Klapper-Van der Meulen
Merk 4
8711 CL Warkum
till. 0515 - 54 12 31

Dit oersjoch is makke troch:
Sibbele Postma
De Sânpelsen 20
8651 BT Drylts sibbelepostma@home.nl

sjoch ek:
en


Fragmint kertiersteat
Auke Jans Klapper
Foar mear Klapper famylje gegevens sjoch de (beheinde) stambeam

.
-- I --
     
     1 Auke Jans Klapper, berne op sneon 22 oktober 1853 te Warkum (akte 94).
     Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Auke, de nammen fan
     heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sjierks van der
     Meulen.
     Auke is troud op tiisdei 23 maart 1886 te Ubbergen, yn 'e âldens fan 32
     jier mei Geertrui Vierboom (20 jier âld), berne op freed 16 febrewaris
     1866 te Ubbergen, dochter fan Henricus Vierboom en Helena Kroes.

Wyk C 45 (Súd 42)
Bertehûs fan Auke Jans Klapper, dêr't oant de dea fan syn ta wenne hat.
     

-- II --
         
     2 Jan Douwes Klapper, berne op moandei 18 maaie 1818 te Warkum (akte 28),
     seeman en wurkman, stoarn op moandei 25 juny 1866 te Warkum, Wyk C nr 45 (Súd 42)
      (akte 56).
     Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jan, de nammen fan
     heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer.
     Jan is letter troud op sneon 1 febrewaris 1862 te Warkum (akte 3), yn 'e
     âldens fan 43 jier mei Jikke Justina Hubertus Hubée (32 jier âld), berne
     op freed 24 april 1829 te Snits (blêd 45), stoarn op tiisdei 16 jannewaris
     1900 te Harns (akte 5), dochter fan Hubertus Hubée en Barbera Baukes de
     Vries.
     Jan is troud op woansdei 26 maaie 1847 te Warkum (akte 13), yn 'e âldens
     fan 29 jier (1) mei

     3 Ybeltje Sjierks van der Meulen alias Ybeltje Sjirks, Ibeltje Sjierks en
     Ybeltje Sierks (26 jier âld), berne op tiisdei 21 novimber 1820 te Makkum
     (akte 250), stoarn op woansdei 10 augustus 1859 te Warkum, Wyk C nr. 45 (Súd 42)
     (akte 89).
     Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Ybeltje, de nammen
     fan heit en mem skreaun as Zierk Zieses van der Meulen en Trijntje Klazes
     Faber.

     Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen fan it pear
     skreaun as Jan Douwes Klapper, 29 jier berne yn Warkum en Ybeltje Sjierks
     van der Meulen, 26 jier en berne yn Makkum.
     Jan wie in soan fan Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer,
    Iebeltsje in dochter fan Sjierk Siedzes van der Meulen en Trijntje Klazes
    Faber.      
     Soan Auke hat syn libbensferhaal opskreaun en fertelt dêrby ek oer syn
     famylje. It gehiel is te finen fia de side fan Warkum`s Erfskip, it liket
     dat in Mark Woltering dat stik fan Auke fan syn oerpake (?) op it ynternet
     setten hat: Aantekeningen en nauwkeurige beschrijvingen mijner levensloop,
     successievelijk opgeschreven uit dagelijksche notitie's.
     Yn it earste part fertelt er ûnder oare dat syn heit seeman west hat en
     neitiid yn in stisel fabryk wurke. Syn pake en beppe fan heite kant wiene
     mitselder Douwe Klapper en Trijntje Meyer, dy hie er beide noch kend.
     Fan mem har kant wiene de âlden Sjirk van der Meulen, in seeman en beppe
     wie in Trijntje. Harren koe er net.
     Heit hie as bruorren Fonger en Sietze, Fonger wie timmerman yn Koudum en
     Sietze lettersetter yn Warkum.
     Mem hie as bruorren in Klaas, kuormakker yn Warkum en Sies, timmerman yn
     Penjum.
     Mem Iebeltsje hie in winkeltsje der by, dat hja hiene it thús goed.
    Lykwols stoar mem jong yn 1859 mei de berte fan in deaberne jonkje
    dat de namme Jan hawwe soe, mem en Jan kamen tegearre yn`e kiste.
     Heit troude op`e nij mei in Justina Hubee fan Snits. Dat wie net it meast
     lokkige houlik, styfmem rêde mei it jild.
    Der kaam noch in healbroer Tsjerk.
     Auke fertelt dat er de jongste wie, Douwe wie de âldste en dan kaam der in
     Sjirk. Foar Douwe hiene der noch twa jonkjes west dy`t jong ferstoaren.
     Letter wie Douwe yn`e lear as kûper, Sjirk as ferver en Auke sels as
     goudsmid. Mei har trijen krigen de jonges de pokken, ek heit waard siik en
     kaam te ferstjerren.
     De trije jonges kamen yn it weeshûs fan Warkum, styfmem en har soan rêden
     har.      
     Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Ybeltje Sierks van der
     Meulen, 38 jier âld en troud.

     út dit houlik:
       - Douwe Jans Klapper, berne op moandei 24 jannewaris 1848 te Warkum
         (akte 8). Wyk C nr. 45
       - Douwe Jans Klapper, berne op snein 20 maaie 1849 te Warkum (akte 46). Wyk C nr. 45
       - Douwe Jans Klapper, berne op woansdei 3 july 1850 te Warkum (akte 62). Wyk C nr. 45
       - Sjierk Jans Klapper alias Sjirk Jans, berne op moandei 21 july 1851 te
         Warkum (akte 86). Wyk C nr 45
       - Auke Jans Klapper, berne op sneon 22 oktober 1853 te Warkum (akte 94),
         sjoch 1.
       - Jan Jans Klapper, berne op sneon 23 july 1859 te Warkum (akte 52).


