Wiebe Rypma

Merk 4
8711 CL Workum
tel. 0515 - 54 12 31







Wiebe Rypma
1875 - 1945
de Warkumer fotograaf
Gerrit Twynstra
ferhaal holden op 4 oktober 2019 yn de Heidenskipster tsjerke
mei it út kommen fan it boek "Blikbuert"
fan Johan Steinbeck oersetten troch Jan Pieter Dykstra Hsn.




Blikbuert
is te keap by de
Gerben Rypma
Stifting





Wiebe Rypma is op 7 oktober 1875 yn Hieslum berne
as soan fan Johannes Rypma en syn twadde frou Antje Brattinga.


Johannes Sjoerds Rijpma
1816-1885
x1 Wûnseradiel 15-05-1846
Grietje Wiebes Homminga
1823-1857
|
Sjoerd 1847-1921
Wiebe 1849-1874
Jarig 1850-1927
Hiske 1857-1858

x2  Snits 23-04-1864
Antje Teijes Brattinga
1840-1917
|
Grietje 1865-1944
Tije Johannes 1867-1918
Bauke 1869-1948
Wiebe 1875-1945
Gerben 1878-1963
Johannes 1880-1948


Wiebe is ferneamd nei syn yn 1874 ferstoarne healbroer Wiebe (1849-1874).
De dichter-skilder Gerben Rypma is de trije jier jongere broer fan Wiebe.


Op 5 maaie 1900 trout Wiebe yn de gemeente Wûnseradiel mei Wobbelina (Line) Miedema.
Wiebe is dan timmerman op Sânfurd.


Yn 1901 wenje Wiebe en Line oan de Parallelwei te Warkum
Dêr wurde berne:
Johannes (Hans) *Warkum 16-02-1901
Anna *Warkum 19-01-1902

Wiebe syn hân op ien fan de berteakten

Yn dy tiid bout er yn it Heidenskip (Ursuladyk 22) foar Epke Leenstra in pleats foar 400 gûne.

Tussen 1903 rn 1905 is Wiebe timmerman te Rien.
Dêr wurde berne:
Margaretha (Gretha) *Rien 20-05-1903
Lodewice (Ludo) *Rien 02-12-1904

Tusken 1907 en 1910 hawwe Wiebe en Line Rypma op
de Jouwer yn de Midstrjitte in Photografisch magazijn / sigarenmagazijn

dêr wurdt berne:
Rein (pater Florégius o.f.m.) de Jouwer 27-09-1909

Line Rypma-Miedema
makke troch Wiebe Rypma fan de Jouwer

Yn de Van Swinderenstraat 26 te Balk hawwe Wiebe en Line Rypma
fan 1910 oant en mei 1912 in krudenierswinkel

Wiebe Rypma is net de eigener mar is setbaas fan de firma Glashouwer
De firma hat meardere winkels.

Yn Balk wurdt berne:
Theresia Geertruida (Trees) *Balk 16-01-1912

Mar yn 1912 giet Glashouwer fallyt!
De famylje moat haljetrawalje nei Sint Nyk

Mar dêr bliuwe hja net lang, want...

De famylje Rypma is werom yn Warkum

Yn Wyk B nûmer 27 (Begine 8) nêst de Pilestege begjinne hja in fotowinkel

Op in bepaald stuit komt de winkel fan de famylje Veltman der nêst te keap.
Wiebe freget syn sweager Hieronymus Flapper út It Heidenskip,
dy't boer is op Sate Catharina en troud mei Wiebes suster Griet Rypma,
at hy de winkel foar him keapje wol, sadat er dy romte der by brûke kin. En sa bart it.


