Klapper
Merk 4
8711 CL Warkum
till. 0515 - 54 12 31

Dit oersjoch is makke troch:
Sibbele Postma
De Sânpelsen 20
8651 BT Drylts sibbelepostma@home.nl

sjoch ek:

Geneology Klapper

  I Jan Tjerks alias Klapper, berne om ende by 1720, "vaart voor timmerman"
       1749, wenjend te Warkum 1742/1749, stoarn nei snein 10 augustus 1783.
       Bertejier fan Jan as yndikaasje.
       Jan is troud op snein 16 desimber 1742 te Warkum (dtb 861) (Herfoarme),
       yn 'e âldens fan likernôch 22 jier mei Aukjen Luitjens alias Aukjen
       Luijtjens, wenjend te Warkum 1742.
       Yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Warkum is optekene de
       befêstiging fan it houlik dêr fan Jan Tjerks en Aukjen Luijtjens, beide
       fan Warkum.
       
       Om it sykjen fan bern fan Jan Tsjerks wat lestiger te meitsjen, yn
       Warkum is op 18 novimber 1742 nòch in Jan Tjerks troud mei in Jantjen
       Fongers, beide kamen ek fan Warkum.
       Yn dizze tiid waard gauris by it dopen fan`e bern de namme fan mem net
       neamd en sa binne der dus bern te finen yn it doopboek fan de Herfoarme
       gemeente fan Warkum as bern fan in Jan Tjerks, sûnder te witten hokker
       dat is.
       
       Fan Tsjerk en Aukje ynearsten fiif bern fûn dy`t by harren pasje op
       basis fan de letter brûkte famyljenamme, mar ek op basis fan it hawwen
       fan in dochter Aukje. By dochter Tsjerkje is it folslein dúdlik, hja hat
       in dochter Aukje, hja neamt harsels Klapper en by har ferstjerren yn
       1822 waard yn de akte skreaun dat hja in dochter wie fan Jan Tjerks
       Klapper en Aukjen Luitjens.
       De fiif bern binne neist Tsjerkje in soan Tsjerk en de dochters
       Iebeltsje, Tsjiets en Aafke.
       Allinne fan Tsjerk en Iebeltsje wie in dopen oantekene yn it neamde
       doopboek as bern fan in Jan Tjerks (en de net neamde Aukje). Tsjerkje
       waard earst letter folwoeksen doopt en fan Tsjiets en Aafke wie sa
      alheel gjin dopen te finen.
       
       Yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan Warkum wurde der noch neamd
       as bern fan Jan Tjerks: Wikjen doopt op 14 oktober 1744, Jephta op 14
       septimber 1746, Fonger op 11 jannewaris 1754 en Pier op 10 maaie 1758.
       Mooglik dat hja taskreaun wurde kinne oan Jan Tsjerks en Jantsje
       Fongers.
       
       It is mooglik dat de oan Jan en Aukje harren soan Tsjerk Jans Klapper
       taskreaune doopdatum fan 11 maart 1744 net sines is en dat dan Wikje
       Jans noch in dochter fan Jan en Aukje wie. Dit mei`t dochter Iebeltsje
      in dochter Wikje hie, mooglik ta te skriuwen oan har jong (?) ferstoarne
      suster Wikjen.
       
       Op de side fan Hilbrand de Bruijn op it ynternet oantekene as berop fan
      Jan: "vaart voor timmerman".
       Nei alle gedachten komt dit gegeven fan de kwotisaasje kohieren fan
       1749, dêr is oantekene "Jan Tjerkx frou" fan Warkum, "de man vaart voor
       timmerman".
       De húshâlding bestie út twa persoanen boppe de tolve jier en trije dêr
       ûnder, hja wennen yn it twadde Espel. De belesting oanslach wie 22:14:0
       gûne, ien en oar fêstlein op folio 34 fan de stêd Warkum.
       
       Fan De Bruijn syn side in tal gegevens oernommen en gegevens fan him
       tastjoerd krige, benammen as it rint nei de lettere famylje Boes.
       Ek fan de ynternet side fan Menno van der Hauw gegevens oernommen,
       benammen fan dochter Iebeltsje.
       
       Yn it beliedensboek fan de Herfoarme gemeente fan Snits is neffens de
       side fan Tresoar oantekene it feit dat op 19 novimber 1790 de klok let
       hie foar in Jan Klapper.
       Sjoen it feit dat dochter Tsjiets yn 1808 ek yn Snits tahâlden hie soe
      it wêze kinne dat de neamde Jan yndie Jan Tjerks Klapper fan Warkum wie.

       út dit houlik:
         1 Tjerk Jans Klapper alias Klopper, doopt op woansdei 11 maart 1744 te
           Warkum (Herfoarme), folget ûnder II-a.
         2 Ybeltje Jans Klapper, doopt op freed 1 oktober 1745 te Warkum,
           folget ûnder II-b.
         3 Tjiets Jans Klapper, berne om ende by 1749, folget ûnder II-c.
         4 Tjerkjen Jans Klapper alias Tjerkje Jans, berne op snein 6 desimber
           1750 te Warkum, doopt op freed 26 april 1782 dêr, folget ûnder II-d.
         5 Aafke Jans Klapper, berne foar 1764, folget ûnder II-e.

   II-a Tjerk Jans Klapper alias Klopper, doopt op woansdei 11 maart 1744 te
       Warkum (Herfoarme), stoarn yn febrewaris 1805 dêr, soan fan Jan Tjerks
       (I) en Aukjen Luitjens.
       Tjerk is troud op snein 5 septimber 1779 te Warkum foar`t gerjocht (dtb
       841), troud op snein 5 septimber 1779 dêr (dtb 862) (Herfoarme), yn 'e
       âldens fan 35 jier (1) mei Hipke Jacobs (30 jier âld), berne om ende by
       freed 1 augustus 1749, stoarn foar snein 18 maart 1781.
       Neffens gegevens fan de hear De Bruijn wie Hipke berne of doopt op 1
       augustus 1749.

       Yn it houliksregister fan de Herfoarme gemeente Warkum de oantekening
       fan befêstiging fan it houlik fan Tjerk Jans Klapper en Hipke Jacobs,
       beide fan Warkum. Yn it ûndertrou register fan it gerjocht fan Warkum
       deselde oantekening.

       Tjerk is troud op snein 18 maart 1781 te Warkum foar`t gerjocht (dtb
       841), troud op snein 18 maart 1781 dêr (dtb 862) (Herfoarme), yn 'e
       âldens fan 37 jier (2) mei Rinske Klazes de Vries alias Rinske Klaases
       (17 jier âld), berne op freed 26 augustus 1763 te Warkum, winkelierske
       1816, stoarn op woansdei 11 febrewaris 1818 te Warkum.
       Rinske is letter troud op freed 22 jannewaris 1808 te Warkum foar`t
       gerjocht (dtb 849), yn 'e âldens fan 44 jier mei Siebren Sakes Hofstra
       (likernôch 65 jier âld), berne om ende by 1743, meniste dûmny, wenjend
       te Warkum 1808, stoarn op snein 26 maaie 1811 te Warkum (blêd 13).

       Yn it houliksregister fan`e Herfoarme gemeente fan Warkum de befêstiging
       dêr op 18 maart 1781 fan it houlik fan Tjerk Jans Klapper en Rinske
       Klaases, beide fan Warkum. Neffens de side fan Tresoar dêrby de
       oantekening dat Tsjerk widner wie. Yn it ûndertrou register fan it
       gerjocht fan Warkum, itselde ferhaal.
       
       Op it ynternet in side oer de molens fan`e Zaanstreek, in stik oer de
       oaljemole "De Kerkuil" dêr yn Wormerveer. De Fryske meniste oaljeslagger
       Jan Claasz Mars fan Wormerveer wie yn 1742 eigener.
       Syn dochter troude mei in Pieter Froncken dy`t doe by Jan yn`t wurk kaam
       en der ûnder syn eigen namme mei fierder gie doe`t syn skoanheit
      ferstoar. Hy waard in foaroansteand sakeman en hie meardere molens yn
      syn besit, dêrby wie er aktyf yn de walfisk farderij.
       Op 29 july 1795 kaam Pieter Froncken te ferstjerren en doe wie er yn
       grutte finansjele swierrichheden. Dat, eardat syn erven ja seine tsjin
      de erfenis, woene hja wissichheid oer de besittings.
      Dy waarden ynventarisearre troch notaris en it die bliken hja koene mar
      better de erfenis net oannimme. Pieter Froncken hie ûnder oare yn twa
      skippen in besit fan 3/8ste. Ien fan dy skippen wie "de Juffrou
      Margaretha en desselfs gereedschap, commandeur Tjerk Klapper".
       Soe it ús Tsjerk west ha, op walfiskfeart?
       
       Yn 1811 is it yn Warkum dat Tjerk Jans widdo Rinske Klases fan Warkum de
       famyljenamme Klapper oannimt. As bern wurdt opjûn Klaas dy't 16 jier âld
       is. By dit gegeven fan de side fan Tresoar stiet dêr de oantekening dat
       Rinske op`e nij troud (wie) mei de meniste foargonger Sybren Takes
      Hofstra en dat hja in soan Jan Tjerks Klapper hat dy't yn 1809 troude
      (mairie Warkum folio 93v).
       Ut it houliksregister fan it gerjocht fan Warkum docht bliken dat Sybren
      syn heite namme net Take mar Sake wie.

       út dit houlik:
         1 Jan Tjerks Klapper, berne om ende by 1782 te Warkum (Menist), folget
           ûnder III-a.
         2 Aukke Tjerks Klopper, berne op moandei 15 septimber 1794 te Warkum,
           jong stoarn foar 1811.
           Yn it boek fan de froedfrou fan Warkum wie oantekene de berte fan
           Aukke op 15 septimber 1794 yn Warkum, in soan fan Tjerk Jans Klopper
           en Reijnske Clases de Vries. De froedmaster wie Joh. Gerard. Vlot.
           Oantekene wie dat de âlders menisten wiene.
         3 Klaas Tjerks Klapper, berne om ende by 1795, wenjend te Warkum 1811,
           net troud stoarn op woansdei 14 augustus 1822 te Warkum (akte 59).
           Yn 1818 wurdt der by notaris H. Alberda fan Warkum in keapakte
           opmakke fan de ferkeap fan in hûs yn Warkum foar de priis fan 300
           gûne. De ferkeaper wie Klaas Klapper en de keaper Gerben Baukes
           Wagenaar.
           De akte yn tagong 26, ynventarisnûmer 142001, repertoire nûmer 305
           fan 4 desimber 1818.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Klaas Tjerks
           Klapper, 27 jier âld en net troud.

    II-b Ybeltje Jans Klapper, doopt op freed 1 oktober 1745 te Warkum, wenjend
       te Warkum 1769/1780, dochter fan Jan Tjerks (I) en Aukjen Luitjens.
       Ybeltje is yn ûndertrou gien op sneon 18 maart 1769 te Warkum foar`t
       gerjocht (dtb 840), yn ûndertrou gien op sneon 18 maart 1769 dêr (dtb
       861) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 23 jier (1) mei Reinder Stijntjes
       Blauw alias Reiner Stijntjens (29 jier âld), doopt op woansdei 16
       septimber 1739 te Warkum (Herfoarme), wenjend te Warkum 1769, stoarn
       foar snein 3 septimber 1780, soan fan Stijntjen Reiners (master
       skûtmakker 1749) en Lijsbet Bouwes.

       Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
       Warkum oantekene it dopen fan Reiner, bern fan Stijntjen Reiners en in
       net neamde mem.
       Yn it trouregister fan`e Herfoarme gemeente fan Warkum neffens Tresoar
       de oantekening fan ûndertrou op 18 maart 1769 yn Warkum fan Reinder
       Stijntjes Blauw en Ybeltje Jans Klapper, beide fan Warkum.
       Yn ûndertrou register fan it gerjocht yn Warkum, deselde oantekening.

       út dit houlik:
         1 Stijntjen Reinders, doopt op sneon 17 febrewaris 1770 te Warkum
           (Herfoarme), jong stoarn foar tiisdei 19 maaie 1772.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene it dopen fan Stijntjen, dochter (?) fan Reinder
           Stijntjes en in net neamde mem.
         2 Stijntjen Reinders Blauw, berne op tiisdei 19 maaie 1772 te Warkum,
           doopt op tongersdei 28 maaie 1772 dêr (Herfoarme), wenjend te Warkum
           1797.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Stijntjen, dochter (!)
           fan Reinder Stijntjes en Ybeltje Jans.
           Stijntjen is troud op snein 6 augustus 1797 te Warkum (dtb 862)
           (Herfoarme), yn 'e âldens fan 25 jier mei Jetske Douwes Postema,
           wenjend te Warkum 1797.
           Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de befêstiging fan it houlik fan Stijntjen
           Reinders Blauw en Jetske Douwes Postema, beide fan Warkum op 6
           augustus 1797 dêr.            
           Yn 1811 wie der mei it namme oannimmen yn Warkum in Stijntje
           Reinderts dy`t de famyljenamme Blauw oannaam, fêstlein yn de mairie
           Warkum op folio 98v.
           Stijn ferklearre as bern te hawwen Fettje 13 jier, Ybeltje 7 jier en
        Douwetje 1 jier âld.        
         3 Jan Reinders Blauw, berne op woansdei 5 jannewaris 1774 te Warkum,
           doopt op snein 9 jannewaris 1774 dêr (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Jan, bern fan Reinder
           Stijntjes en Ybeltje Jans.
         4 Aukjen Reinders, berne op sneon 21 desimber 1776 te Warkum, doopt op
           woansdei 25 desimber 1776 dêr (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Aukjen, dochter fan
           Reinder Stijntjes en Ybeltje Jans.

       Ybeltje is troud op snein 3 septimber 1780 te Warkum (dtb 862), yn 'e
       âldens fan 34 jier (2) mei Jacob Sybolts de Boer alias Jacob Syboud,
       Jacob Sijbouts en Jacob Sibolts (37 jier âld), doopt op snein 23
       desimber 1742 te Skuzum, soan fan Sibolt Menses en Hotske Jacobs.
       Leo van Dijk hat dopen op 23 desimber 1743 yn Piaam.
       Jacob is earder troud op moandei 4 april 1763 te Penjum (dtb 820)
       (Herfoarme), yn 'e âldens fan 20 jier mei Peerk Willems Ybema (22 jier
       âld), doopt op snein 19 febrewaris 1741 te Gaast, stoarn foar snein 14
       novimber 1773, dochter fan Willem Engberts en Wycke Douwesdr. Jacob is
       earder troud op snein 14 novimber 1773 te Warkum foar de tsjerke, yn 'e
       âldens fan 30 jier mei Bartje Harmens, stoarn foar snein 3 septimber
       1780.