-- III --
     
     4 Douwe Fongers Klapper, berne op tongersdei 17 septimber 1789 te Warkum,
     mitseldersfeint 1816/1821 en mitselder, wenjend te Warkum 1816/1821/1843,
     stoarn op snein 7 maart 1869 te Warkum (akte 21).
     Douwe is troud op woansdei 17 july 1816 te Warkum (akte 13), yn 'e âldens
     fan 26 jier mei

     5 Trijntje Jans Meijer alias Trientje Jans (28 jier âld), berne yn oktober
     1787 te Warkum, sûnder bedriuw 1816, wenjend te Warkum 1811/1816/1843,
     stoarn op woansdei 16 septimber 1857 te Warkum (akte 66).

     Yn`e houliksakte fan Tryntsje en Douwe stiet dat har mem Grytsje is,
     "zijnde de vader onbekend".
     Sa sil it offisjeel korrekt west ha, Tryntsje har mem wie mei har berte
     noch net troud en har yn de eigen namme oantsjutten heit Jan Meijer sil
     har net offisjeel erkent hawwe.
     Jan Rinnerts Meijer sil lykwols sa`t liket grif wol Tryntsje har heit west
     ha, by it namme oannimmen fan 1811 wurdt Tryntsje as syn bern neamd en hja
     hie de namme fan Jan syn doe al ferstoarne mem krige.
     Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Douwe Fongers
     Klapper 26 jier berne yn Warkum en Trijntje Jans Meijer, 28 jier âld en
     berne yn Wurdum.
     Douwe wie in soan fan Fonger Douwes en Tjerkjen Jans Klapper, Tryntsje in
     dochter fan Grietje Baukes Boomsma.      
     Op 27 maaie 1821 is de 31 jierrige mitseldersfeint Douwe Fongers Klapper,
     "broeder aan de vrouwszijde" fjirde tsjûge by it houlik fan syn suster
     Aukje. Hy ûnderskreau de akte mei "Douwe F Klapper".      
     Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Trientje Jans Meyer, 69
     jier âld en troud.
     Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Douwe Klapper, 79 jier âld en
     widner.

     út dit houlik:
       - Fonger Douwes Klapper, berne op snein 4 febrewaris 1816 te Warkum
         (akte 13), timmerfeint 1843 en timmerman, wenjend te Warkum 1843 en te
         Koudum, stoarn op woansdei 19 desimber 1894 te Himmelumer Aldefurt en
         Noardwâlde (akte 79).
       - Jan Douwes Klapper, berne op moandei 18 maaie 1818 te Warkum (akte
         28), sjoch 2.
       - Tjerk Douwes Klapper, berne op woansdei 28 juny 1820 te Warkum (akte
         61), net troud stoarn op woansdei 10 augustus 1842 dêr (akte 38).           
       - Auke Douwes Klapper, berne op sneon 31 augustus 1822 te Warkum (akte
         77), net troud stoarn op moandei 13 jannewaris 1845 dêr (akte 4).          
       - Sytse Douwes Klapper alias Sytze Douwes, berne op tiisdei 27 maart
         1827 te Warkum (akte 36), jong stoarn op freed 16 oktober 1829 dêr
         (akte 98).          
       - Sietse Douwes Klapper, berne op tiisdei 3 april 1832 te Warkum (akte
         21), lettersetter, wenjend te Warkum, net troud stoarn op freed 27
         juny 1902 dêr (akte 41).          

     6 Sjierk Siedzes van der Meulen alias Zierk Siedses, Zierk Zieses, Sjierk
     Sieses, Sierk Sieses en Sierk Sietzes, berne op woansdei 19 augustus 1789,
     doopt op snein 6 septimber 1789 te Makkum (Herfoarme), stoarn op moandei 2
     april 1849 te Warkum (akte 29).
     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Makkum oantekene de berte en it dopen fan Zierk, soan fan Sieds Sierks en
     Grietje Eeltjes.
     Sjierk is troud op freed 11 febrewaris 1820 te Wûnzeradiel (akte 4), yn 'e
     âldens fan 30 jier mei

     7 Trijntje Klazes Faber alias Trijntje Klaases en Trijntje Klases (26 jier
     âld), berne op snein 26 jannewaris 1794 te Boalsert, doopt op tongersdei
     13 febrewaris 1794 dêr (Herfoarme), stoarn op woansdei 12 april 1848 te
     Warkum (akte 51).

     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Trijntje, dochter fan Klaas
     Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
     Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Zierk Zieses van
     der Meulen en Trijntje Klazes Faber.      
     Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Sierk Sieses van der
     Meulen, 59 jier âld en widner.

     út dit houlik:
       - Ybeltje Sjierks van der Meulen alias Ybeltje Sjirks, Ibeltje Sjierks
         en Ybeltje Sierks, berne op tiisdei 21 novimber 1820 te Makkum (akte
         250), sjoch 3.
       - Sies Sierks van der Meulen, berne op sneon 12 oktober 1822 te Boalsert
         (akte 106).
         Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Sies, de nammen
         fan heit en mem skreaun as Sierk Sieses van der Meulen en Trijntje
         Klases Faber.
       - Grietje Sierks van der Meulen, berne op sneon 11 septimber 1824 te
         Boalsert (akte 96).
         Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Grietje, de
         nammen fan heit en mem skreaun as Sierk Sietzes van der Meulen en
         Trijntje Klases Faber.
       - Klaas Sjierks van der Meulen, berne op tiisdei 4 july 1826 te Warkum
         (akte 58).
         Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Klaas, de nammen
         fan heit en mem skreaun as Sjierk Sieses van der Meulen en Trijntje
         Klaases Faber.
       - Jan Sierks van der Meulen, berne op woansdei 4 maart 1829 te Warkum
         (akte 25).
         Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jan, de nammen
         fan heit en mem skreaun as Sierk Sieses van der Meulen en Trijntje
         Klaases Faber.
     

