Toponimen om "Tomas Hof" hinne
Merk 4
8711 CL Workum / Warkum
tel. 0515 - 54 12 31




Toponimen om “Tomas hof” hinne


A.
 “Thomas Jelles Hoff” (1728), ”Tomas Hof”(1769-no)
Thomas Jelles Hinlopen komt sûnt 1665 yn Warkum foar as grûnbesitter en oandielhâlder yn ferskate saten. Dizze Hylper wie ryk wurden yn de houthandel. Tusken 1675 en 1681 hat hy in sate kocht yn Igleburren, dy't oant hjoed-de-dei ta bekend stiet as Thomashof. Yn 1708/1713 is er stoarn. De bern Goyke, Dirk en Hester erve de 81 pm grutte sate. Yn 1802 keapet in sekere Geale Ysbrands (Galema) 30 pm lân út de sate wei sadat “Tomas Hof”dat jier 49 pm grut is.
B De Burrefeart; de Igleburrefeart
De namme komt fan de útbuorren Igleburren (1585: Iglebuieren; 1700: Yglebuyren). Igleburren lei op in terp: “terplant aen Iglebuyrewarren”.  “Igle” is in foarnamme.
C De Horsea
D De Ykingensleat (1497); de Eeckensleat (1626); ”de Eijkensloot”(1757 de Ikesleat (1779); de Ikefeart (1779).
Oer dizze feart lei in brechje mei de namme: “'t Eeckenholt”(1626)
Neffens Berend de Zwart hawwe yn de Ikefeart noch lang peallen stien fan in hout ( in brede planke oer de feart). Dat brechje siet ter hichte fan de foargevel fan de pleats. Tidens de ruilferkaveling binne de peallen ferdwûn.
E It Syltsje
In rûn opmitsele dûker ûnder de Ald Dyk troch. Yn tiden fan need koe dizze dûker mei doarren ôfsletten wurde. Simmerdeis sieten hjir in soad sweltsjes yn.
1 de Finne
2 de Sâne
3 de Five
4 de Seize
5 de Twadde Seize
6 de Elve
7 de Njoggene
8 de Tolve
9 de Tolve
10 de Sâne
11 de Achte

de Igleburrefeart, mei lofts de betonmole "de Engel" en rjochts "Tomas Hof"
de foto is ±1890 makke
efter op de foto stiet: "Genomen door Hendrik Glastra. Eerevoorzitter Vereen. Oud. Workumers."