       Yn it trouregister fan`e Herfoarme gemeente fan Warkum de befêstiging
       fan it houlik op 3 septimber 1780 fan Jacob Sijbouts en Ybeltje Jans
       Klapper, beide fan Warkum.
       Dêrby neffens de side fan Tresoar de oantekening dat Jacob widner wie.
       Nei alle gedachten sil der ek by stien ha dat Iebeltsje widdo wie.
       Deselde tekst komt foar yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht fan
       Warkum.
       Dit pear yn`e kertiersteat fan Leo van Dijk.

       út dit houlik:
         5 Aukje Jacobs de Boer, berne op sneon 5 maaie 1781 te Warkum, doopt
           op woansdei 16 maaie 1781 dêr (Herfoarme), stoarn op freed 17
           febrewaris 1826 dêr.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Aukje, bern fan Jacob
           Sibolts en Ybeltje Jans.
         6 Siboltje Jacobs de Boer alias Sieboltje Jacobs en Syboltje Jacobs,
           berne op freed 5 novimber 1784 te Warkum, doopt op freed 19 novimber
           1784 dêr (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Siboltje, dochter fan
           Jacob Sibolts en Ybeltje Jans.
           Yn it froedfrouwen boek fan Warkum wie oantekene de berte fan
        Sieboltje op 6 (!) novimber 1784 yn Warkum, dochter fan Jacob
        Siebolts en Ybbeltje Jans. Froedfrou wie Hiltje Gijlstra en der wie
        oantekene dat de âlden grifformeard wiene.
         7 Lijsbert Jacobs de Boer alias Lysbet Jacobs, berne op freed 5
           novimber 1784 te Warkum, doopt op freed 19 novimber 1784 dêr
           (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Lijsbert, dochter fan
           Jacob Sibolts en Ybeltje Jans.
           Yn it froedfrouwen boek fan Warkum wie oantekene de berte fan Lysbet
        op 6 (!) novimber 1784 yn Warkum, dochter fan Jacob Siebolts en
           Ybbeltje Jans. Froedfrou wie Hiltje Gijlstra en der wie oantekene
           dat de âlden grifformeard wiene.
         8 Wikje Jacobs de Boer alias Wikkie Jacobs, berne op woansdei 1
           novimber 1786 te Warkum, doopt op freed 8 desimber 1786 dêr
           (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Wikje, dochter fan
           Jacob Sibolts en Ybeltje Jans.
           Yn it froedfrouwen boek fan Warkum wie oantekene de berte fan Wikkie
        op 1 novimber 1786 yn Warkum, dochter fan Japik Sebouts en Jebelte
           Jans. Froedfrou wie Hijkke Jans en der wie oantekene dat de âlden
           grifformeard wiene.

    II-c Tjiets Jans Klapper, berne om ende by 1749, stoarn op woansdei 16 maart
       1808 of tongersdei 17 maart 1808 te Snits (?), dochter fan Jan Tjerks
       (I) en Aukjen Luitjens.
       Tjiets is troud op snein 10 augustus 1783 te Warkum (ûndertrou gerjocht,
       dtb 841), troud op snein 10 augustus 1783 dêr (dtb 862) (Herfoarme)
       (tsjûge wie Tjiets har heit), yn 'e âldens fan likernôch 34 jier mei Yke
       Jans Leyenaar, stoarn nei tongersdei 17 maart 1808.
       Neffens de side fan Tresoar yn it ûndertrou register fan it gerjocht en
       yn it trouregister fan de Herfoarme gemeente fan Warkum mei deselde
       tekst en nammen it houlik fan Ykke Jans en Tjiets Jans, beide fan Warkum
       op 10 augustus 1783 yn Warkum, it houlik "voltrokken in bijzijn van haar
       vader als getuige".
       
       Neffens de side fan Tresoar yn it beliedensboek fan de Herfoarme
       gemeente fan Snits oantekene it lieden fan de klokken op 16 maart 1808
       foar Tjiets Jans Klapper, ôfkomstich fan Warkum.
       Yn it register fan ferstjerren fan Warkum wie neffens deselde side
       oantekene it ferstjerren fan Tjiets Jans Klapper yn Warkum, 59 jier âld,
       op 17 (!) maart 1808.
       Neffens de side fan it Warkums Erfskip waard de "aangeving van lijken"
       yn Warkum byhâlden. In B. de Jong, yn kwaliteit as "boekhouder van de
       gemene staat armen" makke oantekening van Tjiets Jans Klapper, ferstoarn
       op 17 maart 1808, 59 jier, wenjend yn Warkum, troud en "nalatende vier
       kinderen uit een huwelijk". Byskreaun wie de namme fan in Sjoerd Jans.

       
       út dit houlik:
         1 Jan Iekes Leyenaar alias Jan Ykes, berne om ende by 1785 te Warkum,
           stoarn op snein 22 juny 1845 dêr (akte 50).
           Jan is troud op woansdei 27 april 1814 te Warkum (akte 11), yn 'e
           âldens fan likernôch 29 jier mei Hinke Annes Faber (likernôch 38
           jier âld), berne om ende by 1776, stoarn foar snein 22 juny 1845,
           dochter fan Anne Johannes Faber en Tjamkjen Douwes.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen fan it pear
           skreaun as Jan Iekes Leyenaar, 28 jier berne yn Warkum en Hinke
           Annes Faber, 37 jier âld en ek berne yn Warkum.
           Jan wie in soan fan Ieke Jans en Tjiets Jans Klapper, Hinke in
           dochter fan Anne Johannes Faber en Tjamkjen Douwes.            
           Jan ferstoarn as Jan Ykes Leyenaar, 60 jier âld en widner.
      
         2 wierskynlik Jetske Ikes Leyenaar alias Jetske Ykes, Sytske Ikes en
           Leienaar, berne om ende by 1787, stoarn op tongersdei 18 jannewaris
           1866 te Snits (blêd 3).
           Jetske is yn ûndertrou gien op sneon 14 desimber 1805 te Snits
           (gerjocht Snits, dtb 642), troud op tongersdei 9 jannewaris 1806 dêr
           foar de tsjerke (Herfoarme), yn 'e âldens fan likernôch 19 jier mei
           Pieter Sipkes Zevensma alias Sevensma (likernôch 29 jier âld), berne
           om ende by 1777, bakker, wenjend te Snits, stoarn op sneon 20
           desimber 1851 dêr (blêd 53), wierskynlik soan fan Sipke Pytters
           Seevensma en Jeltje Oeges.
           Yn it ûndertrou register fan it gerjocht fan Snits neffens de side
           fan Tresoar de nammen fan it pear skreaun as Pieter Sipkes Zevensma
           en Jetske Ykes, beide fan Snits.
           Yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente dêr de nammen skreaun as
           Pieter Sipkes Seversma en Jetske Ykes.
           Yn 1811 wennet der yn Snits in Pieter Sipkes dy`t de famyljenamme
           Sevensma oannimt, fêstlein mairie Snits, folio 147v. Op de side fan
           Tresoar de namme "Pieter Sykes".
           As bern binne der Sipke 2 jier, Yke 1/2 jier en Jeltje 4 jier âld.
           It ferstjerren fan Piter, in Pieter Sevensma, 74 jier âld en troud.
           By Jetske de namme Jetske Leyenaar, 79 jier en widdo.
       
         3 wierskynlik Aukjen Ykes Leyenaar, berne om ende by 1790, stoarn op
           tiisdei 21 novimber 1854 te Snits (blêd 43).
           Aukjen is troud op snein 9 maaie 1813 te Snits (akte 13), yn 'e
           âldens fan likernôch 23 jier mei Sjoerd Oeges Zeyl, stoarn foar
           tiisdei 21 novimber 1854.
           Neffens de side fan Tresoar de namme Aukje Leyenaar, 64 jier en
           widdo.
       
         4 Age Ykes Leyenaar, berne op moandei 9 septimber 1793 te Warkum,
           "vleeschhouwer" en slachter, stoarn op woansdei 4 july 1860 te Snits
           (blêd 40).
           Age is troud op snein 7 april 1822 te Snits (akte 12), yn 'e âldens
           fan 28 jier mei Sjoukje Gijsberts van der Weide (likernôch 25 jier
           âld), berne om ende by 1797 te Langwar, stoarn nei woansdei 4 july
           1860, dochter fan Gijsbert van der Weide (agent van politie 1829) en
           Aaltje Hanses Saagmans.
           Neffens Tresoar yn Age syn akte fan ferstjerren oantekene dat er 67
           jier âld wie en troud.
       
         5 wierskynlik Jantje Iekes Leyenaar.
           Jantje is troud op snein 19 febrewaris 1815 te Snits (akte 6) mei
           Pieter Sytses de Boer.

    II-d Tjerkjen Jans Klapper alias Tjerkje Jans, berne op snein 6 desimber 1750
       te Warkum, doopt op freed 26 april 1782 dêr, naaister 1816/1821/1822,
       wenjend te Warkum 1780/1811/1816/1821/1822, stoarn op woansdei 5 juny
       1822 te Warkum yn hûs wyk B nûmer 35, moarns njoggen oere (akte 36),
       dochter fan Jan Tjerks (I) en Aukjen Luitjens.
       Berte en doopgegevens fan de side fan Menno van der Hauw.
       Tjerkjen is troud op snein 17 septimber 1780 te Warkum foar`t gerjocht
       (dtb 841), troud op woansdei 19 july 1780 dêr (dtb 862) (Herfoarme),
       yn`e âldens fan 29 jier mei Fonger Douwes Kalff, mitselder, wenjend te
       Warkum 1780, stoarn yn april 1800 te Warkum, soan fan Douwe NN en N.N..
       Nei gegevens fan de hear De Bruijn soe Fonger berne wêze yn 1754.
       It houlik fan Fonger en Tsjerkje, beide mei famyljenamme, komt foar yn
       it ûndertrou register fan it gerjocht en it trouregister fan'e Herfoarme
       tsjerke fan Warkum. Neffens de side fan Tresoar: "befêstiging houlik op
       17 septimber 1780 yn Warkum fan Fonger Douwes Kalff en Tjerkje Jans
       Klapper, beide fan Warkum".
       By it gerjocht wie byskreaun dat Fonger "vaderloos" wie en dat er troude
       mei konsint fan syn mem. Tsjerkje troude mei konsint fan har heit
       "vertoont door broer Tjerk Jans".
       
       By it namme oannimmen yn 1811 waard neffens de side fan Tresoar de
       famyljenamme Klapper opjûn troch Fonger Douwes widdo Tjerkje Jans fan
       Warkum. As iennichst bern wurdt dêr neamd Douwe dy't 22 jier âld is
       (fol. 43v).
       
       By dat namme oannimmen yn 1811 yn Fryslân waard foar safier bekend trije
      kear keazen foar de namme Klapper, alle trije yn Warkum. Neist Tsjerkje
      wiene dat Rinske Klazes, de widdo fan broer Tsjerk Jans en dy harren
      âldste soan Jan Tjerks.

       Yn de 18de ieu wie der yn Ljouwert noch in Klapper mei de foarnamme
       Harmen of Harmanus. Dy man wie mei syn houlik yn 1739 "Garde du Corps",
       yn 1749 mei de kwotisaasje skreaun as "garde cour". Ynearsten liket der
       gjin famylje relaasje te wêzen, syn namme liket ek skreaun te wurden as
       Clapper en Clappers.
       Mei de folkstelling fan 1947 wiene der neffens de databank fan
       famyljenammen fan it Meertens Ynstitút yn Nederlân noch 44 nammedragers
       "Klapper".
       Dy wennen yn Súd Hollân (27), Noard Hollân (8), Fryslân (6), Gelderlân
       (2) en Oerisel (1).
       Yn it tillefoanboek fan Nederlân wiene yn 1993 noch 15 abonnee`s mei de
       namme Klapper, yn België wiene der 5.
      De Fryske Klapper famylje liket net grut te wêzen, dat wol net sizze dat
      der net in hiele protte oare minsken binne dy`t de namme dragen. By it
      sjen op de side fan de Mormonen docht bliken dat de namme yn in grut tal
      lannen fûn waard.
       De namme Klapper wie neffens de side fan it Meertens Ynstitút in
       beropsmanne, dat mooglik meie wy oannimme dat der yn de famylje timmere
       (en mitsele) waard dat it "klapte".
               
       Yn de akte fan ferstjerren fan Tsjerkje wie de namme skreaun as Tjerkjen
       Jans Klapper. Fierder wie ûnder oare oantekene dat hja 72 jier âld wie,
       widdo, dochter fan Jan Tjerks Klapper en Aukjen Luitjens.        
       Yn de houliksakte fan dochter Aukje har twadde houlik wie skreaun dat
       heit Fonger "voor ruim" 20 jier yn Warkum ferstoarn wie.

       út dit houlik:
         1 Sietske Fongers Kalf alias Sietsche Fongers, Zytsche Fongers, Zytske
           Fongers, Sijdtske Fongers, Sytske Fongers en Klapper, berne op
           moandei 29 july 1782, folget ûnder III-b.
         2 Aukje Fongers Klapper alias Aukjen Fongers en Kalf, berne op moandei
           31 maaie 1784 te Warkum, doopt op snein 6 juny 1784 dêr (Herfoarme),
           folget ûnder III-c.
         3 Douwe Fongers Klapper, berne op tongersdei 17 septimber 1789 te
           Warkum, folget ûnder III-d.

    II-e Aafke Jans Klapper, berne foar 1764, wenjend te Warkum 1780, dochter fan
       Jan Tjerks (I) en Aukjen Luitjens.
       Aafke is troud op snein 23 april 1780 te Warkum foar`t gerjocht (dtb
       841), troud op snein 23 april 1780 dêr (dtb 862) (Herfoarme), yn 'e
       âldens fan op syn minst 16 jier mei Pijtter Jacobs (op syn minst 18 jier
       âld), berne foar 1762, wenjend te Warkum 1780.
       Yn it ûndertrou register fan it gerjocht fan Warkum de oantekening fan
       de befêstiging fan it houlik op 23 april 1780 fan Pijtter Jacobs en
       Aafke Jans Klapper, beide fan Warkum.
       Deselde oantekening yn it houliksregister fan'e Herfoarme gemeente fan
       Warkum.