-- IV --
     
     8 Fonger Douwes Kalff, doopt op snein 1 desimber 1754 te Warkum
       (Herfoarme), mitselder, wenjend te Warkum 1780, stoarn yn april 1800 te
       Warkum, soan fan Douwe Fongers (II-a) en Sytske Sents.
       Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
       Warkum oantekene it dopen fan Fonger, bern fan Douwe Fongers en in net
       neamde mem.
       
       Nei gegevens fan de hear De Bruijn soe Fonger berne wêze yn 1754.
       Fonger is troud op snein 17 septimber 1780 te Warkum foar`t gerjocht
       (841), troud op woansdei 19 july 1780 dêr (dtb 862) (Herfoarme), yn 'e
       âldens fan 25 jier mei

     9 Tjerkjen Jans Klapper alias Tjerkje Jans (29 jier
       âld), berne op snein 6 desimber 1750 te Warkum, doopt op freed 26 april
       1782 dêr, naaister 1816/1821/1822, wenjend te Warkum
       1780/1811/1816/1821/1822, stoarn op woansdei 5 juny 1822 te Warkum yn
       hûs wyk B nûmer 35, moarns njoggen oere (akte 36), dochter fan Jan
       Tjerks ("vaart voor timmerman" 1749) en Aukjen Luitjens.
       Berte en doopgegevens fan de side fan Menno van der Hauw.
       It houlik fan Fonger en Tsjerkje, beide mei famyljenamme, komt foar yn
       it ûndertrou register fan it gerjocht en it trouregister fan'e Herfoarme
       tsjerke fan Warkum. Neffens de side fan Tresoar: "befêstiging houlik op
       17 septimber 1780 yn Warkum fan Fonger Douwes Kalff en Tjerkje Jans
       Klapper, beide fan Warkum".
       By it gerjocht wie byskreaun dat Fonger "vaderloos" wie en dat er troude
       mei konsint fan syn mem. Tsjerkje troude mei konsint fan har heit
       "vertoont door broer Tjerk Jans".
       
       By it namme oannimmen yn 1811 neffens de side fan Tresoar de
       famyljenamme Klapper opjûn troch Fonger Douwes widdo Tjerkje Jans fan
       Warkum. As iennichst bern wurdt dêr neamd Douwe dy't 22 jier âld is
       (fol. 43v).
       By dat namme oannimmen yn Fryslân waard foar safier bekend trije kear
       keazen foar de namme Klapper, alle trije yn Warkum. Neist Tsjerkje wiene
       dat Rinske Klazes, de widdo fan broer Tjerk Jans en dy harren âldste
       soan Jan Tjerks.
       Yn de 18de ieu wie der yn Ljouwert noch in Klapper mei de foarnamme
       Harmen of Harmanus. Dy man wie mei syn houlik yn 1739 "Garde du Corps",
       yn 1749 mei de kwotisaasje skreaun as "garde cour". Ynearsten liket der
       gjin famylje relaasje te wêzen, syn namme liket ek skreaun te wurden as
       Clapper en Clappers.
       Mei de folkstelling fan 1947 wiene der neffens de databank fan
       famyljenammen fan it Meertens Ynstitút yn Nederlân noch 44 nammedragers
       "Klapper".
       Dy wennen yn Súd Hollân (27), Noard Hollân (8), Fryslân (6), Gelderlân
       (2) en Oerisel (1).
       Yn it tillefoanboek fan Nederlân wiene yn 1993 noch 15 abonnee`s mei de
       namme Klapper, yn België wiene der 5.
       De namme Klapper wie neffens de side fan it Meertens Ynstitút in
       beropsmanne, dat mooglik meie wy oannimme dat der yn de famylje timmere
       (en mitsele) waard dat it "klapte".
       
       Yn de akte fan ferstjerren fan Tsjerkje wie de namme skreaun as Tjerkjen
       Jans Klapper. Fierder wie ûnder oare oantekene dat hja 72 jier âld wie,
       widdo, dochter fan Jan Tjerks Klapper en Aukjen Luitjens. It ferstjerren
       wie net lykas earder skreaun op 2 juny, mar dúdlik op 5 juny 1822.
       
       Yn de houliksakte fan dochter Aukje har twadde houlik wie skreaun dat
       heit Fonger "voor ruim" 20 jier yn Warkum ferstoarn wie.

     út dit houlik:
       - Sietske Fongers Kalf alias Sijdtske Fongers, Sytske Fongers en
         Klapper, berne op moandei 29 july 1782, net troud stoarn op moandei 26
         febrewaris 1855 te Warkum (akte 24).
         Bertedatum neffens gegevens fan de hear De Bruijn.      
       - Aukje Fongers Klapper alias Aukjen Fongers en Kalf, berne op moandei
         31 maaie 1784 te Warkum, doopt op snein 6 juny 1784 dêr (Herfoarme),
         sûnder berop 1821, wenjend te Warkum 1821, stoarn op snein 9 septimber
         1849 te Warkum (akte 106).          
       - Douwe Fongers Klapper, berne op tongersdei 17 septimber 1789 te
         Warkum, sjoch 4.

    10 Jan Rinnerts Meijer alias Jan Reinderts, Jan Rinderts en Meyer, doopt op
     snein 14 july 1765 te Ferwert (Herfoarme), wenjend te Ferwert 1791 en te
     Warkum 1811, stoarn op snein 25 septimber 1831 te Warkum (akte 65).
     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Ferwert oantekene it dopen fan Jan, bern fan Rendert Jans en Trijntje
     Pieters.
     Jan is troud op snein 8 maaie 1791 te Ferwert (dtb 231) (Herfoarme), yn 'e
     âldens fan 25 jier mei

    11 Grietje Baukes Boomsma alias Grietie Baukes en Grijtje Baukes (22 jier
     âld), doopt op snein 12 juny 1768 te Wurdum (Herfoarme), turfmjitterske
     1816, wenjend te Ferwert 1791 en te Warkum 1816, stoarn op woansdei 22
     jannewaris 1845 te Warkum (akte 9).

