere Fryske koeke.

Behalve dizze blide oantinkens wiene der ek drôve. De hear Walthuis moast yn dy tiid syn broerke ferlieze en letter noch in goe-freon: Johannes van der Meulen.

Neidat de twadde frou fan Foppe Floris' Walthuis (+1893), Freerkje Breimer, op 9 maart 1897 oan in longûnstekking ferstoar kamen de bern yn it weeshûs. De jongste Eelke (*1891) wie net sûn, hy ferstoar op 22 april 1901.

Der waard oars goed op de wezen passe. Sa hienen de pleatslike dokters, elk op syn bar ien jier lang, it tafersjoch op de sûnens fan de wezen. Wat de fersoarging mei itenswaar oangie: it gie allegearre hiel earlik om en ta: alle bakkers, slachters en krudeniers krigen elk op syn tiid, de geunst. Datselde jilde ek foar it meitsjen fan de klean - doe allegear skroarswurk - en fan skuon. Sokke leverânsjes wienen fansels noch al belangryk en dêrom moast der tafersjoch wêze op kwaliteit en priis. Dat waard dien troch de weeshúsfader yn oerlis mei de reginten en de boekhâlder.

Behalve de itenswaar dy't oankocht wurde moast, levere de weeshústún hiel wat griente. Der fan waard, benammen tsjin de winter gâns wat opslein yn de foarriekelder, ynslein as soerkoal, sâlte beantsjes, en -snijbeantsjes. Boppedat stiene der fetten mei pikelfleis. Yn de grutte skoarstien boppe de keuken hongen twa of trije siden spek.

De boppeklean fan de wezen - ik bedoel dan de sneinske pronk - wie altyd donkerblau en krekt gelyk as dy fan oare bern en hie dus neat fan in unifoarm, dat wie lykwols wol it gefal mei de pet, dy't wol wat like op dy fan de tsjintwurdige spoarmannen, mar dan yn `t donkerblau mei in ljochtblauwe râne. De famkes wienen yn `t swart, in saneamde skoatjak, swarte rôk en donkerblauwe omslachdoek. As se 14 jier wienen, krigen se in smel sulveren earizer mei de bekende Fryske kantmûtse, dy't troch de wike en ûnder it wurk ferfongen waard troch in lyts beiden mûtske. Dizze aparte weeshúsdracht rekke hoe langer hoe mear yn it neigean en de lêste weeshúsbern (1908-1914 à 1915) droegen dize klean dan ek net mear.

Sawol de jonges as de famkes droegen maatskuon fan lear. De jonges hienen ek toffels mei rimen of klompen foar it wurk, de famkes saneamde sloffen, feitlik dingen fan maat.

It tal wezen dat yn 1897 noch 18 wie, waard stadichoan minder. It gefolch der fan wie, dat it weeshús nei 1915 syn funksje ferlear.

Bewenners fan it weeshûs yn 1903
Efterste rige f.l.n.r.: Johannes Brouwer, Foppe-Floris Walthuis, Frederik Walthuis, ûnbekend, Feike Brouwer.
Foarste rige f.l.n.r.: Hielkje Stegenga, Uilkje Brouwer, Moeder Annigje Cornelis' de Boer-Kamstra, Vader Meindert Harmens de Boer, Pietertje Walthuis en Franskje Strak.

fotokolleksje: Fam. Readbergen-Faber, Warkum

Oant safier de oantinkens fan de hear Walthuis. Wy witte dat de lange en nijsgjirrige skiednis fan it weeshús in pear jier ferlyn definityf ôfsluten is. It gebou, dêr't fan al earder it efterstik ôfbrutsen is en dat der nei syn tuorke ek noch misse moast - de klok hat doe in plak en funksje yn Mariënacker krigen - is tsjintwurdich ynrjochte as antikwariaat. Sa bliuwt der noch wat hingjen fan de sfear út foarbije tiid. It gebou sels is net âlder as sa'n dikke hûndert jier.

Nei oanlieding fan boppesteande oantinkens krige ik noch in brief út Snits fan mefrou Hendriks-Hoedemaker. Hja skriuwt my dat se yn 1909 yn it weeshús kommen is. Nei't hja yn it lêst fan 1914 achttjin jier wurden wie, hat hja yn maaie 1915 it weeshús ferlitten. It wie yn dy jierren mei it bûsjild fan de famkes hielendal in sunige boel. Yn `t earstoan wie dat in stoer, letter waard dat in dûbeltsje. Fan famylje krigen se wol ris wat ekstra's sa ek op jierdagen of oare feestlike dagen.