       út dit houlik:
         1 Aukje Pieters, berne op moandei 29 oktober 1781 te Warkum, doopt op
           snein 4 novimber 1781 dêr (Herfoarme).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Aukje, bern fan Pieter
           Jacobs en Aafke Jans.
         2 Jacob Pieters, berne op woansdei 26 maaie 1784 te Warkum, jong
           stoarn foar tongersdei 22 septimber 1785.
           Yn it boek fan de froedfrouwen fan Warkum wie oantekene de berte fan
           Jacob yn Warkum as soan fan Pieter Jacobs en Aafke Jans. De
           froedfrou wie Hiltje Gijlstra en der wie byskreaun dat de âlden
           grifformeard wiene.
         3 Jacob Pieters, berne op tongersdei 22 septimber 1785 te Warkum, jong
           stoarn foar woansdei 4 april 1787.
           Yn it boek fan de froedfrouwen fan Warkum wie oantekene de berte fan
           Jacob yn Warkum as soan fan Pieter Jacobs en Aafke Jans. De
           froedfrou wie Hiltje Gijlstra en der wie byskreaun dat de âlden
           grifformeard wiene.
         4 Jacob Pieters alias Japik Piters, berne op woansdei 4 april 1787 te
           Warkum, doopt op moandei 9 april 1787 dêr (Herfoarme) (dooptsjûge
           wie Fonger Douwes (omke)).
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Jacob, bern fan Pieter
           Jacobs en Aafke Jans. Der wie byskreaun dat "doopheffer" wie omke
           Fonger Douwes.            
           Yn it boek fan de froedfrouwen fan Warkum wie oantekene de berte fan
           Japik yn Warkum as soan fan Piter Japiks en Afke Jans. De froedfrou
           wie Hijkke Jans en der wie byskreaun dat de âlden grifformeard
           wiene.

   III-a Jan Tjerks Klapper, berne om ende by 1782 te Warkum (Menist), "commis
       bij`t octroi" 1813 en "stadsdienaar", wenjend te Warkum 1809/1811,
       stoarn op woansdei 23 july 1828 te Warkum (akte 63), soan fan Tjerk Jans
       Klapper (II-a) en Rinske Klazes de Vries.
       Jan is troud op snein 30 april 1809 te Warkum foar`t gerjocht (dtb 842),
       troud op snein 30 april 1809 dêr (dtb 865) (Menist), yn 'e âldens fan
       likernôch 27 jier mei Trijntje Kornelis Haagsma alias Stientje Kornelis,
       Trijntje Cornelis en Trientje Kornelis (likernôch 19 jier âld), berne om
       ende by 1790 te Warkum (Menist), wenjend te Warkum 1809, stoarn op sneon
       27 juny 1829 te Warkum (akte 55), dochter fan Kornelis Joukes Haagsma en
       Maaijke Feddes Haagsma (winkelierske).
       Yn it houliksregister fan'e Meniste gemeente fan Warkum de befêstiging
       op 30 april 1809 yn Warkum fan it houlik fan Jan Tjerks Klapper en
       Stientje (Trijntje) Kornelis, beide fan Warkum.
       Yn it ûndertrou register fan it gerjocht fan Warkum deselde oantekening.
       
       By it namme oannimmen yn 1811 is der yn Warkum Jan Tjerks dy't de
       famyljenamme Klapper oannimt. Jan wennet yn Warkum en hat as bern Rinske
       (2 jier) en Kornelia (1 jier), mairie Warkum fol. 17v.        
       Yn 1812 wurdt der by notaris S. Stoffels fan Warkum in akte opmakke
       oangeande in publike ferkeaping fan replik guod. De ferkeaper wie Jan
       Klapper fan Warkum. Ien en oar yn tagong 26, ynventarisnûmer 141003,
       repertoire nûmer 229 fan 3 septimber 1812.        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Jan Klapper, 46 jier
       âld en troud.

       út dit houlik:
         1 Rinske Jans Klapper, berne op tongersdei 16 novimber 1809 te Warkum,
           folget ûnder IV-a.
         2 Kornelia Jans Klapper, berne op freed 15 maart 1811 te Warkum (akte
           6), stoarn op tiisdei 3 febrewaris 1829 dêr (akte 9).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Kornelia, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Klapper en Trijntje Kornelis.
           Yn it froedfrouwen boek fan Warkum de berte fan Kornelia op 16 maart
           1811, dochter fan Jan Klapper en Trijntje Kornelis. De froedfrou wie
           Jouwerke Gerbens en der wie byskreaun dat de âlden menisten wiene.
           Yn it berteboek fan de Meniste gemeente fan Warkum wie oantekene de
           berte fan Kornelia op 15 maart 1811 yn Warkum as dochter fan Jan
           Tjerks Klapper en Tryntje Kornelis.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Kornelia Klapper,
           17 jier âld.
         3 Tjerkje Jans Klapper alias Tjerkjen Jans, berne op snein 22 novimber
           1812 te Warkum (akte 85).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerkje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Tjerks Klapper en Trijntje
           Cornelis Haagsma.
           Yn it berteboek fan de Meniste gemeente fan Warkum wie oantekene de
           berte fan Tjerkjen op 22 novimber 1812 yn Warkum as dochter fan Jan
           Tjerks Klapper en Tryntje Kornelis.
         4 Tjerk Jans Klapper, berne op tiisdei 4 oktober 1814 te Warkum (akte
           75), jong stoarn op woansdei 2 novimber 1814 dêr (akte 76).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerk, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Tjerks Klapper en Trientje
           Kornelis Haagsma.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Tjerk Jans Klapper, 4
           wike âld.
         5 Maayke Jans Klapper alias Maaike Jans, berne op tongersdei 10 july
           1817 te Warkum (akte 56), net troud stoarn op tiisdei 20 juny 1837
           dêr (akte 39).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Maayke, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Klapper en Trijntje Kornelis
           Haagsma.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Maaike Jans Klapper, 19
           jier âld en net troud.
         6 Tjerk Jans Klapper, berne op woansdei 22 oktober 1823 te Warkum
           (akte 89).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerk, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Tjerks Klapper en Trientje
           Cornelis Haagsma.

   III-b Sietske Fongers Kalf alias Sietsche Fongers, Zytsche Fongers, Zytske
       Fongers, Sijdtske Fongers, Sytske Fongers en Klapper, berne op moandei
       29 july 1782, wenjend te Boalsert 1806, net troud stoarn op moandei 26
       febrewaris 1855 te Warkum (akte 24), dochter fan Fonger Douwes Kalff
       (mitselder) en Tjerkjen Jans Klapper (II-d).
       Bertedatum neffens gegevens fan de hear De Bruijn.
       Sietske is yn ûndertrou gien op freed 7 novimber 1806 te Boalsert foar`t
       gerjocht (dtb 133), troud op snein 30 novimber 1806 te Warkum (?) (dtb
       145 / 862) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 24 jier (1) mei Daniël Jurjens
       Jansen (31 jier âld), berne op woansdei 20 septimber 1775, doopt op
       woansdei 13 desimber 1775 te Hylpen (Herfoarme), wenjend te Warkum
       1801/1806, soan fan Jurjen Jans en Antje Reinhart.
       Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan
       Hylpen oantekene de berte en it dopen fan Daniël, bern fan Jurjen Jans
       en Antje Reinhart.
       Daniël is earder troud op snein 10 maaie 1801 te Warkum (dtb 862)
       (Herfoarme), yn 'e âldens fan 25 jier mei Imke Roelofs, wenjend te
       Warkum 1801.

       Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan
       Warkum oantekene in tredde proklamaasje oangeande it houlik fan Daniël
       Jurjens fan Warkum en Sietsche Fongers fan Boalsert op 30 novimber 1806.
       Neffens deselde side yn it register fan ûndertrou fan it gerjocht fan
       Boalsert oantekene de ûndertrou fan Daniël Jurjans fan Warkum en Zytsche
       Fongers fan Boalsert op 7 novimber 1806.
       Dan yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Boalsert oantekene de
       befêstiging fan it houlik fan Daniël Jurjans fan Wâldsein (?) en Zytske
       Fongers fan Boalsert op 30 novimber 1806 yn Wâldsein (?).
       
       Mei it namme oannimmen fan 1811 wie der yn Warkum in Daniël Jurjens dy`t
       de famyljenamme Jansen oannaam, syn bern wiene Jurjen 10 jier, Janke 9
       jier en Antje 1 jier âld. Ien en oar waard fêstlein yn it boek fan de
       mairie Warkum op folio 42.        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Daniël Jurjens
       Jansen, 43 jier âld en troud.

       út dit houlik:
         1 Anna Rozina Daniëls Jansen alias Anna Rosina Daniëls, Annatje
        Daniëls en Antje Daniëls, berne op snein 6 jannewaris 1811 te
        Warkum, doopt op snein 20 jannewaris 1811 dêr (Herfoarme).
           Yn it boek fan de froedfrouwen oantekene de berte fan Annatje op 6
           jannewaris 1811 yn Warkum, dochter fan Daniël Jurjens en Sietsche
           Fongers. De froedfrou wie Jouwerke Gerbens en der waard oantekene
           dat de âlden grifformeard wiene.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Anna Rosina, bern fan
           Daniël Jurjens en Sietsche Fongers.
           Anna is troud op woansdei 26 juny 1839 te Warkum (akte 22), yn 'e
           âldens fan 28 jier mei Hendrik Sippes Balstra (likernôch 30 jier
           âld), berne om ende by 1809 te Warkum, soan fan Sippe Heeres Balstra
           en Liskjen Hendriks Bakker.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Hendrik
           Sippes Balstra, 29 jier berne yn Warkum en Anna Rozina Jansen, 28
           jier âld en ek berne yn Warkum.
           Hindrik wie in soan fan Sippe Heeres Balstra en Liskjen Hendriks
           Bakker, Anna in dochter fan Daniël Jurjens Jansen en Sietske Fongers
           Klapper.        
         2 Fonger Daniëls Jansen, berne op tongersdei 28 april 1814 te Warkum
           (akte 26), jong stoarn foar snein 4 juny 1815.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Daniël Jurjens Jansen en Sytske
           Fongers Klapper.
         3 Fonger Daniëls Jansen, berne op snein 4 juny 1815 te Warkum (akte
           58).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Daniël Jurjens Jansen en Sietske
           Fongers Klapper.
         4 Tjerkjen Daniëls Jansen, berne op sneon 1 maart 1817 te Warkum (akte
           17).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerkjen, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Daniël Jurjens Jansen en Sietske
           Fongers Kalf.

       Sietske hie in relaasje (2) mei Israel Moses de Haas alias Israel Mozes,
       berne om ende by 1794, net troud stoarn op moandei 20 oktober 1856 te
       Warkum (akte 94).
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Sytske Fongers Kalf,
       72 jier âld en net troud.        
       Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Israel Mozes de Haas, 62 jier âld en
       net troud.

       út dizze relaasje:
         5 Daniëltje Israels de Haas, berne om ende by 1819 te Warkum, stoarn
           op tongersdei 14 septimber 1905 dêr (akte 49).
           Daniëltje is troud op woansdei 26 juny 1850 te Warkum (akte 30), yn
           'e âldens fan likernôch 31 jier mei Frederik Hermanus Kransen
           (likernôch 37 jier âld), berne om ende by 1813 te Warkum, stoarn
           foar tongersdei 14 septimber 1905, soan fan Hermanus Fransen Kransen
           en Sjieuwke Frederiks de Vries.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Frederik
           Hermanus Kransen, 36 jier berne yn Warkum en Daniëltje Israels de
           Haas, 30 jier en ek berne yn Warkum.
           Frederik wie in soan fan Hermanus Fransen Kransen en Sjieuwke
           Frederiks de Vries, Daniëltsje wie in dochter fan Sietske Fongers
           Kalf.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Daniëltje Israels
           de Haas Kalf, 85 jier âld, widdo fan Frederik Hermanus Kransen. Der
           wie byskreaun dat har heit ûnbekend wie.        
         6 Fonger Israels de Haas, berne op tongersdei 8 febrewaris 1821 te
           Warkum (akte 15), stoarn op snein 31 desimber 1876 dêr (akte 1 fan
           1877).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Israel Moses de Haas en Sietske
           Fongers Kalf. Der wie byskreaun dat de oanjouwer erkende de heit fan
           it bern te wêzen.
           Fonger is troud op woansdei 19 maaie 1847 te Warkum (akte 7), yn 'e
           âldens fan 26 jier (1) mei Rinkjen Simkes Hoekstra (likernôch 32
           jier âld), berne om ende by 1815 te Warkum, dochter fan Simke
           Sybolts Hoekstra en Teekeltje Rinkes Hoekstra.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Fonger
           Israels de Haas, 26 jier berne yn Warkum en Rinkjen Simkes Hoekstra,
           31 jier âld en ek berne yn Warkum.
           Fonger wie in soan fan Sietske Fongers Kalf en Rinkje in dochter fan
           Simke Sybolts Hoekstra en Teekeltje Rinkes Hoekstra.
           Der wie byskreaun dat de brêgeman by syn berte erkent wie troch
           Israel Moses de Haas, soks waard lykwols net neamd wie yn de akte.
           
           Fonger is troud op woansdei 31 maaie 1848 te Warkum (akte 20), yn 'e
           âldens fan 27 jier (2) mei Tjiets Huites Groendijk (likernôch 28
           jier âld), berne om ende by 1820 te Warkum, stoarn foar snein 31
           desimber 1876, dochter fan Huite Doekles Groendijk en Durkjen
           Martinus Casander.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Fonger
           Israels de Haas, 27 jier berne yn Warkum en Tjiets Huites Groendijk,
           27 jier âld en ek berne yn Warkum.
           Fonger wie in soan fan Sietske Fongers Kalf en Tjiets in dochter fan
           Huite Doekles Groendijk en Durkjen Martinus Casander.
           Der wie ek no mei Fonger syn twadde houlik byskreaun dat er by syn
           berte erkent wie troch Israel Moses de Haas en dat soks net neamd
           wie yn de akte.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Fonger de Haas,
           56 jier âld, widner, soan fan Israel de Haas en Sietske Klapper (!).
       