     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Wurdum oantekene it dopen fan Grietje, dochter fan Baucke Goitsens en
     Jeltje Dirks.
     Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Ferwert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Jan Rinderts Meyer en
     Grietie Baukes, beide fan Ferwert op 8 maaie 1791 dêr.      
     Mei it namme oannimmen fan 1811 wie der yn Warkum in Jan Reinderts dy`t de
     famyljenamme Meyer oannaam, fêstlein yn de mairie Warkum op folio 57v.
     Jan ferklearre as bern te hawwen Trijntje 25 jier, Jeltje 18 jier, Rindert
     14 jier, Bauke 3 jier en Auke 3 moanne âld.      
     Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Jan Rinnerts Meyer, 66
     jier âld en troud.

     út dit houlik:
       - Trijntje Jans Meijer alias Trientje Jans, berne yn oktober 1787 te
         Warkum, sjoch 5.
       - Baukje Jans Meijer alias Mayer, berne op woansdei 21 maart 1792 te
         Warkum, doopt op freed 30 maart 1792 dêr (Herfoarme), jong stoarn foar
         1811.
         Neffens in froedfrou register fan Warkum wie der op 21 maart 1792 yn
         Warkum berne in Baukje as dochter fan Jan Rinnerts Mayer en Grietje
         Baukes, de froedfrou wie Hijkke Jans. De âlden fan it bern wiene
         grifformeard.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Baukje, dochter fan Jan
         Rinnerts Meijer en Grijtje Baukes.
       - Jeltje Jans Meijer alias Meyer, berne op tongersdei 13 novimber 1794
         te Warkum, doopt op freed 21 novimber 1794 dêr (Herfoarme), wenjend te
         Warkum 1811, stoarn nei 1811.
         Neffens in froedfrou register fan Warkum wie der op 13 novimber 1794
         yn Warkum berne in Jeltje as soan fan Jan Rinnerts en Grietje Baukes,
         de froedfrou wie Hijkke Jans. De âlden fan it bern wiene grifformeard.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Jeltje, bern fan Jan
         Rinnerts Meijer en Grijtje Baukes.
       - Rindert Jans Meyer alias Rinnert Jans, berne op moandei 7 augustus
         1797 te Warkum, doopt op snein 20 augustus 1797 dêr (Herfoarme),
         wenjend te Warkum 1811, stoarn nei 1811.
         Neffens in froedfrou register fan Warkum wie der op 1 augustus 1797 yn
         Warkum berne in Rinnert as soan fan Jan Rinnerts en Grietje Baukes, de
         froedfrou wie Hijkke Jans. De âlden fan it bern wiene grifformeard.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte op 7 augustus 1797 en it dopen fan
         Rindert, soan fan Jan Rinnerts Meijer en Grijtje Baukes.
       - Bauke Jans Meijer, berne op tiisdei 27 maaie 1800 te Warkum, doopt op
         snein 8 juny 1800 dêr (Herfoarme), jong stoarn foar sneon 14 desimber
         1805.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Bauke, bern fan Jan
         Rinnerts Meijer en Grijtje Baukes.
       - Aukje Jans Meijer, berne op tongersdei 28 oktober 1802 te Warkum (?),
         doopt op freed 12 novimber 1802 te Warkum (Herfoarme), jong stoarn
         foar 1811.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Aukje, bern fan Jan
         Rinnerts Meijer en Grietje Baukes.
       - Bauke Jans Meijer, berne op sneon 14 desimber 1805 te Warkum, doopt op
         woansdei 25 desimber 1805 dêr (Herfoarme), jong stoarn op tiisdei 14
         juny 1808.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Bauke, bern fan Jan
         Rinnerts Meijer en Grijtje Baukes.
       - Bauke Jans Meijer alias Bouke Jans en Meyer, berne op tiisdei 14 juny
         1808 te Ljouwert (?), doopt op moandei 20 juny 1808 te Warkum
         (Herfoarme), wenjend te Warkum 1811.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Bauke, bern fan Jan
         "Hendriks" Meijer en Grietie Baukes.
         Bauke is troud op woansdei 10 juny 1835 te Warkum (akte 14), yn 'e
         âldens fan 26 jier mei Aaltje Sybrens Nauta alias Aaltje Siebrens
         (likernôch 23 jier âld), berne om ende by 1812 te Warkum, dochter fan
         Sybren Martinus Nauta en Sietske Hendriks Posthumus.
         Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Bauke Jans
         Meyer, 26 jier berne yn Ljouwert en Aaltje Sybrens Nauta, 22 jier
         berne yn Warkum.
         Bauke wie in soan fan Jan Rinnerts Meyer en Grietje Baukes Boomsma en
         Aaltsje in dochter fan Sybren Martinus Nauta en Sietske Hendriks
         Posthumus.      
       - Auke Jans Meyer, berne op moandei 23 septimber 1811 te Warkum, wenjend
         te Warkum 1811.
         Neffens in froedfrou register fan Warkum wie der op 23 septimber 1811
         yn Warkum berne in Auke as soan fan Jan Rinnerts Meijer en Grietje
         Baukes, de froedfrou wie Jouwerke Gerbens.
         Byskreaun wie dat tsjûgen wiene Sjuttje Douwes Valk troud oan Albert
         Plantinga en Trijntje Ouwerts troud oan Wiepke Wiepkes. Ek it feit dat
         de lytse Auke syn âlden grifformeard wiene.
         Auke is troud op woansdei 2 desimber 1840 te Warkum (akte 27), yn 'e
         âldens fan 29 jier mei Baukjen Baukes Vlas (likernôch 25 jier âld),
         berne om ende by 1815 te Warkum, dochter fan Tjitske Jans Zijlstra.
         Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Auke Jans
         Meyer, 29 jier berne yn Warkum en Baukjen Baukes Vlas, 25 jier en ek
         berne yn Warkum.
         Auke wie in soan fan Jan Rinnerts Meyer en Grietje Baukes Boomsma,
         Baukjen in dochter fan Tjitske Jans Zijlstra.
     