Sa as al sein is, gyng it mei it straffen heil wat minder hurdhandich ta as yn it ferline. De karwats, sa fertelt mefrou Hendriks, brûkten se allinnich mar mear foar it klopjen fan de bêden.

Frederik Walthuis
*Warkum 13-07-1888 - +IJmuiden 22-09-1975

Neidat de twadde frou fan Foppe Floris' Walthuis (*1841-+1893), Freerkje Breimer, op 9 maart 1897 oan in longûnstekking ferstjert, komme Frederik en syn bruorren en susters yn it weeshûs.

Frederik trout op 1 oktober 1914 te Starum mei Johanna-Jacoba Klein en wennet mei syn húshâlding yn Bussum.

Mear ynformaasje op: www.pdejong.com

Jeltje Hoedemaker
Frjentsjer 21-11-1896 - +Snits 25 20-03-1975

Jeltje wurdt yn Frjentsjer berne op 21 novimber 1896 as dochter fan de banketbakker Lammert Hoedemaker en Attje Kreger. Jeltje hat dan al in âldere broer, Jan, yn Frjentsjer berne op 20-03-1895

Op 28 novimber 1899 krije Jan en Jeltje in suske, Hinke. Hinke libbet net sa lang, want 2 dagen letter komt se te ferstjerren. Op 5 febrewaris 1900 ferstjert ek har mem Attje Kreger, noch mar 29 jier âld.

Jan en Jeltje bliuwe mei har heit Lammert Hoedemaker, dy't bakker is efter.

Heit Lammert wertroud yn Boalsert op 31 maaie 1902 mei in Minke Zijlstra. Sy krije in pear moanne letter op 18 july in dochter, dy't wer de namme Hinke kriget.

Op 8 maart 1907 komt Lammert Hoedemaker, dy't dan banketbakkersfeint yn Warkum is, te ferstjerren. Jeltje bedarret yn it weeshús. Yn 1915 sil sy as lêste wees it weeshús ferlitte.

Op 24 oktober 1921 trout Jeltje yn Snits mei de bakker Marten Hendriks. Yn 1932 wenje se oan de Looxmadwarsstraat 1. Yn 1964 komt Marten te ferstjerren, sy wenje dan oan de Looxmagracht 25 yn Snits (dat is deselde wente, want dy stiet op de hoeke fan De Looxmadwarstraat en de Looxmagracht). Jeltje sil dêr oant har dea yn 1975 ta wenje bliuwe.

Johannes-Sybren van der Meulen
*Rotterdam 13-09-1891 - +Warkum 11-01-1908

Doede-Jeep van der Meulen
*Warkum 30-10-1895 - +Warkum 30-01-1984



Soannen fan Sijbren Johannes' van der Meulen en Jetsche Doedes de Vries. Syn heit en mem binne yn Rotterdam troud op 28 july 1890.

Heit Sijbren is berne yn Snits as soan fan Johannes van der Meulen en Aukje Dijkstra. Yn 1895 is er al boekebiner te Warkum. Hy stjert te Warkum op 17 jannewaris 1901, noch mar 53 jier âld. Johannes Feenstra, 35 jier, boekprintersfeint en Pieter de Jong, 29 jieer, keapman, jouwe it ferstjerren oan.

Mem Jetsche Doedes de Vries is berne te Koudum as dochter fan Doede Jeeps de Vries en Grietje Theunis' de Vries. Sy stjert te Warkum op 10 oktober 1904, noch mar 47 jier âld. Hendrik de Boer, 48 jier, pakhúsfeint en Anske de Vries, 43 jier, "ambtenaar te Secretarie", jouwe it ferstjerren oan.

Harren soan Johannes wurdt yn Rotterdam berne op 13 septimber 1891. Syn ferstjerren op 11 jannewaris 1908 te Warkum wurdt oanjûn troch Albert Kuipers, 66 jier, goud- en sulversmid en Alle de Jong, 44 jier, timmerman.  

Johannes is de broer fan Doede-Jeep van der Meulen, de op ien nei lêste wees yn it Warkumer weeshús. Doede-Jeep is berne yn Warkum op 30-10-1895. Op 14 juny 1919 troud er mei yn Himmelum berne Johanna Klazes Oswald. Sy hawwe in blommesaak op it Súd. Op 30 jannewaris 1984 komt Doede te Warkum te ferstjerren.