         7 Tjerkjen Israels de Haas, berne op woansdei 13 febrewaris 1822 te
           Warkum (akte 12).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerkjen, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Israel Mozes de Haas en Sietske
           Fongers Kalf. Der wie byskreaun dat de oanjouwer erkende de heit fan
           it bern te wêzen.
         8 Aukjen Sietskes Kalf, berne op sneon 21 febrewaris 1824 te Warkum
           (akte 19), stoarn op tongersdei 15 desimber 1825 dêr (akte 104).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Aukjen, dêrby
           allinne de namme fan mem as Sietske Fongers Kalf.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Aukjen Kalf, 1
           jier âld.
         9 Sietske Adams de Haas Kalf, berne op tongersdei 24 maart 1825 te
           Warkum (akte 33).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Sietske, dêrby
           allinne de namme fan mem as Sietske Fongers Kalf.
           Har namme waard folút skreaun as Sietske Adams de Haas Kalf (!).

   III-c Aukje Fongers Klapper alias Aukjen Fongers en Kalf, berne op moandei 31
       maaie 1784 te Warkum, doopt op snein 6 juny 1784 dêr (Herfoarme), sûnder
       berop 1821, wenjend te Warkum 1821, stoarn op snein 9 septimber 1849 te
       Warkum (akte 106), dochter fan Fonger Douwes Kalff (mitselder) en
       Tjerkjen Jans Klapper (II-d).
       Neffens in úttreksel fan it doopboek fan Warkum, nedich by Aukje har
       houlik, wie dêr Aukje har namme skreaun as Aukjen. De nammen fan heit en
       mem Fonger Douwes en Tjerkjen Jans.
       Aukje is yn ûndertrou gien te Warkum (gerjocht Warkum, dtb 842), troud
       op snein 26 maaie 1805 dêr (dtb 862) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 20
       jier (1) mei Klaas Scheltes van Steen alias Claas Scheltes en Van der
       Steen (likernôch 28 jier âld), berne om ende by 1777 te Warkum,
       mitseldersfeint 1819, wenjend te Almenum 1819, stoarn op freed 23 july
       1819 te Almenum yn hûs nûmer 38, soan fan Schelte Klazes en Willemke
       Yntes.
       Neffens de side fan Tresoar yn it ûndertrou register fan it gerjocht van
       Warkum de oantekening fan it houlik op 26 maaie 1805 fan Klaas Scheltes
       en Aukjen Fongers, beide fan Warkum.
       Yn it trouregister fan de Herfoarme tsjerke fan Warkum stiet dizze
       befêstiging fan it houlik ek, op de neamde datum en mei deselde nammen.
       
       Mei it namme oannimmen fan 1811 wie der yn Warkum in Klaas Scheltes dy`t
       de famyljenamme Van Steen oannaam, fêstlein yn de mairie Warkum op folio
       26. As bern wiene der Wibbigje 3 jier en Tjerkjen 1 jier âld.        
       Neffens in úttreksel fan de akte fan ferstjerren fan Klaas wie er
       ferstoarn ûnder Almenum en hie er dêr ek wenne.
       
       út dit houlik:
         1 Willemke Klazes, berne op freed 21 maart 1806 te Warkum, doopt op
           snein 30 maart 1806 dêr (Herfoarme), jong stoarn foar 1811.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Willemke, dochter fan
           Klaas Scheltes en Aukjen Fongers.
         2 Wijbbigje Klazes van Steen, berne op freed 16 septimber 1808 te
           Warkum, doopt op snein 25 septimber 1808 dêr (Herfoarme), wenjend te
           Warkum 1811, stoarn nei 1811.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Wijbbigje, bern fan
           Klaas Scheltes en Aukjen Fongers.
           Mei de namme Wibbigje wie har berte ek oantekene yn it boek fan de
           froedfrouwen fan Warkum, de datum wie gelyk, de froedfrou Jouwerke
           Gerbens. Heit syn namme wie net oantekene, mem wie Aukjen Fongers en
           dy wie grifformeard.
         3 Tjerkjen Klazes van Steen, berne op snein 11 novimber 1810 te
           Warkum, doopt op snein 25 novimber 1810 dêr, wenjend te Warkum 1811,
           jong stoarn foar tongersdei 16 febrewaris 1815.
           Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente
           fan Warkum oantekene de berte en it dopen fan Tjerkje, dochter fan
           Klaas Scheltes en Aukjen Fongers.
           Yn it boek fan de froedfrouwen fan Warkum wie de berte oantekene fan
        in net neamde dochter fan Auken Fongers op 11 novimber 1810 yn
        Warkum. De froedfrou wie Jouwerke Gerbens, heit syn namme wie net
        oantekene, noch al it feit dat mem grifformeard wie.
         4 Fonger Klazes van der Steen alias Fonger Clazes, berne op woansdei
           28 july 1813 te Warkum (akte 55).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Claas Scheltes van der Steen en
           Aukjen Fongers Klapper.
         5 Tjerkjen Klazes van Steen, berne op tongersdei 16 febrewaris 1815 te
           Warkum (akte 13).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerkjen, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Scheltes van Steen en Aukjen
           Fongers Kalf.
         6 Schelte Klazes van Steen, berne op moandei 9 septimber 1816 te
           Warkum (akte 77).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Schelte, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Scheltes van Steen en Aukjen
           Fongers Klapper.

       Aukje is troud op snein 27 maaie 1821 te Warkum middeis healwei
       fjouweren (akte 11), yn 'e âldens fan 36 jier (2) mei Sybren Taedes de
       Jong alias Sijbren Teebes, Sybren Taebes, Sybren Teedes, Siebren Teedes
       en Sybren Teades (33 jier âld), berne op tongersdei 3 jannewaris 1788 te
       Warkum, mitselder 1821, wenjend te Warkum 1821, stoarn op freed 31
       jannewaris 1845 te Warkum (akte 13), soan fan Taede Sikkes (timmerman)
       en Yttje Sybrens.
       Yn it boek fan de froedfrouwen fan Warkum wie oantekene de berte fan
       Sijbren yn Warkum, soan fan Tede Sikkes en Ittje Sijbrins. De froedfrou
       wie Jourke Gerbins en der wie byskreaun dat de âlden grifformeard wiene.
       Sybren is earder troud op snein 4 july 1819 te Harns (akte 37), yn 'e
       âldens fan 31 jier mei Antje Ypes van Lint (29 jier âld), berne op sneon
       23 jannewaris 1790, doopt op woansdei 24 febrewaris 1790 te Harns yn`e
       Wester tsjerke (Herfoarme), stoarn op tiisdei 1 febrewaris 1820 dêr
       (blêd 4d), dochter fan Ype Jeppes en Grietje Hendriks van Lint.

       Sybren hie yn militêre tsjinst sitten as plakferfanger foar Teunis Annes
      Schotanus fan Lemmer en Jozeph Noyon, keapman fan Snits, it bedrach dat
      oerienkaam wie, wie 1.400 gûne. It leger ûnderdiel ûnbekend.
       Sjoch hjirfoar tagong 26 ynventaris 118002 repertoire nûmer 302 fan 28
       augustus 1813, in akte fan notaris J. Ruardi fan Sleat en in akte fan
       notaris W. Steenbeek fan Heech, tagong 26, ynventaris 54003, repertoire
       nûmer 135 fan 29 septimber 1812.
       
       Yn`e houliksakte liket foar Sybren de namme Sijbren Teebes de Jong te
       stean, Aukje har namme wie Aukje Fongers Klapper skreaun.
       Oan`e ein fan de akte docht bliken dat alle fjouwer tsjûgen famylje fan
       it breidspear wiene. De earste tsjûge wie Pieter Siebrands van der Wal,
       in 64 jierrige wurkman en omke, dan de 39 jierrige Jentje en de 37
       jierrige Siebren Jelles de Boer, beide pottebakkers en "neeven, allen
       aan de mans zijde". As fjirde en lêste wie dêr de 31 jierrige
       mitseldersfeint Douwe Fongers Klapper, "broeder aan vrouwszijde, alle
       wonende te Workum".
       De houliksakte waard ûnderskreaun troch de "man en de vrouws moeder,
       verklarende de vrouw, contractante, op onze gedane aanvrage niet te
       kunnen schrijven".
       Der waard ûnder oare skreaun "tjerkjen klapper", "S:T:De Jong", "Pieter
       Siebrands van d=Wal", "JJ De Boer", "SJ De Boer" en "Douwe F Klapper".

       Yn de taheakke siet in stik fan de Nasjonale Milysje, dat wie jildich
       foar Sybren as er by de lichting fan 1814 rekkene wurde koe. It lotsjen
       wie foar de stêd Warkum, it lot nûmer waard 1154, mar "Sybren Teddes de
       Jong" sa`t dêr stie, wie net oproppen. Lykas boppe oanjûn is fansels wol
      dúdlik dat Sybren dochs de nedige jierren as militêr tsjinne hie.
       Op it stik dat hjir yn de taheakke siet wie Sybren syn sinjalemint
       opnommen en dat wie: "Lengte 5:5:2 streek, Aangezigt rond, Voorhoofd
       plat, Oogen blauw, Neus groot, Mond ordinair, Kin rond, Haar bruin,
       Wenkbraauwen idem en Merkbare Teekenen --".

       Ut in stik yn de houlikstaheakke docht ek bliken dat Sijbren Taedes de
       Jong, "metzelaar" fan Warkum nei de plakferfangende frederjochter Haring
      van den Bergh west hie om in akte oangeande it ferstjerren fan syn
      âlden.
       Der kamen fjouwer minsken fan Warkum om hjiroer te ferklearjen
       nammentlik wurkman Pieter van der Wal, pottebakker Jelle Jentjes de
       Boer, winkelman Bouke Durks Faber en de widdo Fonger Douwes nammentlik
       naaister Tjerkjen Klapper. Sjoen de gegevens fan de houliksakte wie der
       sprake fan omke Pieter van der Wal, neef Jelle en oansteande skoanmem
       Tsjerkje.
       Der waard ferklearre dat hja Sybren koene en ek syn heit Taede Sikkes
       dy`t by libben timmerman west hie en mem IJtje Sijbrens, eartiids troude
       lju wenjend yn Warkum, dêr goed 18 jier ferlyn ferstoarn. Ek de pakes en
       beppes fan Sybren wiene al foar "zeer lange jaaren overleden".

       In oar stik yn de houliksakte jout oan dat Sybren en Aukje net tefolle
       jild om hannen hiene doe`t hja trouden, foar mitselder Siebren Teedes de
       Jong en Aukje Fongers Klapper wie der in bewiis fan ûnfermogen ôfjûn.
       Hja hoegden no net te beteljen foar alderhanne stikken dy`t foar it
       houlik nedich wiene en dat wie mar goed ek. Sybren moast nammentlik
       nochris nei de rjochtbank en ek Aukje moast der hinne.

       Sybren wie foar de twadde kear by de plakferfangende frederjochter (no
       skreaun) Haring van der Berg, ditkear om in akte "waaruit de
       geboortetijd zoude kunnen geblijken".
      Sân minsken moasten dêrta tsjûgje te witten:
       1 Tjerkjen Klapper, widdo Fonger Douwes, naaister, 71 jier,
       2 Jelle Jentjes de Boer, pottebakker, 67 jier,
       3 Pietje Piers Visser, widdo Sytze Bosma, sûnder berop, 66 jier,
       4 Bauke Durks Faber, winkelman, 60 jier,
       5 Pieter van der Wal, wurkman, 64 jier,
       6 Taetske Symens, húsfrou Pieter van der Wal, wurkfrou, 52 jier en
       7 Jan Christoffel Wagenaar, skipper, 44 jier.
       Allegearre wennen hja yn Warkum en hja kamen ta de konklúzje dat Sybren
       berne wie op 3 jannewaris 1788 yn Warkum.

       Lykas skreaun moast Aukje ek nei it gerjocht en hja frege de neamde
       frederjochter Haring van den Bergh om in bewiis oangeande it ferstjerren
       fan har heit en pake en beppe fan heite kant. Dêrfoar wiene fjouwer
       minsken wer genôch en dat wiene allegearre bekenden te witten wurkman
       Pieter van der Wal, pottebakker Jelle Jentjes de Boer, winkelman Bouke
       Durks Faber en naaister Tjerkjen Klapper, Aukje har mem dus.
       Hja ferklearren Aukje te kinnen, mar ek har heit Fonger Douwes earder
       mitselder yn Warkum en dy wie dêr goed 20 jier ferlyn ferstoarn. Fonger
       syn heit en mem wiene beide "voor zeer lange jaaren" al ferstoarn.
       
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Sybren Teades de
       Jong, 57 jier âld en troud. Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Aukjen
       Fongers Klapper, 65 jier âld en widdo.

       út dit houlik:
         7 Yttje Sybrens de Jong, berne op snein 17 juny 1821 te Warkum (akte
           65), jong stoarn foar tongersdei 4 july 1822.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Yttje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Sybren Teedes de Jong en Aukjen
           Fongers Klapper.
         8 Yttje Sybrens de Jong, berne op tongersdei 4 july 1822 te Warkum
           (akte 64), jong stoarn foar moandei 14 febrewaris 1825.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Yttje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Sybren Teedes de Jong en Aukjen
           Fongers Klapper.
         9 Teede Siebrens de Jong, berne op moandei 14 febrewaris 1825 te
           Warkum (akte 16).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Teede, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Siebren Teedes de Jong en Aukjen
           Fongers Klapper.
           Teede is troud op snein 16 maaie 1869 te Warkum (akte 10), yn 'e
           âldens fan 44 jier mei Sietske Alberts de Vries (likernôch 31 jier
           âld), berne om ende by 1838 te Warkum, dochter fan Albert Jans de
           Vries en Trijntje Daans van der Wal.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Teede de
           Jong, 44 jier berne yn Warkum en Sietske de Vries, 30 jier âld en ek
           berne yn Warkum.
           Teade wie in soan fan Siebren Teedes de Jong en Aukjen Fongers
           Klapper, Sytske in dochter fan Albert Jans de Vries en Trijntje
           Daans van der Wal.        
        10 Yttje Siebrens de Jong, berne op moandei 14 febrewaris 1825 te
           Warkum (akte 17).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Yttje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Siebren Teedes de Jong en Aukjen
           Fongers Klapper.