    12 Sieds Sjierks alias Sijs Zierks, Zieds Zierks en Sieds Sierks, wenjend te
     Makkum 1787/1791, stoarn foar 1811.
     Sieds is letter troud op snein 26 juny 1791 te Makkum (dtb 814)
     (Herfoarme) mei Antje Liskes van der Meulen (likernôch 25 jier âld), berne
     om ende by 1766, wenjend te Makkum 1791/1811, stoarn op snein 31 augustus
     1828 te Wûnzeradiel (blêd 30).
     Sieds is troud op snein 21 jannewaris 1787 te Makkum (dtb 814) (Herfoarme) mei

    13 Grietje Eeltjes alias Grietje Eelties, wenjend te Makkum 1787, stoarn foar
     1791.

     Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Makkum oantekene de befêstiging fan it houlik fan Sijs Zierks en Grietje
     Eelties, beide fan Makkum op 21 jannewaris 1787 dêr.
     út dit houlik:
       - Sjoukje Siedses, berne op sneon 19 maaie 1787, doopt op snein 10 juny
         1787 te Makkum (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Makkum oantekene de berte en it dopen fan Sjoukje, bern fan Sieds
         Sierks en Grietje Eeltjes.
       - Zierk Siedses, berne op tongersdei 7 augustus 1788, doopt op snein 17
         augustus 1788 te Makkum (Herfoarme), jong stoarn foar woansdei 19
         augustus 1789.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Makkum oantekene de berte en it dopen fan Zierk, soan fan Sieds
         Sierks en Grietje Eeltjes.
       - Sjierk Siedzes van der Meulen alias Zierk Siedses, Zierk Zieses,
         Sjierk Sieses, Sierk Sieses en Sierk Sietzes, berne op woansdei 19
         augustus 1789, doopt op snein 6 septimber 1789 te Makkum (Herfoarme),
         sjoch 6.
       - Eeltje Siedses alias Eeltie Siedses, berne op sneon 18 septimber 1790,
         doopt op moandei 4 oktober 1790 te Makkum (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Makkum oantekene de berte en it dopen fan Eeltie, bern fan Sieds
         Sierks en Grietje Eeltjes.

    14 Klaas Hanses Faber, berne om ende by 1761, wenjend te Boalsert 1785,
     stoarn op tongersdei 17 novimber 1825 te Boalsert (blêd 46).
     Klaas is yn ûndertrou gien op freed 12 augustus 1785 te Boalsert foar`t
     gerjocht (dtb 133), troud op snein 28 augustus 1785 dêr (dtb 145)
     (Herfoarme), yn 'e âldens fan likernôch 24 jier mei

    15 Ybeltje Jans Faber (22 jier âld), berne op snein 24 april 1763 te
     Boalsert, wenjend te Boalsert 1785, stoarn op moandei 14 maart 1808 te
     Boalsert.

     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert oantekene de berte (en gjin dopen) fan Ybeltje, dochter fan Jan
     Everts en in net neamde mem.
     Neffens de side fan Tresoar yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht
     fan Boalsert oantekene de ûndertrou fan Klaas Hanses Faber en Ybeltje Jans
     Faber, beide fan Boalsert op 12 augustus 1785.
     Neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Boalsert
     oantekene de befêstiging fan it houlik fan Klaas Hanses Faber en Ybeltje
     Jans Faber op 28 augustus 1785.      
     Yn in register fan ferstjerren fan Boalsert oer it tiidrek 1794 - 1811
     oantekene it ferstjerren fan Ybeltje Jans Faber op 14 maart 1808 yn
     Boalsert. Hja wie 44 jier âld en troud oan Klaas H. Faber en liet fiif
     bern nei.
     Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Klaas Hanses Faber, 64
     jier âld en widner.

     út dit houlik:
       - Hans Klazes Faber, berne op tiisdei 20 juny 1786 te Boalsert, doopt op
         snein 16 july 1786 dêr (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Hans, bern fan Klaas
         Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
       - Jan Klazes Faber, berne op tiisdei 26 juny 1787 te Boalsert, doopt op
         snein 15 july 1787 dêr (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Jan, bern fan Klaas
         Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
       - Trijntje Klazes Faber, berne op tiisdei 29 desimber 1789 te Boalsert,
         doopt op snein 17 jannewaris 1790 dêr (Herfoarme), jong stoarn foar
         snein 26 jannewaris 1794.
       - Marten Klazes Faber, berne op moandei 30 april 1792 te Boalsert, doopt
         op tongersdei 17 maaie 1792 dêr (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Marten, soan fan Klaas
         Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
       - Trijntje Klazes Faber alias Trijntje Klaases en Trijntje Klases, berne
         op snein 26 jannewaris 1794 te Boalsert, doopt op tongersdei 13
         febrewaris 1794 dêr (Herfoarme), sjoch 7.
       - Froukjen Klazes Faber, berne op tiisdei 11 oktober 1796 te Boalsert,
         doopt op tongersdei 27 oktober 1796 dêr.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Froukjen, dochter fan
         Klaas Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
       - Douwe Klazes Faber, berne op tiisdei 23 desimber 1800 te Boalsert,
         doopt op tongersdei 8 jannewaris 1801 dêr (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Douwe, bern fan Klaas
         Hanses Faber en Ybeltje Jans Faber.
     

