Wite jurkjes en in doopfont út it Heidenskip |
Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31
|
In doopfont út it Heidenskip Oant en mei 1984 stie dit doopfont yn de Grifformearde Tsjerke fan it Heidenskip. Koart nei de Twadde Wrâldoarloch kaam it doopfont út in tsjerke yn Oentsjerk. In gemeentelid, Theunis Sikma, dy't út de omkriten fan Oentsjerk kaam, hat dit doopfont oankocht foar de Grifformearde Tsjerke. Neidat it yn de kleuren fan it tsjerkemeubilêr ferve wie, krige it in plakje foar de preekstoel. It âlde doopfont wie der troch de jierren hinne net moaier op wurden. Dat doopfont wie in skaal, dy't mei in bugel oan de preekstoel fêstmakke siet. Dy skaal wie nei de bou fan de Grifformearde Tsjerke yn 1915 troch de oannimmer Draisma fan Piaam skonken. Yn 1980 gie de Grifformearde Tsjerke tegearre mei de Herfoarme Tsjerke, fierder ûnder de namme "Samen op Weg". Fjouwer jier letter waard besletten it gebou fan de Grifformearde Tsjerke ôf te stjitten. De lêste tsjerketsjint wie op snein 4 novimber 1984. De ynventaris waard ûnder de leden fan de Grifformearde Tsjerke by opbod ferkocht. Sawol de skaal as it doopfont ôfkomstich út Oentsjerk kamen in partikuliere hannen. De tsjerke waard ta wente ferboud. |