   III-d Douwe Fongers Klapper, berne op tongersdei 17 septimber 1789 te Warkum,
       mitseldersfeint 1816/1821 en mitselder, wenjend te Warkum
       1816/1821/1843, stoarn op snein 7 maart 1869 te Warkum (akte 21), soan
       fan Fonger Douwes Kalff (mitselder) en Tjerkjen Jans Klapper (II-d).
       Douwe is troud op woansdei 17 july 1816 te Warkum (akte 13), yn 'e
       âldens fan 26 jier mei Trijntje Jans Meijer alias Trientje Jans (28 jier
       âld), berne yn oktober 1787 te Warkum, sûnder bedriuw 1816, wenjend te
       Warkum 1811/1816/1843, stoarn op woansdei 16 septimber 1857 te Warkum
       (akte 66) , dochter fan Jan Rinnerts Meijer en Grietje Baukes Boomsma
       (turfmjitterske 1816).

       Yn`e houliksakte fan Tryntsje en Douwe stiet dat Tryntsje har mem
      Grytsje wie, "zijnde de vader onbekend".
       Sa sil it offisjeel korrekt west ha, mem wie mei Tryntsje har berte
       noch net troud en har yn de eigen namme oantsjutten heit Jan Meijer sil
       har net offisjeel erkent hawwe.
       Jan Rinnerts Meijer hat sa`t liket grif wol Tryntsje har heit west, by
      it namme oannimmen fan 1811 wurdt Tryntsje as syn bern neamd en hja hie
      de namme fan Jan syn doe al ferstoarne mem krige.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Douwe Fongers
       Klapper 26 jier berne yn Warkum en Trijntje Jans Meijer, 28 jier âld en
       berne yn Wurdum (?).
       Douwe wie in soan fan Fonger Douwes en Tjerkjen Jans Klapper, Tryntsje
       in dochter fan Grietje Baukes Boomsma.
       
       Op 27 maaie 1821 is de 31 jierrige mitseldersfeint Douwe Fongers
       Klapper, "broerder aan de vrouwszijde" fjirde tsjûge by it houlik fan
       syn suster Aukje. Hy ûnderskreau de akte mei "Douwe F Klapper".        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Trientje Jans Meyer,
       69 jier âld en troud.
       Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Douwe Klapper, 79 jier âld
       en widner.

       út dit houlik:
         1 Fonger Douwes Klapper, berne op snein 4 febrewaris 1816 te Warkum
           (akte 13), folget ûnder IV-b.
         2 Jan Douwes Klapper, berne op moandei 18 maaie 1818 te Warkum (akte
           28), folget ûnder IV-c.
         3 Tjerk Douwes Klapper, berne op woansdei 28 juny 1820 te Warkum (akte
           61), net troud stoarn op woansdei 10 augustus 1842 dêr (akte 38).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerk, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje
           Jans Meyer.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Tjerk Douwes
           Klapper, 22 jier âld en net troud.
         4 Auke Douwes Klapper, berne op sneon 31 augustus 1822 te Warkum (akte
           77), net troud stoarn op moandei 13 jannewaris 1845 dêr (akte 4).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Auke, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje
           Jans Meyer.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Auke Douwes
           Klapper, 22 jier âld en net troud.
         5 Sytse Douwes Klapper alias Sytze Douwes, berne op tiisdei 27 maart
           1827 te Warkum (akte 36), jong stoarn op freed 16 oktober 1829 dêr
           (akte 98).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Sytse, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trientje
           Jans Meyer.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Sytze Klapper, 2
           jier âld.
         6 Sietse Douwes Klapper, berne op tiisdei 3 april 1832 te Warkum (akte
           21), lettersetter, wenjend te Warkum, net troud stoarn op freed 27
           juny 1902 dêr (akte 41).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Sietse, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje
           Jans Meyer.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Sietse Klapper,
           70 jier âld en net troud.

    IV-a Rinske Jans Klapper, berne op tongersdei 16 novimber 1809 te Warkum,
       sûnder berop 1848, wenjend te Hylpen 1848, stoarn op tiisdei 30 maaie
       1848 te Hylpen yn hûs wyk B nûmer 81 (blêd 11), dochter fan Jan Tjerks
       Klapper (III-a) en Trijntje Kornelis Haagsma.
       Yn it berteboek fan de Meniste gemeente fan Warkum wie oantekene de
       berte fan Rinske op 16 novimber 1809 yn Warkum as dochter fan Jan Tjerks
       Klapper en Tryntje Kornelis.
       Neffens in ynternet side soe yn in stik fan de taheakke fan de
       houliksakte stean dat Rinske berne wie op 16 septimber 1809.
       Rinske is troud op snein 14 novimber 1830 te Warkum (akte 25), yn 'e
       âldens fan 20 jier (1) mei Teymen Wouter Jans Boes alias Tijmen Wouter
       Jans (29 jier âld), berne op moandei 25 maaie 1801 te Amsterdam, doopt
       op woansdei 27 maaie 1801 dêr yn de Zuiderkerk (dooptsjûgen Teijmen Boes
       en Martie Boes), skipper 1825, ferver 1826, skipper 1830 en sûnder berop
       1830, wenjend te Hylpen 1830 en te Warkum 1830, stoarn op tongersdei 14
       juny 1838 te Hylpen yn hûs wyk B nûmer 81, soan fan Jan Boes en
       Petronella Geenhuijsen.
       Teymen is earder troud op snein 8 maaie 1825 te Hylpen (akte 7), yn 'e
       âldens fan 23 jier mei Jelmer Jelles Sluitenburg (likernôch 18 jier
       âld), berne om ende by 1807, stoarn op snein 21 jannewaris 1827 te
       Hylpen, dochter fan Jelle Dirks Sluitenburg en Itske Dirks.

       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Teymen Wouter
       Boes, 29 jier berne yn Amsterdam en Rinske Jans Klapper, 20 jier en
       berne yn Warkum.
       Timen wie in soan fan Jan Boes en Petronella Geenhijsen, Rinske in
       dochter fan Jan Tjerks Klapper en Trijntje Kornelis Haagsma.        
       Oanfoljende gegevens fan Timen fan de ynternet side fan Hilbrand de
       Bruijn.

       Neffens de gegevens fan de nasjonale milysje wie Timen syn sinjalemint:
       langte 1 el 6 palm en 3 streep (1.613 m.), "aangezigt" ovaal, kin rûn,
       eagen blau, noas breed, mûle "ordinair", hier en wynbrauwen ljocht,
       "merkbare tekenen geprikt op de regterarm met Ls.W.C."
       Hy hie tsien jier by de ynfantery tsjinne.
       Ek yn de taheakke fan it houlik in akte fan tastimming fan Timen syn
       âlden dy`t yn Amsterdam wennen op de Prinsengracht.        
       Neffens de akte fan ferstjerren wie Timen 37 jier, man fan Rinske Jans
       Klapper, berne yn Amsterdam dêr`t syn mem noch libbe.

       út dit houlik:
         1 Trijntje Tymens Boes alias Trijntje Teymens, berne op snein 11
           septimber 1831 te Hylpen (blêd 18), doopt te Warns (Menist),
           tsjinstboade 1857, stoarn op sneon 9 july 1910 te Balk.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Trijntje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Teymen Wouter Boes en Rinske Jans
           Klapper.
           Trijntje is troud op snein 17 maaie 1857 te Balk, yn 'e âldens fan
           25 jier (1) mei Teunis Reins Bosma (29 jier âld), berne op woansdei
           2 jannewaris 1828 te Balk, arbeider 1857, stoarn op tongersdei 2
           jannewaris 1862 te Balk, soan fan Rein Lykles Bosma (skippersfeint
           1820 en wurkman 1830/1844/1848) en Grietje Theunes Beekhof.
           Tryntsje wie tsjinstboade by meniste dûmny Gorter yn Balk.
           
           Trijntje is troud op freed 11 desimber 1863 te Balk, yn 'e âldens
           fan 32 jier (2) mei Harmen Thees Hoogterp (49 jier âld), berne op
           freed 20 maaie 1814 te Sleat, wagenaar, keapman 1863 en winkelman
           1892, wenjend te Rûgehuzen en te Balk, stoarn op tongersdei 18 juny
           1896 te Gaasterlân, soan fan Thee Feikes Hoogeterp (boer 1826) en
           Hiltje Harmens de Jong (boerinne 1826 en sûnder berop 1832).
           Harmen is earder troud op woansdei 12 febrewaris 1845 te Balk, yn 'e
           âldens fan 30 jier mei Durkjen Jans de Vries (27 jier âld), berne op
           moandei 31 maart 1817 te Wikel, stoarn op freed 2 jannewaris 1863 te
           Balk, dochter fan Jan Hendriks de Vries (húsman) en Trijntje Reitzes
           Boelsma. Durkjen is earder troud op snein 21 maaie 1837 te Balk, yn
           'e âldens fan 20 jier mei Anne Wanders Tuinier (24 jier âld), berne
           op snein 20 desimber 1812 te Balk, stoarn op tiisdei 21 jannewaris
           1840 dêr, soan fan Wander Annes Tuinier (keapman, winkelman,
           policiedienaar en fjildwachter) en Ybeltje Durks Venema (wurkster
           1824).
         2 Jan Tymens Boes alias Jan Teymens, berne op tiisdei 3 desimber 1833
           te Hylpen (blêd 21), wenjend te Hylpen 1899, stoarn op tiisdei 11
           july 1899 te Antwerpen.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jan, de nammen
           fan heit en mem skreaun as Teymen Wouter Boes en Rinske Jans
           Klapper.
           Jan wie troud mei N.N., stoarn foar tiisdei 11 july 1899.
           Jan syn ferstjerren waard ek ynskreaun yn Hylpen, dat wie op 29
           maart 1900.        
         3 Koosje Tymens Boes alias Koosje Teymens, berne op tiisdei 10 maaie
           1836 te Hylpen (blêd 11), stoarn op snein 28 desimber 1873 te
           Baarderadiel.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Koosje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Teymen Wouter Boes en "Meinske"
           Jans Klapper (soe der Reinske stean (?)).            
           Koosje is troud op moandei 13 maaie 1861 te Baarderadiel (akte 21),
           yn 'e âldens fan 25 jier mei Tjipke Feddes Hiemstra (likernôch 28
           jier âld), berne om ende by 1833 te Húns, boerefeint 1861, soan fan
           Fedde Haantjes Hiemstra en Anke Tjipkes de Vries.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Tjipke
           Feddes Hiemstra 27 jier berne yn Húns en Koosje Boes, 25 jier âld en
           berne yn Hylpen.
           Tjipke wie in soan fan Fedde Haantjes Hiemstra en Anke Tjipkes de
           Vries, Koosje in dochter fan Tymen Wouter Boes en Rinske Jans
           Klapper.
       
       Rinske is troud op snein 26 maart 1848 te Hylpen (akte 3), yn 'e âldens
       fan 38 jier (2) mei Johann Friedrich Bornemann alias Johann Friedriech,
       Johann Frederich, Johan Fredrich en Borneman (likernôch 49 jier âld),
       berne om ende by 1799 te Feggendorf -Hannover- (Dtsl.), kleanmakker
       1848, stoarn op freed 11 septimber 1857 te Hylpen (blêd 5), soan fan
       Johan Julius Bornemann en Marie Sophie Justine Taken.

       Johann is earder troud op snein 14 oktober 1827 te Hylpen (akte 10), yn
       'e âldens fan likernôch 28 jier mei Sybrig Dooyes (likernôch 43 jier
       âld), berne om ende by 1784 te Hylpen, stoarn op woansdei 19 juny 1844
       dêr (blêd 5), dochter fan Dooye Folkerts en Dieuwer Hiddes. Johann is
       letter troud op snein 23 juny 1850 te Hylpen (akte 8), yn 'e âldens fan
       likernôch 51 jier mei Berber Martens Jager (likernôch 41 jier âld),
       berne om ende by 1809 te Hylpen, stoarn op woansdei 20 july 1898 dêr
       (akte 20), dochter fan Marten Jans Jager en Feik Sybrands Feddes. Berber
       is earder troud op snein 16 maaie 1830 te Hylpen (akte 3), yn 'e âldens
       fan likernôch 21 jier mei Anne Cornelis Wijngaarden (likernôch 25 jier
       âld), berne om ende by 1805 te Hylpen, stoarn op sneon 31 desimber 1842
       dêr (blêd 1), soan fan Cornelis Abrahams Wijngaarden en Jeuwktjen
       Abrahams.

       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Johann Friedrich
       Bornemann, 49 jier en berne yn Feggendorf, Hannover, en Rinske Jans
       Klapper, 38 jier berne yn Warkum.
       Johan wie in soan fan Johan Julius Bornemann en Marie Sophie Justine
       Taken, Rinske in dochter fan Jan Tjerks Klapper en Trijntje Kornelis
       Haagsma.        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Rinske Jans Klapper,
       38 jier âld en troud.

       út dit houlik:
         4 Cornelia Johanns Bornemann, berne op woansdei 3 maaie 1848 te Hylpen
           (blêd 7), jong stoarn op tiisdei 13 juny 1848 dêr (blêd 11).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Cornelia, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Johann Friedriech Bornemann en
           Rinske Jans Klapper.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Cornelia Bornemann, fiif
           wike âld, dochter fan Johann Frederich Bornemann en Rinske Jans
           Klapper.

    IV-b Fonger Douwes Klapper, berne op snein 4 febrewaris 1816 te Warkum (akte
       13), timmerfeint 1843 en timmerman, wenjend te Warkum 1843 en te Koudum,
       stoarn op woansdei 19 desimber 1894 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde
       (akte 79), soan fan Douwe Fongers Klapper (III-d) en Trijntje Jans
       Meijer.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer.
       Der wie byskreaun dat de oanjouwer erkende de lytse Fonger syn heit te
       wêzen, it leit yn`e reden dat Douwe dus de oanjouwer wie en dat hy en
       Tryntsje mei harren houlik letter it jier Fonger wettige hawwe.
       