-- V --
     
    16 Douwe NN, stoarn foar snein 17 septimber 1780.
     Douwe wie troud mei

    17 N.N., stoarn nei snein 17 septimber 1780.

     út dit houlik:
       - wierskynlik Pier Douwes Kalff alias Calf.
         Pier is yn ûndertrou gien op sneon 22 july 1769 te Warkum foar`t
         gerjocht (dtb 840), yn ûndertrou gien op sneon 22 july 1769 dêr (dtb
         861) (Herfoarme) mei Sjoukjen Gerardus Osinga, wenjend te Noarder
         Dragten 1769.
         Yn it ûndertrou register fan it gerjocht fan Warkum, de ûndertrou op
         22 july 1769 fan Pier Douwes Kalff fan Warkum en Sjoukjen Gerardus
         Osinga fan Noarderdrachten.
         Soks neffens de side fan Tresoar mei de oantekening dat it houlik yn
         Warkum plak fûn.
         Yn it houliksregister fan'e Herfoarme gemeente fan Warkum deselde
         oantekening.      
       - Fonger Douwes Kalff, sjoch 8.

    18 Jan Tjerks alias Klapper, berne om ende by 1720, "vaart voor timmerman"
     1749, wenjend te Warkum 1742/1749, stoarn nei snein 10 augustus 1783.
     Bertejier fan Jan as yndikaasje.
     Jan is troud op snein 16 desimber 1742 te Warkum (dtb 861) (Herfoarme), yn
     'e âldens fan likernôch 22 jier mei

    19 Aukjen Luitjens alias Aukjen Luijtjens, wenjend te Warkum 1742.
     Yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Warkum is optekene de
     befêstiging fan it houlik dêr fan Jan Tjerks en Aukjen Luijtjens, beide
     fan Warkum.      
     
     út dit houlik:
       - Tjerk Jans Klapper alias Klopper, doopt op woansdei 11 maart 1744 te
         Warkum (Herfoarme), stoarn yn febrewaris 1805 dêr.          
       - Ybeltje Jans Klapper, doopt op freed 1 oktober 1745 te Warkum, wenjend
         te Warkum 1769/1780.
       - Tjiets Jans Klapper, berne om ende by 1749, stoarn op woansdei 16
         maart 1808 of tongersdei 17 maart 1808 te Snits (?).
       - Tjerkjen Jans Klapper alias Tjerkje Jans, berne op snein 6 desimber
         1750 te Warkum, doopt op freed 26 april 1782 dêr, sjoch 9.
       - Aafke Jans Klapper, berne foar 1764, wenjend te Warkum 1780.
               
    20 Rindert Jans Meyer alias Rendert Jans, wenjend te Ferwert 1774/1811,
     stoarn nei 1811.
     Rindert is letter troud op snein 10 july 1774 te Ferwert (dtb 231)
     (Herfoarme) mei Geeske Geerts Bylevelds, wenjend te Ferwert 1774.
     Rindert wie troud (1) mei

    21 Trijntje Pieters, stoarn foar 1774.

     Yn 1811 is der yn Ferwert in Rindert Jans dy`t de famyljenamme Meyer
     oannimt, fêstlein yn de mairie Ferwert op folio 14v.
     Hy ferklearre dat der in soan Jan wenne yn Warkum en dat yn Ferwert in 16
     jierrige pakesizzer wenne mei de namme Hessel.

     út dit houlik:
       - Baukje Renderts, doopt op snein 9 augustus 1761 te Ferwert
         (Herfoarme), jong stoarn foar snein 31 maart 1771.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Ferwert oantekene it dopen fan Baukje, dochter fan Rendert Jans en
         Trijntje Pieters.
       - Pieter Renderts Meyer alias Pieter Rinderts, doopt op snein 13
         febrewaris 1763 te Ferwert (Herfoarme), stoarn op moandei 15
         febrewaris 1808 dêr.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Ferwert oantekene it dopen fan Pieter, bern fan Rendert Jans en
         Trijntje Pieters.
         Pieter is troud op snein 25 febrewaris 1787 te Ferwert (dtb 231)
         (Herfoarme), yn 'e âldens fan 24 jier mei Janneke Hessels Knyfft alias
         Knijft, wenjend te Eastrum 1787.
         Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Ferwert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Pyter Rinderts
         Meyer fan Ferwert en Janneke Hessels Knijfft fan Eastrum op 25
         febrewaris 1787 yn Ferwert.          
         Yn it register fan ferstjerren fan Ferwerderadiel oer it tiidrek 1806
         - 1811 wie oantekene de namme Pieter Rinderts Meyer, ferstoarn op 15
         febrewaris 1808 yn Ferwert, 45 jier âld.      
       - Jan Rinnerts Meijer alias Jan Reinderts, Jan Rinderts en Meyer, doopt
         op snein 14 july 1765 te Ferwert (Herfoarme), sjoch 10.
       - Marten Renderts, doopt op snein 19 juny 1768 te Ferwert (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Ferwert oantekene it dopen fan Marten, bern fan Rendert Jans en
         Trijntje Pieters.
       - Baukje Renderts, doopt op snein 31 maart 1771 te Ferwert (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Ferwert oantekene it dopen fan Baukje, bern fan Rendert Jans en
         Trijntje Pieters.