Yn Warkum wurde noch berne:

Geertruda (Truus) *Warkum 16-11-1914
Theodora Margaretha (Dora) *Warkum 23-08-1916
Theo Johannes (Theo) *Warkum 15-02-1918

En sa is it tsiental kompleet:

Wiebe Rypma begjint foto's te meitsjen yn de omkriten fan Warkum
Lyk as it spultsje fan der famylje Veltman (Heidenskipsterdyk 1)
mei yn de fierte de pleats Sate Catharina fan
Hieronymus en Griet Flapper-Rypma (Heidenskipsterdyk 6)


Dêr wurdt in ansichtkaart fan makke


Syn broer Gerben Rypma makket der in pintekening fan


en ek noch in skilderij, dat noch altiten yn eigendom is fan neiteam fan de famylje Veltman




Nieuwe Tilburgsche Courant 7 desimber 1918:

It logo fan ôf om 1916 hinne:


It grêf fan Wiebe Duyes Glastra (1833-1914)
de bakker fan it Lange Warkumer Koekefabryk

Bedriuwsreportaazjes foar bygelyks de Izerwerf fan Zwolsman yn Warkum
by de bou fan de Lillian Spliethoff yn 1916:

en de te wetter litting fan De Wielingen yn 1919:



It betreft hjir de keamer út Súd 109


De foto's wurde troch de Friesche Bouwkring útjûn en ferkocht troch Wiebe Rypma:

mei in stimpel fan him op de efterkant:


Der wurde ansichtkaarten útjûn:




Nederlânsk Herfoarme tsjerke en pastorije yn Gaast
24932 Uitg. W. Rijpma, fotograaf, Workum
poststimpel 06-08-1921

De famylje Anne Annes Visser (Noard 7)

Doarpsfeest yn It Heidenskip

Sytske Thomas’ Conradi (1858-1931) komt mei har beppesizzer
Sytske Uilkes Dijkstra (1915-1996) lâns

Yn 1923 komme wy Wiebe Rypma tsjin as skriuwer fan Pleatslik Belang Warkum

Op de kartonnen foto's feroaret it logo:


in ûnbekinde man
faaks in reproduksje fan in âlde foto

Sipkje Klazes Dijkstra
doopnamme: Cypriana
kleasternamme: Clara
*Aldekleaster 13-07-1878 - +Boxmeer 19-11-1920
Yntreden by de Oarder fan de
Susters Fan Julie Postel (19-04-1899)
wyksuster te Groenlo, Hengelo, Losser en Zevenaar.
ferstoarn oan in besmetlike sykte
begroeven op it kleastertsjerkhôf te Boxmeer (1920)
boarne: Archief RK Friesland

sa't jimme sjen kinne hat Wiebe Rypma moai oan it fotosjoppen west

Dwarsnoard-Houtmolestreekje (Haije Westendorp)



In nij logo om 1920 hinne:

De bou fan de Kristlike Skoalle yn Koudum (1920)

Yn it flaaks op 12 augustus 1921 (plak net bekend)

der wurde obligaasjes ferkocht fan de Kredyt- en Hannelsbank "Welvaart"

Yn in adressenboek fan 1928 sjogge wy,
dat de famylje Rypma yn Wyk D nûmer 112 (Noard 147) wennet.


de buorjonges Gerard en Bertus Brandenburg

In bedriuwsreportaazje fan de firma Dirk Faber
in foto dy't letter foar in reklama brûkt wurde kin:


Undertrou fan Simon Gaastra e Fietie Visser op 't Dwarsnoard (1923)

Japke Willems Dijkstra (*Warkum 1900) op de Merk by de feesttinte.

26 desimber 1923
Sybolt Vrolijk en Lieuwkjen Wiersma mei harren dochter Sietske
op de belslide fan de famylje Sluyterman


In nije brêge Sylspaed-Séburch (1925)

Ferbetterings oan de Lange Brêge by de Holle Mar

It  Nijhuzumer tsjerkhôf

By de pleats fan Ketelaar op Nijhuzum

Jan Couperus mei it Lincolnskiep fan syn beppe Tilstra op Nijhuzum

De Kaappleats op Nijhuzum oan de Grûns

In ûnbekende pleats

Ut de fotokolleksje fan Gerben Dijkstra

Ljouwerter Krante 21 desimber 1929
Gemeentereiniging útbestege oan Wiebe Rypma:


Lofts: de buorlju Wijbe Brandenburg en Attje (Agatha) Hofhuis (± 1930)
Rjochts: Unbekende famkes

Lofts: Brechtus Uilkes Dijkstra jr. en sr.
Rjochts: Sytske Thomas' Dijkstra-Conradi (1858-1931)
mei har beppesizzer Thomaske Uilkes Dijkstra (1925-1999)

De pleats by de Katsyl te Westhim

De pleats fan Rintsje Haagsma oan de Trekwei




Om 1930 hinne in nij logo:

Autobus makke troch Yntema op de Brouwersdyk yn 1928

Ringstekke yn it Heidenskip 1929

Ungetiid by de famylje Plantinga yn it Heidenskip by Brânburren


Ungetiid by de famylje Brandsma yn it Heidenskip...
...de famylje Graafsma is der by, ...
...want dy hawwe masjinen levere

De Prins fan Dzjiboeti besiket it Heidenskip
De flagge yn top op de Helmole mei dêrfoar Johannes Fekkes mei de hannen yn 'e bûse.
Foaroan rinne Assuerus Brandsma en syn soan Mebius.
Hielendal lofts de Prins fan Dzjiboeti en de foarsitter fan it Feestkommisje Hielke van der Gaast.
Hielendal rjochts op de bok Assuerus Brandsma.
De Prins fan Dzjiboeti mei de foarsitter fan de feestkommisje Hielke van der Gaast

Friso septimber 1930:
Heidenschap. Bij de hier gehouden volks- en kinderspelen was een aangename  verrassing, nl. het bezoek van de prins van Dzjiboeti!
Door de schoolkinderen werd Z.K.H. de Prins feestelijk ingehaald. Gezeten in een met twee paarden bespannen staatskoets en voorafgegaan door muziek begaf de Prins zich naar het feestterrein, waar de voorzitter van het feestcommité hem verwelkomde. De zwarte prins voerde daarbij in vloeiend hollands ook het woord. Hij verzocht de schooljeugd het oude Wilhelmus voor hem te zingen.
Daarna bezocht hij de kinderspelen.

's Avonds heeft men de Prins met muziek en lampions uitgeleide gedaan. De Prins bedankte voor de hartelijke ontvangst en zeide zeer genoten te hebben.

Súd 100 fan Jouw van den Akker
Fijne Vleeschwaren Comestibels Vethandel

de buorjonges
Bertus en Gerard Brandenburg om 1932 hinne

In bedriuwsreportaazje foar de Firma Wed. W. Bakker & Zn.:
Spoardyk 50, boud yn 1933


In koar. F.l.n.r.: Henk de Vries, Piet de Vries, Doede Graafsma, Gerard de Jong,
Bertus Ketelaar, Reijer Flapper (skoansoan fan Wiebe Rypma), Thomas Draaisma,
Germen Weitenberg en Bouke Jongstra.
Foaroan: Lykle Griek mei akkordeon en Kapelaan Koopmans.

Kuorbalklub "Jong Frisia" yn 1931
Efterste rige v.l.n.r. Bauke Gaastra, ûnbekend, Sido Westra en Cornelis de Jong.
De rest is net bekend.


Lofts de "Sinnepleats" boud yn 1937 op Nijhuzum

Jacob Dijkstra
Warkum 27 oktober 1853 - +Warkum 11 maart 1954
de earste Warkumer dy't 100 jier wurden is
hie de bynamme: Japik Fodde
hjir op it Noard-Brouwersdyk om 1940 hinne

De famylje Voets fan Warkum 1942
Heit en Mem, Bennie, Paulie, Wim, Resie, Willy en Hilly

Ut de earste Friso fan 1945
Aprilnummer 1945:


Ut de Friso fan 16-06-1945:



Yn de 90-er jierren hat Maikel Galama noch in foto fan it grêf fan
Wiebe Rypma en Wobbelina Miedema meitsje kinnen.
Mar it grêf is der net mear

Lokkich hawwe wy de foto's noch!


De Herfoarme Tsjerke fan it Heidenskip
dêr't op 4 oktober 2019 boppesteand ferhaal holden waard

Mei tank oan:
Maikel Galama foar de foto's en it útlienen fan it boek oer de famylje Miedema

Fotokolleksjes fan:
Geert Bakker
Fam. Brandenburg
Fam. Brandsma
Fam. Bouma
Fam. Faber
Maikel Galama
Henk Gorter
Fam. Graafsma
Willem D. Hengst
Fam. Lammertsma
Fam. Oppedijk van Veen
Willem Osinga
Durk Posthumus
Fam. Sluyterman
Fam. Visser
Warkums Erfskip

Boarnen:
It boek oer de famylje Miedema
Heidenskipster Pleatsen
Warkumer krante Friso