       Fonger is troud op woansdei 24 maaie 1843 te Warkum (akte 15), yn 'e
       âldens fan 27 jier mei Tietje Eeltjes Banning (27 jier âld), berne op
       tongersdei 20 july 1815 te Warkum (akte 70), wenjend te Koudum, stoarn
       op freed 21 septimber 1900 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte
       44), dochter fan Eeltje Hartmans Banning en Anskje Harkes Visser (sûnder
       berop 1843).
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tietje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Eeltje Hartmans Banning en Anskjen Harmens.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Fonger Douwes
       Klapper 27 jier berne yn Warkum en Tietje Eeltjes Banning, ek 27 jier en
       berne yn Warkum.
       Fonger wie in soan fan Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer,
       Tytsje in dochter fan Eeltje Hartmans Banning en Anskje Harkes Visser.
       

       Fan de famylje krige in kaartsje fan Fonger en Tietje dêr't yn
       oankundige waard: "45-jarige Echtvereeniging van FONGER D. KLAPPER en
       TIETJE E. BANNING. Koudum, 25 Mei 1888."
       
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Fonger Klapper, 78
       jier âld en troud.
       Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Tietje Banning, 84 jier âld en widdo.       
       
       út dit houlik:
         1 Trientje Fongers Klapper alias Trijntje Fongers, berne op moandei 10
           maart 1845 te Warkum (akte 22), folget ûnder V-a.
         2 Eeltje Fongers Klapper, berne op moandei 14 septimber 1846 te
           Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 85), folget ûnder V-b.
         3 Anskje Fongers Klapper, berne op woansdei 9 april 1851 te Himmelumer
           Aldefurt en Noardwâlde (akte 38), jong stoarn op freed 11 april 1851
           dêr (akte 17).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Anskje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje
           Eeltjes Banning.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Anskje Fongers
           Klapper, 2 dagen âld.
         4 Douwe Fongers Klapper, berne op moandei 7 juny 1852 te Himmelumer
           Aldefurt en Noardwâlde (akte 78), folget ûnder V-c.
         5 Stijntje Fongers Klapper, berne op snein 8 april 1855 te Himmelumer
           Aldefurt en Noardwâlde (akte 48), jong stoarn op sneon 25 oktober
           1856 dêr (akte 77).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Stijntje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje
           Eeltjes Banning.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Stijntje Fongers
           Klapper, 1 jier âld.
         6 Christiaan Fongers Klapper, berne op tongersdei 26 novimber 1857 te
           Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 141), jong stoarn op
           tongersdei 3 desimber 1857 dêr (akte 121).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Christiaan, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje
           Eeltjes Banning.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Christiaan
           Fongers Klapper, 6 dagen âld.

Wyk C 45 (Súd 42)

    IV-c Jan Douwes Klapper, berne op moandei 18 maaie 1818 te Warkum (akte 28),
       seeman en wurkman, stoarn op moandei 25 juny 1866 te Warkum,Wyk C nr. 45 (akte 56),
       soan fan Douwe Fongers Klapper (III-d) en Trijntje Jans Meijer.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jan, de nammen fan
       heit en mem skreaun as Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer.
       Jan is troud op woansdei 26 maaie 1847 te Warkum (akte 13), yn 'e âldens
       fan 29 jier (1) mei Ybeltje Sjierks van der Meulen alias Ybeltje Sjirks,
       Ibeltje Sjierks en Ybeltje Sierks (26 jier âld), berne op tiisdei 21
       novimber 1820 te Makkum (akte 250), stoarn op woansdei 10 augustus 1859
       te Warkum (akte 89), dochter fan Sjierk Siedzes van der Meulen en
       Trijntje Klazes Faber.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Ybeltje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Zierk Zieses van der Meulen en Trijntje
       Klazes Faber.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen fan it pear
       skreaun as Jan Douwes Klapper, 29 jier berne yn Warkum en Ybeltje
       Sjierks van der Meulen, 26 jier en berne yn Makkum.
       Jan wie in soan fan Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer,
       Iebeltsje in dochter fan Sjierk Siedzes van der Meulen en Trijntje
      Klazes Faber.
       
       Soan Auke hat syn libbensferhaal opskreaun en fertelt dêrby ek oer syn
       famylje. It gehiel is te finen op de side fan Warkum`s Erfskip, it liket
       dat Mark Woltering dat stik fan Auke, syn oerpake, op it ynternet set
      hat.
       Yn it earste part fertelt er ûnder oare dat syn heit seeman west hat en
       neitiid yn in stisel fabryk wurke. Syn pake en beppe fan heite kant
       wiene mitselder Douwe Klapper en Trijntje Meyer, dy hie er beide noch
       kend.
       Fan mem har kant wiene de âlden Sjirk van der Meulen, in seeman en beppe
       wie in Trijntje. Harren koe er fierder net.
       Syn heit hie as bruorren Fonger en Sietze, Fonger wie timmerman yn
      Koudum en Sietze lettersetter yn Warkum.
       Mem hie as bruorren in Klaas, kuormakker yn Warkum en Sies, timmerman yn
       Penjum.
       Mem Iebeltsje hie in krudenierswinkeltsje der by, dat hja hiene it thús
       goed. Lykwols stoar mem jong yn mei de berte fan in deaberne jonkje dat
      de namme Jan hawwe soe, mem en Jan kamen tegearre yn`e kiste.
       Heit troude op`e nij mei in Justina Hubee fan Snits. Dat wie net it
       meast lokkige houlik, styfmem rêde mei it jild. Der kaam ek noch in
       healbroer Tsjerk.
       Auke fertelt dat er de jongste wie, Douwe wie de âldste en dan kaam der
       in Sjirk. Foar Douwe hiene der noch twa jonkjes west dy`t jong
       ferstoaren.
       Letter wie Douwe yn`e lear as kûper, Sjirk as ferver en Auke sels as
       goudsmid. Mei har trijen krigen de jonges de pokken, ek heit waard siik
       en kaam te ferstjerren.
       De trije jonges kamen yn it weeshûs fan Warkum, styfmem en har soan
       rêden har.
       
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Ybeltje Sierks van
       der Meulen, 38 jier âld en troud.

       út dit houlik:
         1 Douwe Jans Klapper, berne op moandei 24 jannewaris 1848 te Warkum. Wyk C 45
           (akte 8), jong stoarn op tiisdei 8 febrewaris 1848 dêr (akte 34).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Douwe, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje
           Sjierks van der Meulen.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Douwe Jans Klapper, 14
           dagen âld.
         2 Douwe Jans Klapper, berne op snein 20 maaie 1849 te Warkum, Wyk C 45 (akte
           46), jong stoarn op tongersdei 24 maaie 1849 dêr (akte 49).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Douwe, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje
           Sjierks van der Meulen.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Douwe Jans Klapper, 4
           dagen âld.
         3 Douwe Jans Klapper, berne op woansdei 3 july 1850 te Warkum, Wyk C 45 (akte
           62), folget ûnder V-d.
         4 Sjierk Jans Klapper alias Sjirk Jans, berne op moandei 21 july 1851
           te Warkum, Wyk C 45 (akte 86), folget ûnder V-e.
         5 Auke Jans Klapper, berne op sneon 22 oktober 1853 te Warkum, Wyk C 45 (akte
           94), folget ûnder V-f.
         6 Jan Jans Klapper, berne op sneon 23 july 1859 te Warkum, Wyk C 45 (akte 52),
           jong stoarn op tongersdei 11 augustus 1859 dêr (akte 90).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jan, de nammen
           fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sierks van
           der Meulen.
           Op deselde side in akte fan ferstjerren fan Jan Jans Klapper, 18
           dagen âld.

       Jan is troud op sneon 1 febrewaris 1862 te Warkum (akte 3), yn 'e âldens
       fan 43 jier (2) mei Jikke Justina Hubertus Hubée (32 jier âld), berne op
       freed 24 april 1829 te Snits (blêd 45), stoarn op tiisdei 16 jannewaris
       1900 te Harns (akte 5), dochter fan Hubertus Hubée en Barbera Baukes de
       Vries.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Jikke Justina, de
       nammen fan heit en mem waarden skreaun as Hubertus Hubee en Barbera
       Baukes de Vries.

       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Jan Douwes
       Klapper, 43 jier berne yn Warkum en Jikke Justina Hubertus Hubée, 32
       jier berne yn Snits.
       Jan wie in soan fan Douwe Fongers Klapper en Trijntje Jans Meyer, Jikke
       in dochter fan Hubertus Hubée en Barbera Baukes de Vries.        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Jan Douwes Klapper,
       48 jier âld en troud.
       Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Jikke Justina Hubée, 70 jier âld en
       widdo.

       út dit houlik:
         7 Tjerk Jans Klapper, berne op moandei 14 april 1862 te Warkum (akte
           33).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tjerk, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Jikke
           Justina Hubertus Hubee.

     V-a Trientje Fongers Klapper alias Trijntje Fongers, berne op moandei 10
       maart 1845 te Warkum (akte 22), stoarn op tiisdei 10 maart 1891 te Snits
       (akte 61), dochter fan Fonger Douwes Klapper (IV-b) en Tietje Eeltjes
       Banning.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Trientje, de
       nammen fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje Eeljes
       Banning.
       Har dochter fan in net-bekende man:
         1 Antje Klapper, berne op tiisdei 21 juny 1870 te Himmelumer Aldefurt
           en Noardwâlde (akte 77), jong stoarn op freed 5 augustus 1870 te
           Snits (akte 156).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Antje, dêrby
           allinne mem har namme as Trijntje Fongers Klapper.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Antje Klapper, 1
           moanne âld.

       Trientje is troud op snein 23 oktober 1870 te Snits (akte 57), yn 'e
       âldens fan 25 jier (2) mei Klaas Melles Batstra (23 jier âld), berne op
       tongersdei 4 febrewaris 1847 te Snits (blêd 16), stoarn op tiisdei 25
       maart 1913 dêr (akte 32), soan fan Melle Batstra en Antje van der Goot.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Klaas, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Melle Batstra en Antje van der Goot.        

       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Klaas Batstra en
       Trientje Klapper.
      Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Trijntje Klapper, 46 jier âld en
      troud.

      Klaas is letter troud op snein 18 novimber 1894 te Snits (akte 69), yn
       'e âldens fan 47 jier mei (en skieden op tiisdei 24 maart 1903 te Snits
       (akte 12) fan) Gerritje Jans Kampen (42 jier âld), berne op sneon 24
       april 1852 te Doanjewerstal (blêd 20), stoarn op sneon 7 jannewaris 1933
       te Snits (akte 4), dochter fan Jan Geerts Kampen en Dirkje Gerrits van
       der Veen. Gerritje is letter troud op sneon 8 novimber 1913 te Snits
       (akte 97), yn 'e âldens fan 61 jier mei Sytze Adema.      
       

       út dit houlik:
         2 Tytje Klazes Batstra, berne op freed 15 septimber 1871 te Snits
           (akte 234).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tytje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Batstra en Trientje Klapper.
         3 Antje Klazes Batstra, berne op sneon 24 jannewaris 1874 te Snits
           (akte 23).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Antje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Batstra en Trijntje Klapper.
         4 Melle Klazes Batstra, berne op freed 24 maart 1876 te Snits (akte
           84).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Melle, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Batstra en Trijntje Klapper.
         5 Fongertje Klazes Batstra, berne op woansdei 23 oktober 1878 te Snits
           (akte 308).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fongertje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Batstra en Trijntje Klapper.
         6 Fonger Klazes Batstra, berne op woansdei 6 oktober 1880 te Snits
           (akte 296).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Fonger, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Batstra en Trijntje Klapper.
         7 Geeske Klazes Batstra, berne op moandei 4 febrewaris 1884 te Snits
           (akte 27).

     V-b Eeltje Fongers Klapper, berne op moandei 14 septimber 1846 te Himmelumer
       Aldefurt en Noardwâlde (akte 85), timmerman, timmerfeint 1887,
       timmermansfeint 1890 en timmerfeint 1896/1899/1918, wenjend te Koudum
       1887/1896/1899, stoarn op moandei 30 juny 1930 te Himmelumer Aldefurt en
       Noardwâlde (akte 35), soan fan Fonger Douwes Klapper (IV-b) en Tietje
       Eeltjes Banning.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Eeltje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje Eeltjes
       Banning.
       Eeltje is troud op freed 18 maaie 1883, yn 'e âldens fan 36 jier mei
       Aukje Klazes Kuiper (26 jier âld), berne op moandei 12 jannewaris 1857
       te Wûnzeradiel (blêd 10), tsjinstfaam 1883, wenjend te Koudum, stoarn op
       moandei 30 novimber 1936 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 48),
       dochter fan Klaas Pieters Kuiper en Eelkje Douwes de Jong.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Aukje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Klaas Pieters Kuiper en Eelkje Douwes de
       Jong.

       Boekje Sipke Feenstra "Koudum yn myn bernejierren", side 101:
       "Douwe Molenaar hat ek noch krapoan fiifentweintich jier kommisjelid
       west fan'e Wurkferskaffing. Dy wurkferskaffing bestie doe yn it sykjen
      en opgraven fan balstiennen. Dy waarden dan op`e wâl ôflevere en by de
       kubike jelne betelle en dan moasten dy hurde dingen sa fyn slein wurde
       dat hja op`e grintwei brûkt wurde koene.
       De wurkleazens wie doe grut, slim grut. Der wie mei dit stiensykjen net
       in grut kaptaal te winnen. Ik haw wol ris heard, as in hiele húshâlding
       der in wike om yn`t spier wie en hja koene it op in kroan bringe, dan
       gyn it bêst.
       En mei dat stikken slaan wie it net in soad better. Dat wie dan allinne
       manljuswurk. Elk moast foar syn eigen ark lykas mokers en sa soargje.
       Ik wit noch klear dat Eeltsje en Douwe Klapper, twa bruorren en bêste
       timmerfeinten, der ek in winter mei dwaande wiene om't der nearne oars
       wurk foar harren wie te finen. Hja diene tegearre harren úterste bêst en
       as hja dan sneons elk fjirdel gûne barre koenen, dan gyng it net min.
       


      It timmerfak fan syn foarâlden wie by Eeltsje sa`t bliken docht noch
      aloan yn eare en lykas broer Douwe mei de kwalifikaasje bêst. In foto
      fan it timmerfolk by de bou fan de Kristlike skoalle fan Koudum, opdruk
      “Atelier Rijpma Workum”. Alheel links (mei it krúske der ûnder) Eeltsje
      Klapper.
    