    22 Bauke Goitsens alias Bauke Goytsens, Bauke Goytses, Bauke Goitses, Baucke
     Goitsens, Bauke Goitzens, Bauke Gooitzens en Bauke Gooitzes, doopt op
     snein 2 maaie 1723 te Toppenhuzen / Twellegea (Herfoarme), skuonmakker
     1752/1754/1756, wenjend te Snits 1749 en te Wurdum 1762.
     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Toppenhuzen en Twellegea oantekene it dopen fan Bauke, bern fan Goytsen
     Sybbrens en in net neamde mem.
     Bauke is earder yn ûndertrou gien op sneon 29 novimber 1749 te Snits
     foar`t gerjocht (dtb 638), yn ûndertrou gien op sneon 29 novimber 1749 dêr
     (dtb 667) en troud op snein 14 desimber 1749 dêr (dtb 671) (Herfoarme), yn
     'e âldens fan 26 jier mei Wypkjen Thomas, wenjend te Snits 1749,
     wierskynlik dochter fan Tomas Sintjes en Beatrix Gerrits.
     Bauke is troud om ende by augustus 1762 te Wurdum (dtb 509) (Herfoarme),
     yn 'e âldens fan 39 jier (2) mei

    23 Jeltje Dirks, wenjend te Deinum 1762.

     Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Wurdum oantekene in tredde proklamaasje oangeande it houlik fan Bauke
     Goitzens fan Wurdum en Jeltje Dirks fan Deinum op 1 augustus 1762.
     Der wie byskreaun dat hja ek yn Wurdum trouden.      
     Op de ynternet side fan Feike Boomsma binne neist syn eigen Boomsma
     famylje ek inkelde stikjes opnommen fan oare Boomsma`s.
     Dêrby ek in koart stikje fan Bouke Goitzens, Grytsje stie der net by.

     út dit houlik:
       - Durk Baukes Boomsma alias Dirk Baukes en Durk Boukes, doopt op snein
         16 oktober 1763 te Wurdum (Herfoarme), master skuonmakker, wenjend te
         Wurdum 1793/1811, stoarn op tiisdei 24 juny 1823 te Ljouwerteradiel
         (blêd 16).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Wurdum oantekene it dopen fan Dirk, bern fan Bauke Goitzens en
         Jeltje Dirks.
         Durk is troud op snein 14 july 1793 te Wurdum (dtb 483) (Herfoarme),
         yn 'e âldens fan 29 jier mei Doetje Minzes de Graaf alias Doetje
         Minses, Doedtje Minzes en Doetje Nenses (likernôch 19 jier âld), berne
         om ende by 1774, wenjend te Wurdum 1793, stoarn op tongersdei 18
         desimber 1845 te Ljouwerteradiel (blêd 39).
         Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Wurdum oantekene de befêstiging fan it houlik fan Dirk Baukes en
         Doetje Minzes, beide fan Wurdum op 14 july 1793.          
         Mei it namme oannimmen fan 1811 wie der yn Wurdum in Durk Boukes dy`t
         de famyljenamme Boomsma oannaam, fêstlein yn de mairie Wurdum op folio
         24.
         Durk ferklearre dat der as bern wiene Mense 17 jier yn Mantgum, Bouke
         14 jier, Anne 12 jier, Jelle 8 jier, Sikke 6 jier, Jeltje 3 jier en
         Hyke 1 jier âld.          
         Durk soe yn Wurdum wenne hawwe op it nûmer 119.          
         Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Durk Baukes
         Boomsma, 61 jier âld en troud.
         Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Doetje Minzes de Graaf, 71 jier âld
         en widdo.      
       - Yfke Baukes, doopt op snein 13 april 1766 te Wurdum (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Wurdum oantekene it dopen fan Yfke, dochter fan Bauke Gooitzens en
         Jeltje Dirks.
       - Grietje Baukes Boomsma alias Grietie Baukes en Grijtje Baukes, doopt
         op snein 12 juny 1768 te Wurdum (Herfoarme), sjoch 11.

    28 (?) Hans Douwes, berne op snein 21 augustus 1718 te Boalsert, doopt op
     tongersdei 25 augustus 1718 dêr (Herfoarme), wenjend te Boalsert
     1741/1746.
     Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Hans, bern fan Douwe Hanses en
     in net neamde mem.
     Der wie byskreaun dat "doopheffer" wie mem har mem.
     Hans is earder troud op snein 26 febrewaris 1741 te Boalsert foar`t
     gerjocht (dtb 132), troud op snein 26 febrewaris 1741 dêr (dtb 144)
     (Herfoarme), yn 'e âldens fan 22 jier mei Barte Eduarts Haverkamp, wenjend
     te Boalsert 1741, stoarn foar 1746.
     Hans is troud op snein 6 novimber 1746 te Boalsert foar`t gerjocht (dtb
     132), troud op snein 6 novimber 1746 dêr (dtb 144) (Herfoarme), yn 'e
     âldens fan 28 jier (2) mei

    29 (?) Trientie Clases, wenjend te Boalsert 1746.

     Neffens de side fan Tresoar yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht
     fan Boalsert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Hans Douwes en
     Trientie Clases, beide fan Boalsert op 6 novimber 1746.
     Der wie byskreaun dat Hans Douwes widner wie.
     Neffens de neamde side wiene yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert krekt deselde gegevens opnommen.

     út dit houlik:
       - wierskynlik Klaas Hanses Faber, berne om ende by 1761, sjoch 14.

    30 Jan Everts Faber alias Jan Eeverts, wenjend te Boalsert 1752, stoarn nei
     sneon 29 april 1775.
     Jan is yn ûndertrou gien op freed 28 april 1752 te Boalsert foar`t
     gerjocht (dtb 133), troud op snein 14 maaie 1752 dêr (dtb 144) (Herfoarme)
     mei

    31 Vroukien Roelofs, wenjend te Boalsert 1752.

     Neffens de side fan Tresoar yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht
     fan Boalsert oantekene de ûndertrou fan Jan Eeverts en Vroukien Roelofs,
     beide fan Boalsert op 28 april 1752 yn Boalsert.
     Der wie by oantekene dat de oanjefte dien waard troch de brêgeman en
     Steffen Willinger fanwegen de breid, ien en oar mei skriftlike tastimming
     fan de brêgeman syn heit.
     Dan neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Jan Everts Faber en
     Vroukien Roelofs, beide fan Boalsert op 14 maaie 1752.