       Lykas Eeltsje syn âlden mochten hy en de frou harren 45 jierrich houlik belibje, eat dêr`t de neiteam yn`e krante kundskip fan die:
       "Den 18 Mei hopen onze geliefde ouders, EELTJE F. KLAPPER en AUKJE K.
       KUIPER hunne 45-jarige Echtvereeniging te gedenken. Koudum, Mei '28.
       Hunne dankbare Kinderen, Behuwd- en Kleinkinderen (Geen receptie)."


          
    Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Eeltje Klapper, 83
       jier âld en troud. Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Aukje Kuiper, 79
       jier âld en widdo.
      
       út dit houlik:
         1 Fonger Eeltjes Klapper, berne op moandei 21 april 1884 te Koudum
           middeis 1 oere, folget ûnder VI-a.
         2 Klaas Eeltjes Klapper, berne op moandei 24 jannewaris 1887 te Koudum
           moarns 4 oere, timmerman en weinmakker, wenjend te Koudum, stoarn op
           woansdei 13 novimber 1918 dêr.

           Ut de lettere houlikstaheakken docht net bliken oft Klaas yn tsjinst
        west hie en dat is net neigien, mar om`t der yn alle gefallen twa
        foto's fan syn tsjinsttiid oerlevere binne, hat dat al sa west.

     
     
        Beide foto's moatte Klaas foarstelle en dat sil dan ynhâlde dat de
earste nei alle gedachten nommen is koart nei it yn tsjinst kommen en de twadde oan`e ein. Boppedat liket der wiksele te wêzen fan ûnderdiel. De earste foto wie nommen yn Den Haag of Utrecht en de twadde yn Amersfoort. In tredde foto komt tichter by hûs wei, makke yn Snits, in “fergrutte” pasfoto.
           Klaas is troud op sneon 17 maaie 1913 te Balk (akte 17), yn 'e
           âldens fan 26 jier mei Grietje Lijkeles Pietersma (21 jier âld),
           berne op freed 29 jannewaris 1892 te Balk jûns alve oere, sûnder
           berop 1913/1920, wenjend te Balk -1913, te Koudum 1913-1918, te Balk
           1918-1920, te Ychten 1920-1927 en te Snits 1927-1964, stoarn op
           freed 24 jannewaris 1964 te Snits, begroeven te Harich, dochter fan
           Lykele Tjeerds Pietersma (wurkman en arbeider) en Aukjen Jaaitjes
           Dijkstra (sûnder berop 1877).

           Grytsje wie de jongste fan`e sân bern fan Lykle en Aukje. Ien jonge
        wie der en no op`e nij in famke. Hja sil genôch memmen hân ha om op
          har te pasjen.
Oant har houlik yn 1913 bleau hja by heit en mem yn te wenjen, alteast neffens it befolkingsregister fan Gaasterlân.



          Yn dat lêst neamde jier waard hja 21 en kaam hja by gelegenheid
        fan'e ûnôfhinklikheidsfeesten yn Balk op`e foto. De Balkster krante
        drukte doe tal foto's ôf. Op`e foto mei in kloft minsken en it
        muzykkorps Concordia fan Balk stiet Grytsje rjochts foaroan mei in
        grutte hoed op, in wite bloeze en in swarte rok oan. Hja hat har hân
        op it skouder fan in famke midden op`e foargrûn dat liket te sitten
        op in stoel. Dat famke is Murkje Reuhman en hja is lykas in tal oare
        famkes klaaid yn in soarte fan unifoarm. Dat wie it "costuum van de
        kookschool", mooglik in foarrinder fan`e húshâldskoalle.
        Hja hiene harsels de moarns op in wein al foarsteld en krekt foar't
        de foto makke waard, meidien oan`e stuolledûns dy`t wûn waard troch
        de neamde Murkje. Grytsje hie dêr op de ien as de oare manier mei te
        meitsjen hân.
        Fan it publyk binne eins fierder gjin nammen mear oerlevere. Links
        yn it midden stiet de foarsitter fan'e feestkommisje mei in hege
        swarte hoed op, dat wie de hear N.R.Kuperus, de direkteur fan it
        suvelfabryk yn Harich. De jonge mei papieren "steek" fuort foar him
        op`e hichte fan it rjochter skouder is Douwe Miedema. Fan ien fan'e
        muzikanten is de namme Gosse Plantinga bekend, neist it findel de
        twadde man mei in sturtsje oan`e feesthoed en in trompet yn`e hân.
        Fierders nei alle gedachten nammen fan minsken fan'e neamde
        feestkommisje, yn elts gefal de sekretaris nammentlik de man rjochts
        foar, de hear F.D.Hoekstra, de útjouwer fan Balkster krante.
        De oaren soene wêze kinne de fjouwer manlju mei swarte bolhuodden op
        nammentlik links fan Kuperus Peter de Vries, dan ûnder it findel
        Hettinga, dan midden achter Klaas van Hout de lettere
        gemeentesiktaris en as lêste lyk boppe de hoed fan Grytsje Jacobus
        Hoekstra mei de bleate holle om't hy mei syn bolhoed yn`e linker hân
        stiet te swaaien.

        Op 4 juny 1913 wurdt Grytsje yn it neamde befolkingsregister
        útskreaun nei Koudum.
           It befolkingsregister fan HAN 1900-1916 jout oan dat Klaas it hûs út
           giet nei it adres B92 en dan nei Aldegea nûmer 33. Dêrnei komt er
           werom yn Koudum op C63 en dat wurdt letter C67. Grytsje wennet dan
           by him.
           It befolkingsregister fan HAN 1920(1916)-1940 jout oan dat Klaas en
           Grytsje noch wenje yn Koudum op nûmer C67.
           Dochter Aukje út Grytsje har twadde houlik fertelt dat hja har sein
        hie dat Klaas krekt wer wat op`e lappen wie nei't hy in
        longûntstekking hân hie. Doe krige er dêrby de Spaanske gryp dy't
        rûnom yn Fryslân in protte slachtoffers makke. Klaas wie oan dy gryp
        stoarn. Ek is der sprake fan it feit dat Klaas earst TBC hân hie.
           Hy wie timmerman en hja hiene in weinmakkerij dy't yn Aldegea west
        hawwe soe. De weinmakkerij soe yn in grutte boereskuorre west ha.
           As Klaas komt te ferstjerren wurdt der sein dat hy sûnder berop wie.
           Hy sil sa lang siik west ha dat er syn wurk der oan jaan moatten
           hie.
           Nei syn ferstjerren wurdt Grytsje, fiif dagen letter al, op 18
           novimber 1918 oerskreaun nei Balk. Dêr komt hja wer by har âlden yn.
           Op 30 desimber 1920 wurdt hja dêrwei wer útskreaun nei Ychten.

           Grietje is letter troud op tongersdei 30 desimber 1920 te Balk akte
           56, yn 'e âldens fan 28 jier mei Tiemen Gerbens de Vries (41 jier
           âld), berne op freed 26 desimber 1879 te Ychten middeis twa oere,
           skipper, wenjend te Ychten, te Snits en te 's Gravenhage, stoarn op
           snein 5 novimber 1944 te Boalsert moarns healwei tsienen, begroeven
           dêr, soan fan Gerben Tjammes de Vries (boerefeint 1870/1875,
           arbeider 1879 en skipper 1887) en Sara Thiemens Vos (tsjinstfaam
           1875). Tiemen is earder troud op freed 20 maaie 1904 De Lemmer akte
           22, yn 'e âldens fan 24 jier mei Grietje Werkman (19 jier âld),
           berne op moandei 4 augustus 1884 te Ychten, tsjinstfaam 1904,
           wenjend te Ychten 1904, stoarn op freed 2 jannewaris 1920 te
           Groningen, begroeven dêr, dochter fan N.N. en Geeske Werkman (sûnder
           berop 1904).
       
         3 Tietje Eeltjes Klapper, berne op tongersdei 27 novimber 1890 te
           Koudum moarns 3 oere, folget ûnder VI-b.
         4 Eelkje Eeltjes Klapper, berne op woansdei 18 novimber 1896 te Koudum
           jûns 11 oere, folget ûnder VI-c.
         5 Douwe Pieter Eeltjes Klapper, berne op freed 3 maart 1899 te Koudum
           moarns sân oere, folget ûnder VI-d.

     V-c Douwe Fongers Klapper, berne op moandei 7 juny 1852 te Himmelumer
       Aldefurt en Noardwâlde (akte 78), timmerfeint 1885, wenjend te Koudum
       1885, stoarn op sneon 15 jannewaris 1910, soan fan Fonger Douwes Klapper
       (IV-b) en Tietje Eeltjes Banning.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Douwe, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Fonger Douwes Klapper en Tietje Eeltjes
       Banning.
       Douwe is troud op sneon 25 juny 1881 te Koudum (akte 20), yn 'e âldens
       fan 29 jier (1) mei Aafke Daniëls de Jong (30 jier âld), berne op
       moandei 5 augustus 1850 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 88)
       (akte 88), stoarn op moandei 10 oktober 1892, dochter fan Daniël Doedes
       de Jong en Wieb Jantjes Valk.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Aafke, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Daniël Doedes de Jong en Wieb Jantjes Valk.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Douwe Klapper en
       Aafke de Jong.
       
       De namme Douwe Klapper stiet by de nammen fan'e minsken dy't rêden
       waarden mei de stoomboat ramp op`e Fluezen yn`e jûn fan 30 jannewaris
       1877.        
       Yn 1877 wurdt der yn Koudum by notaris H.J. de Carpentier in keapakte
       opmakke oangeande de ferkeap fan "vastigheden" foar in bedrach fan 425
       gûne. De ferkeaper wie Siebren Durks Vermeulen en de keaper Douwe
       Klapper, beide fan Koudum. Ien en oar te finen tagong 26,
       ynventarisnûmer 72057, repertoire nûmer 52 fan 21 maaie 1877.
      Douwe syn namme wurdt ek neamd yn it boekje fan Sipke Feenstra "Koudum
      yn myn bernejierren, side 101, sjoch by broer Eeltsje.

       út dit houlik:
         1 Tietje Douwes Klapper, berne op woansdei 17 maaie 1882 te Himmelumer
           Aldefurt en Noardwâlde (akte 73), stoarn op tongersdei 10 july 1924
           dêr (akte 38).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Tietje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Klapper en Aafke de Jong.            
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Tietje Klapper,
           42 jier âld.
         2 Daniël Douwes Klapper, berne op snein 16 augustus 1885 te Koudum
           jûns 9 oere, jong stoarn op woansdei 15 april 1891 te Himmelumer
           Aldefurt en Noardwâlde (akte 39).
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Daniël Klapper,
           fiif jier âld.

       Douwe is troud op freed 1 juny 1894 te Koudum (akte 29), yn 'e âldens
       fan 41 jier (2) mei Hinke Jans de Jong (48 jier âld), berne op freed 27
       juny 1845 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 48), stoarn op
       sneon 18 desimber 1915 dêr (akte 58), dochter fan Jan Jacobs de Jong en
       Ittje Sybrens de Groot.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Hinke, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Jan Jacobs de Jong en Ittje Sybrens de Groot.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen skreaun as Douwe
       Klapper en Hinke de Jong.        
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Douwe Klapper, 57
       jier âld en troud. Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Hinke de Jong, 70
       jier âld en widdo.

     V-d Douwe Jans Klapper, berne op woansdei 3 july 1850 te Warkum (akte 62),
       kûpersfeint, stoarn op woansdei 3 augustus 1898 te Hylpen (akte 22),
       soan fan Jan Douwes Klapper (IV-c) en Ybeltje Sjierks van der Meulen.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Douwe, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sjierks van der
       Meulen.
       Douwe is troud op sneon 6 maaie 1882 te Warkum (akte 9), yn 'e âldens
       fan 31 jier mei Hinke Doedes Simonides (32 jier âld), berne op tiisdei
       29 maaie 1849 te Penjum (blêd 86), stoarn op freed 8 maaie 1914 te
       Eastdongeradiel (akte 38), dochter fan Doede Hessels Simonides en
       Engeltje Albarta Sakes Kooistra.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Hinke, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Doede Hessels Simonides en Engeltje Albarta
       Sakes Kooistra.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Douwe Klapper,
       31 jier berne yn Warkum en Hinke Simonides, 32 jier berne yn Penjum.
       Douwe wie in soan fan Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sjierks van der
       Meulen, Hinke in dochter fan Doede Hessels Simonides en Engeltje Albarta
       Sakes Kooistra.
       
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Douwe Klapper, 48
       jier âld en troud. Dêr ek in akte fan ferstjerren fan Hinke Doedes
      Simonides, 64 jier âld en widdo.

       út dit houlik:
         1 Ybeltje Douwes Klapper, berne op tongersdei 20 febrewaris 1890 te
           Hylpen (akte 7), stoarn nei tongersdei 18 septimber 1930.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Ybeltje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Douwe Klapper en Hinke Simonides.
           Ybeltje is troud op sneon 18 maaie 1918 te Eastdongeradiel (akte
           30), yn 'e âldens fan 28 jier mei Oenze Klazes Brouwer (44 jier
           âld), berne op moandei 2 febrewaris 1874 te Eastdongeradiel (blêd
           7), stoarn op tongersdei 18 septimber 1930 dêr (akte 62), soan fan
           Klaas Brouwer en Klaaske Jacobs Plantenga.
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Oenze, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Klaas Brouwer en Klaaske Jacobs
           Plantenga, wenjend yn Mitselwier.
           Der wie byskreaun dat heit ferstoarn wie op 6 juny 1873.
           Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Oenze
           Brouwer en Ybeltje Klapper.
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Oenze Brouwer, 56
           jier âld en troud.
       

     V-e Sjierk Jans Klapper alias Sjirk Jans, berne op moandei 21 july 1851 te
       Warkum (akte 86), ferversfeint, soan fan Jan Douwes Klapper (IV-c) en
       Ybeltje Sjierks van der Meulen.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Sjierk, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sjierks van der
       Meulen.
       Sjierk is troud op sneon 29 maaie 1880 te Ljouwerteradiel (akte 65), yn
       'e âldens fan 28 jier mei Antje Jacobs Kingma (likernôch 27 jier âld),
       berne om ende by 1853 te Stiens, dochter fan Jacob Jans Kingma en Ankje
       Siedzes Ynema.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen skreaun as
       Sjierk Jans Klapper, 28 jier berne yn Warkum en Antje Jacobs Kingma, 26
       jier âld en berne yn Stiens.
       Sjirk wie in soan fan Jan Douwes Klapper en Ibeltje Sjierks van der
       Meulen, Antsje in dochter fan Jacob Jans Kingma en Ankje Siedzes Ynema.
       
       út dit houlik:
         1 Ankje Sjierks Klapper, berne op woansdei 4 maaie 1881 te Stiens
           (akte 123), folget ûnder VI-e.

     V-f Auke Jans Klapper, berne op sneon 22 oktober 1853 te Warkum (akte 94),
       goudsmidsfeint, soan fan Jan Douwes Klapper (IV-c) en Ybeltje Sjierks
       van der Meulen.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Auke, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Jan Douwes Klapper en Ybeltje Sjierks van der
       Meulen.
       Auke is troud op tiisdei 23 maart 1886 te Ubbergen, yn 'e âldens fan 32
       jier mei Geertrui Vierboom alias Geertruida (20 jier âld), berne op
       freed 16 febrewaris 1866 te Ubbergen, dochter fan Henricus Vierboom en
       Helena Kroes.
       Gegevens fan Auke syn houlik fan in ynternet side. Hy skreau syn eigen
       libbensferhaal:
       Aantekeningen en nauwkeurige beschrijvingen mijner levensloop,       
       successievelijk opgeschreven uit dagelijksche notitie's.


       út dit houlik:
         1 Helena Aukes Klapper, berne op sneon 8 septimber 1888 te
           Eastdongeradiel (akte 142).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Helena, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Auke Klapper en Geertruida
           Vierboom.

    VI-a Fonger Eeltjes Klapper, berne op moandei 21 april 1884 te Koudum middeis
       1 oere, timmerman 1908 en kûper, wenjend te Nijlân 1908 en te Snits
       1920, stoarn op moandei 5 july 1920 te Frjentsjer (akte 72, Snits akte
       123), soan fan Eeltje Fongers Klapper (V-b) en Aukje Klazes Kuiper.
       Fonger is troud op sneon 5 desimber 1908 te Snits (akte 83), yn 'e
       âldens fan 24 jier mei Leentje Jans Kamminga (19 jier âld), berne op
       woansdei 12 juny 1889 te Burgum (akte 193), tsjinstboade 1908, wenjend
       te Snits 1908, dochter fan Jan Pieters Kamminga (stjoerman) en Baudina
       Aukes de Haan (sûnder berop 1908).
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Leentje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Jan Pieters Kamminga en Baudina Aukes de
       Haan.
       By harren houlik stiet skreaun dat Fonger de lêste 6 moanne "mede" te
       Koudum wenne.
       Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan Fonger Klapper, 36
       jier âld yn Frjentsjer, Fonger wenne yn Snits.

       út dit houlik:
         1 Baudina Klapper, berne op freed 5 maart 1909, folget ûnder VII-a.
         2 Eeltje Klapper alias Eli, berne op sneon 16 septimber 1911, folget
           ûnder VII-b.

      Leentje is letter troud op sneon 13 augustus 1921 te Snits (akte 99), yn
       'e âldens fan 32 jier mei Richold Jans Hilverda (28 jier âld), berne op
       sneon 27 maaie 1893 te Snits (akte 150), soan fan Jan Hilverda en
       Hendrikje van der Wal.

    VI-b Tietje Eeltjes Klapper, berne op tongersdei 27 novimber 1890 te Koudum
       moarns 3 oere, stoarn op moandei 19 juny 1950 dêr, begroeven dêr,
       dochter fan Eeltje Fongers Klapper (V-b) en Aukje Klazes Kuiper.
       Har heit docht oanjefte berte en de amtner skriuwt dat hja berne is "te
       zijnen huize". Op har grêfstien stiet dat har bertedatum 28 novimber
       wie.
       Tietje is troud op freed 30 april 1909 te Koudum (akte 6), yn 'e âldens
       fan 18 jier mei Jacob Geerts Muizelaar (19 jier âld), berne op woansdei
       10 july 1889 te Himmelumer Aldefurt en Noardwâlde (akte 85), wenjend te
       Koudum 1936, stoarn op sneon 9 oktober 1976, begroeven te Koudum, soan
       fan Geert Idzes Muizelaar (arbeider 1909) en Jantje Reins Feenstra.
       Sjoch side 119 boekje Muizelaar.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Jacob Muizelaar
       en Tietje Klapper.
       
       út dit houlik neiteam Muizelaar.          

    VI-c Eelkje Eeltjes Klapper, berne op woansdei 18 novimber 1896 te Koudum
       jûns 11 oere, sûnder berop 1918, stoarn op sneon 10 oktober 1981 te
       Koudum, begroeven op woansdei 14 oktober 1981 te Warkum, dochter fan
       Eeltje Fongers Klapper (V-b) en Aukje Klazes Kuiper.
       Eelkje en Douwe hiene 9 bern
       Eelkje is troud op tongersdei 21 febrewaris 1918 te Koudum (akte 2), yn
       'e âldens fan 21 jier mei Douwe Bernardus Tjerkstra (23 jier âld), berne
       op freed 29 juny 1894 te Nijegea HAN (akte 68), skippersfeint 1918 en
       skipper, wenjend te It Heidenskip 1918/1936, stoarn op sneon 13 augustus
       1966, soan fan Bernardus Willems Tjerkstra (skipper) en Hinke Dijkstra.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Douwe, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Bernardus Tjerkstra en Hinke Dijkstra.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Douwe Tjerkstra
       en Eelkje Klapper.
       
       Yn it fotoboek "Fan Galama oant ..." op side 355 in foto fan twa
       skûtsjes yn`e feart by It Heidenskip. Dêrby de tekst:
       "Foarste skip fan Douwe Tjerkstra; derefter dat fan Keimpe v.d. Meulen.
       Douwe Tjerkstra socht dit plak altiden op as syn frou yn`e kream moast
       (njoggen kear). De baker wie hjir flakbij. Dat wie Anne Janke of
       Pieter`s Jikke".
       Dan in foto fan skipper Douwe Tjerkstra (1894-1967) en in foto fan
       skipper Willem Tjerkstra (1892-1970) mei de tekst: "Yn it earst oan
       hawwe de beide bruorren op ien skip fearn, mar letter hienen se beide in
       skip".        
       Douwe die mei oan it skûtsjesilen en hat in tal wedstriden wûn.
       
       út dit houlik neiteam Tjerkstra.           

Douwe Pieter Eeltjes Klapper

    VI-d Douwe Pieter Eeltjes Klapper, berne op freed 3 maart 1899 te Koudum
       moarns sân oere, postboade, wenjend te Koudum, stoarn op snein 15 juny
       1958 dêr, soan fan Eeltje Fongers Klapper (V-b) en Aukje Klazes Kuiper.       
       
       Douwe is troud op moandei 5 juny 1939 te Snits, yn 'e âldens fan 40 jier
       mei Lolkje Durks Noorderwerf (33 jier âld), berne op moandei 16 oktober
       1905 te Snits, stoarn op freed 13 febrewaris 1987 te Koudum, dochter fan
       Durk Minses Noorderwerf en Baukje Jans Venema.
      Douwe en Lolkje wennen oan`e Pottebuert.
      Op de net al te skerpe foto Douwe op`e fyts sa`t in protte Koudumers him
      koene.

       Kranteknipsel flak foar 4 desimber 1957.
       
D. KLAPPER 40 JAAR BIJ DE POSTERIJEN.

KOUDUM. Woensdag 4 december a.s. zal het veertig jaar geleden zijn, dat D. Klapper te Koudum als besteller bij de posterijen in dienst trad.
Sedert 4 december 1917 heeft hij heel wat kilo's post, dikwijls onder moeilijke weersomstandigheden, dag in dag uit, ja jaar in jaar uit bij de Koudumers bezorgd. En al die tijd heeft hij de naam van de post van betrouwbaarheid en accuratesse hoog gehouden. Wanneer de meeste Koudumers nog in hun bed liggen, was hij met een collega al onderweg om de post van de trein (station Koudum - Molkwerum) te halen.

Van die treinreizen, vooral in de winter bij gladde en besneeuwde wegen, weet Klapper heel wat te vertellen. Eenmaal, het was in de barre winter van 1943, gierden de sneeuwstormen zo erg, dat hij op weg naar het station verdwaald geraakte. Later bleek, dat hij op het erf van boer Folkertsma terecht was gekomen, maar onmogelijk de weg terug kon vinden. Die morgen heeft hij bijna twee uren nodig gehad om bij het station te komen.
       
Overigens kon Klapper heel wat torsen. Het leek soms, dat hij het meeste plezier had, wanneer hij als het ware schuil ging achter de hoogopgestapelde postzakken. In het laatst van de bezetting, toen de treinen niet meer reden moest de post van Workum worden gehaald, soms per slede.

De Hooimeer is altijd voor het bestellen, vooral in de herfst en winter, een zware opgaaf geweest, omdat daar het water soms moeilijk buiten de laarzen is te houden.

In al deze veertig jaren heeft Klapper wegens ziekte, eenmaal zes weken wegens griep, zijn dienst niet kunnen waarnemen, terwijl zijn gezondheid voor die tijd dikwijls te wensen overliet. Hij moest nog achttien jaar worden, toen hem de brieventas om de schouders werd gehangen. Thans is Klapper 56 jaar en denkt nog niet aan ophouden. Al deze jaren is de jubilaris Koudum trouw gebleven en heeft hij ook steeds in dezelfde woning gewoond. In 1940 kreeg hij een vaste aanstelling. Met genoegen denkt hij nog terug aan zijn oud-collega's wijlen G. Koopmans, waarmede hij 22 jaren heeft gelopen en aan J. Hoekstra. Drie kantoorhouders heeft hij versleten. Ongetwijfeld zal het "Douwe Post" zo wordt hij algemeen in de volksmond genoemd, woensdag niet aan belangstelling ontbreken.



       
       In stikje út`e krante mei Douwe syn ferstjerren:

Postbesteller Douwe P. Klapper overleden.
       
KOUDUM. Een onzer meest bekende bestellers bij de P.T.T. te Koudum, de heer D. Klapper, werd vrij onverwacht door de dood weggerukt en midden uit zijn werk als 't ware opgeroepen, want in de eerste dagen van de vorige week deed hij nog gewoon dienst.

De heer Klapper heeft meer dan 40 jaar zeer intens het leven onzer burgerij kunnen nagaan in blijde en droeve dagen. Zijn gehele diensttijd bracht hij in Koudum door, eerst als hulpbesteller, daarna als besteller en de laatste jaren als besteller 1e klas.

Het vorige jaar mocht hij onder grote belangstelling van autoriteiten, collega's en burgerij zijn 40-jarig ambtsjubileum vieren en kon hij daarbij ervaren hoe men zijn jarenlange trouwe arbeid in dienst der gemeenschap wist te waarderen. Wie zou toen vermoed hebben dat deze altijd zo gezonde man zo plotseling uit het leven zou worden weggerukt. Velen zullen Douwe "Post" in hun geheugen bewaren met z'n tas over de schouder en de handvol brieven. Het ging ons tenminste zo, als wij Douwe gewoon zagen wandelen, dan misten we iets, net of was hij niet compleet; zo was hij voor ons met de P.T.T. saamgegroeid en velen zullen het ook zo aanvoelen.

Het  "Momento Mori" spreekt weer een duidelijke taal! Zijn vrouw en dochter blijven treurend achter, maar ook zijn collega's, oud-collega's, vrienden en burgerij met wie hij dagelijks omging. Dat hij ruste in Vrede!   
    

       út dit houlik:
         1 Baukje Klapper, berne yn Koudum.
           Baukje is troud mei Jan van der Brug.

    VI-e Ankje Sjierks Klapper, berne op woansdei 4 maaie 1881 te Stiens (akte
       123), dochter fan Sjierk Jans Klapper (V-e) en Antje Jacobs Kingma.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Ankje, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Sjierk Jans Klapper en Antje Jacobs Kingma.
       Ankje is troud op sneon 27 july 1901 te Ljouwerteradiel (akte 60), yn 'e
       âldens fan 20 jier mei Uilke Dirks Stinne (20 jier âld), berne op freed
       18 febrewaris 1881 te Stiens (akte 33), soan fan Dirk Johannes Stinne en
       Henderica Gerrits van der Wolf.
       Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Uilke, de nammen
       fan heit en mem skreaun as Dirk Johannes Stinne en Henderica Gerrits van
       der Wolf.
       Neffens de side fan Tresoar yn de houliksakte de nammen Uilke Stinne, 20
       jier berne yn Stiens en Ankje Klapper, ek 20 jier âld en berne yn
       Stiens.
       Uilke wie in soan fan Dirk Johannes Stinne en Henderica Gerrits van der
       Wolf en Ankje in dochter fan Sjierk Jans Klapper en Antje Jacobs Kingma.
       út dit houlik:
         1 Antje Stinne, berne op snein 26 jannewaris 1902 te Ljouwerteradiel
           (akte 19).
           Neffens de side fan Tresoar yn de berte akte de namme Antje, de
           nammen fan heit en mem skreaun as Uilke Stinne en Ankje Klapper.
         2 Deaberne soan, berne op sneon 3 jannewaris 1903 te Ljouwerteradiel,
           stoarn op sneon 3 jannewaris 1903 dêr (akte 3).
           Op de side fan Tresoar in akte fan ferstjerren fan in deaberne
           jonkje fan Uilke Stinne en Ankje Klapper.

   VII-a Baudina Klapper, berne op freed 5 maart 1909, dochter fan Fonger Eeltjes
       Klapper (VI-a) en Leentje Jans Kamminga.
       Baudina wie troud mei Auke Wagenmakers, berne op freed 6 augustus 1909.

       út dit houlik Wagenmakers neiteam.

   VII-b Eeltje Klapper alias Eli, berne op sneon 16 septimber 1911, wenjend te
       Rotterdam, soan fan Fonger Eeltjes Klapper (VI-a) en Leentje Jans
       Kamminga.
       Eeltje wie troud mei Trynke Mulder, wenjend te Rotterdam, stoarn foar
       1997, dochter fan Jan Mulder en An Johannes Bakker.
       Eli wie al mei in jier as 9 nei Rotterdam gien.
       
       út dit houlik:
         1 An Klapper.
           An is troud mei Klaas Oranje.


Dit oersjoch waard makke troch:
Sibbele Postma, De Sânpelsen 20, 8651 BT Drylts, e-mail sibbelepostma@home.nl