     út dit houlik:
       - Ybeltje Jans Faber, berne op snein 24 april 1763 te Boalsert, sjoch15.
     

-- VI --
     
    44 Goytsen Sybbrens alias Goytsen Sybrens, wenjend te Toppenhuzen 1713,
     stoarn foar snein 25 augustus 1726.
     Goytsen is troud op snein 14 maaie 1713 te Toppenhuzen / Twellegea (dtb
     881) (Herfoarme) mei

    45 Lipkjen Symens, wenjend te Nijlân 1713.

     Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Toppenhuzen en Twellegea oantekene de befêstiging fan it houlik fan
     Goytsen Sybrens fan Toppenhuzen en Lipkjen Symens fan Nijlân op 14 maaie
     1713.

     út dit houlik:
       - Sybren Goytsens, doopt op freed 10 augustus 1714 te Toppenhuzen /
         Twellegea (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Toppenhuzen en Twellegea oantekene it dopen fan Sybren, bern fan
         Goytsen Sybbrens en in net neamde mem.
       - Symon Goytsens, berne te Toppenhuzen / Twellegea, doopt op snein 29
         novimber 1716 (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Toppenhuzen en Twellegea oantekene it dopen fan Symon, bern fan
         Goytsen Sybrens en in net neamde mem.
       - Hotse Goytsens, doopt op snein 12 maart 1719 te Toppenhuzen /
         Twellegea (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Toppenhuzen en Twellegea oantekene it dopen fan Hotse, bern fan
         Goytsen Sybbrens en in net neamde mem.
       - Bauke Goitsens alias Bauke Goytsens, Bauke Goytses, Bauke Goitses,
         Baucke Goitsens, Bauke Goitzens, Bauke Gooitzens en Bauke Gooitzes,
         doopt op snein 2 maaie 1723 te Toppenhuzen / Twellegea (Herfoarme),
         sjoch 22.
       - Goitsen Goitsens Posthumus alias Goytzen Goytsens, Goitsen Goitsis,
         Gooitsen Gooitsens, Posthimus, Postumus en Postimus, doopt op snein 25
         augustus 1726 te Toppenhuzen / Twellegea (Herfoarme), oerwurkmakker
         1751, wenjend te Snits 1751.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Toppenhuzen en Twellegea oantekene it dopen fan Goytzen, bern fan
         Goytsen Sybbrens en in net neamde mem.
         Der wie byskreaun dat Goytsen Sybbrens ferstoarn wie.
         Goitsen is yn ûndertrou gien op sneon 22 maaie 1751 te Snits foar`t
         gerjocht (dtb 639), yn 'e âldens fan 24 jier mei Sijke Sybrens alias
         Sike Sybrens en Seike Sybrins, wenjend te Easterlittens 1751.
         Neffens de side fan Tresoar yn it register fan ûndertrou fan it
         gerjocht fan Snits oantekene de ûndertrou fan Goitsen Goitsis
         Posthimus fan Snits en Sike Sybrens fan Easterlittens op 22 maaie
         1751.
         De ûndertrou op deselde datum wie ek oantekene yn it register fan
         ûndertrou fan de Herfoarme gemeente fan Snits, de nammen dêr Goitsen
         Goitsens Postumus fan Snits en Sike Sybrens fan Easterlittens.
         Dan yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Easterlittens
         oantekene de befêstiging fan it houlik fan Gooitsen Gooitsens
         Posthumus fan Snits en Sijke Sybrens fan Easterlittens op 13 juny 1751
         dêr. Der wie byskreaun dat Gooitsen oerwurkmakker wie.
     
    56 (?) Douwe Hanses Faber, wenjend te Penjum 1717 en te Boalsert 1725.
     Douwe is letter troud op snein 16 septimber 1725 te Boalsert foar`t
     gerjocht (dtb 143), troud op snein 16 septimber 1725 dêr (dtb 132)
     (Herfoarme) mei Aukien Roelefs. Aukien wie widdo fan Anne Gabes, stoarn
     foar 1725.
     Douwe is troud op tongersdei 7 oktober 1717 te Boalsert foar`t gerjocht
     (dtb 132), troud op tongersdei 7 oktober 1717 dêr (dtb 143) (Herfoarme)
mei

    57 (?) Janke Lieuwes, wenjend te Boalsert 1717, stoarn foar 1725.
     Neffens de side fan Tresoar yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht
     fan Boalsert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Douwe Hanses fan
     Penjum en Janke Lieuwes fan Boalsert op 7 oktober 1717 yn Boalsert.
     Neffens de neamde side wiene yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
     Boalsert krekt deselde gegevens opnommen.
     út dit houlik:
       - Hans Douwes, berne op snein 21 augustus 1718 te Boalsert, doopt op
         tongersdei 25 augustus 1718 dêr (Herfoarme), sjoch 28.
       - Lieuwe Douwes, berne op sneon 3 maaie 1721 te Boalsert, doopt op snein
         4 maaie 1721 dêr (Herfoarme), jong stoarn foar sneon 20 febrewaris
         1723.
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Lieuwe, bern fan Douwe
         Hanses en in net neamde mem.
       - Lieuwe Douwes, berne op sneon 20 febrewaris 1723 te Boalsert, doopt op
         tongersdei 25 febrewaris 1723 dêr (Herfoarme).
         Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
         fan Boalsert oantekene de berte en it dopen fan Lieuwe, bern fan Douwe
         Hanses en in net neamde mem.

--------------------------------------------------------------------------------
Dit oersjoch waard makke troch:
Sibbele Postma, De Sânpelsen 20, 8651 BT Drylts, e-mail sibbelepostma@home.nl.